Springe nei ynhâld

Emmen (gemeente)

Ut Wikipedy
Emmen
Sintrum fan Emmen
flagge wapen
lokaasje
polityk
lân Nederlân
provinsje Drinte
boargemaster Eric van Oosterhout (PfdA)
sifers en geografy
haadplak Emmen
grutste plak Emmen
ynwennertal 109.372 (1 jannewaris 2024)
befolkingstichtens 322 / km²
oerflak 346,25 km²
● wêrfan lân 336,40 km²
● wêrfan wetter 9,85 km²
tal stêden 1
tal doarpen 12
ferkearsieren , , , ,
Spoar fan Swol nei Emmen
skiednis
oprjochte 1998
Oant 1998 Gemeente Emmen
Gemeente Schoonebeek
oar
netnûmer 0524, 0591
postkoade 7760-7769, 7800-7839, 7844, 7880-7899
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside www.gemeente.emmen.nl
Dizze side giet oer gemeente Emmen. Foar de stêd Emmen, sjoch: Emmen.
Topografyske gemeentekaart fan de gemeente Emmen

Emmen (Drintsk: Em'm) is in gemeente yn de provinsje Drinte, mei 109.372 ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne:CBS) en mei in oerflak fan 350,00 km² (dêr't fan 10 km² wetter is). De hjoeddeistige gemeente Emmen is yn 1998 ûntstien troch de fúzje fan 'e eardere gemeente Emmen en de gemeente Schoonebeek. Haadplak en grutste plak fan de gemeente is Emmen.

Neffens oerflak is de gemeente Emmen de fjirde fan Nederlân, nei Súdwest-Fryslân, Noardeastpolder en Hollâns Kroan. Neffens ynwenners is de gemeente de grutste fan Drinte en de tredde fan Noard-Nederlân, nei Grins en Ljouwert.

De plakken yn de gemeente Emmen binne, mei ynwennertal:

Plaknamme Ynwenners 2021[1]
Emmen 56.640
Klazienaveen 11.980
Emmer-Compascuum 7.690
Nij-Amsterdam 4.745
Erica 4.740
Schoonebeek 4.410
Nieuw-Weerdinghe 3.420
Zwartemeer 3.025
Veenoord 2.120
Nieuw-Dordrecht 2.080
Barger-Compascuum 1.765
Weiteveen