Springe nei ynhâld

Ard rí

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Hege kening fan Ierlân)
De Heuvel fan Tara, dêr't de hege keningen fan Ierlân tradisjoneel ynhuldige waarden.

Ard rí of ard rí na hÉireann wie yn 'e Midsiuwen de titel fan 'e hege keningen fan Ierlân. Guont dêrfan wiene histoaryske persoanen, wylst oaren legindaryske figueren wiene. De bekendste histoaryske ard rí wie Brian Boru (eins: Briain mac Cennédig) dy't regearre fan 1002 oant 1014, doe't er omkaam yn 'e Slach by Clontarf tsjin 'e Wytsingen. De meast ferneamde legindaryske ard rí wie de god Lugh, dy't fan 1870 oant 1830 f.Kr. of fan 1447 oant 1407 f.Kr. regearre hawwe soe.

De Midsiuwske en ier-moderne Ierske literatuer sketst in byld fan in frijwol ûnbrutsen line fan ard rí dy't tûzenen jierren tebek yn 'e tiid giet. Dêrby soene se fan 'e Heuvel fan Tara ôf oer hiel Ierlân en in hierargy fan mindere keningen hearske hawwe. Hjoeddeistige histoarisy beskôgje dat as in keunstmjittige konstruksje, dy't yn 'e achtste iuw gearstald is út 'e geneälogyske tradysjes fan ferskate polityk wichtige famyljes, dy't dêrmei de status quo rjochtfeardigje woene troch dy oant yn it fiere ferline te projektearjen.

Men is sadwaande fan betinken dat it hege keningskip fan Ierlân wierskynlik net fierder yn 'e tiid weromgiet as oant yn 'e sânde iuw. Dêrby wiene de keningen fan 'e histoaryske keninkriken Konnacht, Leinster, Munster en Ulster frijwol like machtich as de hege kening waans oerhearskippij oft se yn prinsipe erkenden. Yn 'e praktyk wie de macht fan 'e ard rí dêrtoch faak fierhinne beheind ta syn eigen keninkryk Mide (Ingelsk: Meathe).

Tsjin 'e alfde iuw begûnen der gatten yn 'e rige hege keningen te fallen, en ûnder druk fan 'e kolonisaasje fan dielen fan Ierlân troch de Anglo-Normandiërs nei de ynfaazje fan 1169 strûpte it hege-keningskip der om dy tiid hinne alhielendal ûnder. Letter waard noch ferskate kearen om 'e nocht besocht om dat ynstitút nij libben yn te blazen, lykas tusken 1316 en 1318, doe't Edwert fan Bruce, de broer fan 'e Skotske kening Robert I, de titel fan ard rí fierde yn in besykjen om Ierlân los te weakjen fan 'e Ingelske oerhearsking. Dat besykjen rûn lykwols op 'e non doe't Edwert op 14 oktober 1318 yn 'e Slach by Faughart sneuvele.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.