Springe nei ynhâld

Sina

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Folksrepublyk Sina)
中華人民共和國
中华人民共和国
Zhonghuá Rénmín Gònghéguó
Flagge fan Sina Wapen fan Sina
Flagge Wapen
Lokaasje fan Sina
Offisjele taal Mandaryn
Haadstêd Peking
Steatsfoarm Folksrepublyk
Gebiet
% wetter
9.596.960 km²
2,8­%
Ynwenners (2005) 1.315.844.000
Munt Renminbi (CNY)
Tiidsône UTC +8
Nasjonale feestdei 1 oktober
Lânkoade CHI
Ynternet .cn
Tillefoan 86
Dizze side giet oer de Folksrepublyk Sina. Foar oare betsjuttings, sjoch: Sina (betsjuttingsside).

Sina, folút Folksrepublyk Sina, is in lân yn East-Aazje. De haadstêd is Peking en de presidint fân de folksrepublyk is sûnt 2013 Xi Jinping. Sina is kwa ynwennertal it twadgrutste lân op de wrâld (nei Yndia) en kwa oerflak it fjirdgrutste lân (nei Ruslân, Kanada en de Feriene Steaten). It is in sosjalistyske republyk mei in kommunistysk bewâld; de Kommunistyske Partij is de iennichste politike partij yn Sina. Der binne fjouwer-en-tweintich provinsjes, fiif autonoame regio's (wêrûnder Sinkiang), fjouwer stedsprovinsjes, en twa spesjale bestjoerlike ienheden mei in soad foech.

Sina wurdt begrinzge troch:

Li-jang rivier yn Guangksy

Sina is nei Ruslân it grutste lân yn Aazje en is op twa lannen nei it grutste lân fan 'e wrâld.

It lânskip is tige diversk mei wâlden, steppegebieten en woastinen (de Goby en Taklamakan) yn it skrokke noarden by Mongoalje en Russysk Sibearje, en subtropyske wâlden by de grinzen mei it wiete Fjetnam, Laos en Myanmar.

Fan de fruchtbere leechflakten yn it easten rint it lân op ta de Himalaya yn it súdwesten. Heechflakten en berchtmen fan boppe de 1000 meter nimme in tredde part fan it lânoerflak yn. De grutste berchtmen binne dy fan de Himalaya, Pamyr en it Heechlân fan Tibet. De trochsneed hichte fan it Heechlân fan Tibet is 4500 meter boppe seenivo. Yn it noarden leit de Gobywoastyn.

De kust by de Giele See is flak, hjir mûnje de twa wichtige rivieren Jangtse en Giele Rivier yn út. It easten is ek it tichtstbefolke gebiet fan hiel Sina. De súdkust is bercheftich en telt in protte eilannen. Nei it binnenlân ta is it súdeasten mear heuveleftich en trochstrings leit it op 500 meter boppe seenivo. De langste rivier yn Sina, de Jangtse, is 6300 km.

De Wikipedy hat ek in side Skiednis fan Sina.

Sina is ien fan de plakken op ierde dêr't de sivilisaasje útein sette. Al ridlik gau ferienet it lân himsels en ûntjout him op it mêd fan keunst en wittenskip. Yn de 14e iuw f.Kr. wie der op de grins fan it berchlân en Noardsineeske leechflakte in sintrum fan Sineeske beskaving, behearske troch de Sjang-foarsten, dy't yn de 11e iuw f.Kr. ûnderwurpen waarden troch de Tsjow. De Tsjow (oant en mei 256 f.Kr.) wienen de opfolgers fan de Sjang en har dynasty giet foarôf oan de Tjin-dynasty. De Tsjow-dynasty hâlde langer stân as alle oare dynastyen yn de skiednis fan Sina.

Yn 221 f.Kr. ûnderwurp de kening fan de Tjin alle doedestiidse steaten yn Sina en naam de titel fan hwang-ti, keizer oan. Neidat yn 208 f.Kr. oeral opstannen útbrutsen, brocht Lioe Tji as earste keizer fan de nije Han-dynasty frede. Ut de Hantiid datearret de grutste útwreiding fan Sina: nei it westen tsjin de ynfallende nomadenstammen út Sintraal-Aazje, nei it suden yn it tsjintwurdige Sina besuden de rivier de Jang-tse. Mar nei in grutte boereopstân fan de saneamde Gielmutsen (ein 2e iuw en inkele paleisrevolúsjes foel de ienheidssteat fan de Han yn trije riken útinoar. Pas yn 589 waard Sina opnij werienige ûnder de Swei-dynasty dy't yn 618 ferfongen waard troch de T'ang-dynasty (oant 907, dêr't wer in tiidrek fan grutte útwreiding en bloei mei útein sette.

It boedisme hie Sina yn de twadde helte fan de 1e iuw berikt, mar fûn pas gruttere útwreiding yn de iuwen fan politike ferdieldheid.

Yn 907 foel Sina wer yn lytse steatsjes útein oant it yn 975 wer feriene waard troch de earste keizer fan de Soeng-dynasty. Yn 1276 waard hiel Sina oerweldige troch in folk fan nomaden, de Mongoalen dy't Sina feriene en de Juan-dynasty festige. Under har bewâld besocht de Italjaanske ûntdekkingsreizger Marko Polo Sina. Yn 1368 waard de Ming-dynasty stiften. Tusken 1405 en 1433 fear Admiraal Zheng He sânris nei lannen om de Yndyske Oseaan, wêrfan trije kear nei de eastkust fan Afrika, mear as 100 jier foardat de Jeropeanen útein setten mei de kolonisaasje fan it kontinint.

Krekt doe't der út Jeropa wei mear omtinken kaam foar Aziatyske kultueren, stûke de kultuergroei yn Sina. Jeropa waard konkurrint fan Aazje op it mêd fan wittenskip en technology. Lang om let moast Sina romte jaan oan it ymperialistyske Jeropa.

Mei de ein fan de Twadde Wrâldkriich wie der noch gjin frede yn Sina. De kommunisten fochten tsjin de Kwomintang yn de Sineeske Boargerkriich dy't de kommunisten yn 1949 wûnen. Sûnttiids is Sina in kommunistysk lân mei Mao Tse-toeng as lieder fan de Kommunistyske Partij fan Sina.

Mao krige help fan de Sowjetuny foar de ûntjouwing fan grutte yndustry yn Sina. Net inkeld op ekonomysk mar ek op it militêre mêd woe Mao sjen litte dat Sina in grutmacht wie: wilens de Koreaanske Kriich reagen Sineeske militêren de NAFO út Noard-Korea, Tibet waard yn 1950 beset, dat sûnt 1918 ûnôfhinklik wie fan Sina.

Yn 1997 kaam Hongkong wer by Sina dat sûnt 1897 ferhierd wie oan de Britten.

Yn Sina wenje de measte minsken fan de wrâld. Oan it begjin fan de 20e iuw beskikte Sina oer in befolking fan goed 400 miljoen ynwenners, yn 2005 wienen dat 1.315.844.000 en dat is ûngefear in fiifde part fan de wrâldbefolking.

De befolking fan de Folksrepublyk Sina bestiet foar goed 92% út Han-Sinezen, neamd nei de Han-dynasty. De net-Han groepen fertsjintwurdigje mar om-ende-by 8% fan de befolking, mar de binnenlânske gebieten dêr't sy yn wenje foarmje mear as de helte fan it totale gebiet fan it lân.

Troch de Sineeske oerheid wurde 56 offisjele etnyske kloften ûnderskieden, elk mei in eigen kultuer en libbenswize.

De grutste net-Han minderheden binne:

Oan 'e ein fan de tachtiger jierren fan de 20e iuw hearde Sina by de hurdst groeiende ekonomyen op de wrâld. Sûnt de iepening fan de Sineeske merk is de hannel mei it bûtenlân yn rap tempo omheechgien. De bêste bougrûn fan Sina is yn it easten fan it lân te finen, benammen by de grutte rivieren. Sina eksportearret katoen, sojabeanen, riis, tee, pinda's, gierst en weet. Yn it westen fan Sina wurkje mear greidboeren as bouboeren. Teakhout is in belangryk eksportprodukt fan de Sineeske houtyndustry. Sina hat in soad koal. Dêrneist hat it lân izererts, ierdoalje, bauksyt, mangaan en grutte foarrieden wolfraam en molybdeen. De wichtichste yndustryen binne de izer en staalyndustry, masinebou, keunstdong produksje, tekstyl en ierdoaljeyndustry. Yn Hongkong en Sjanhai binne de grutste ynternasjonale havens. Ynternasjonale fleanfjilden binne der yn Shanghai, Canton, Hongkong en Peking. It BYP per persoan is $5.400 (2007). Gearstalling fan BYP per sektor is 11,3% lânbou, 48,6% yndustry en 40,1% tsjinsten.

Bestjoerlike yndieling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sina hat 23 provinsjes, 5 autonoame gebieten, 4 stedsprovinsjes en 2 spesjale bestjoerlike regio's. It regear fan Sina sjocht Taiwan as syn 23ste provinsje, mar dat is stridich. De twa bestjoerlike regio's binne fierhinne autonoam. Der binne 56 erkende nasjonaliteiten yn de Folksrepublyk Sina.

Bestjoerlike yndieling fan de Folksrepublyk Sina

Provinsje

Autonoam gebiet

Stedsprovinsje

Spesjale bestjoerlike regio's

Stridige provinsje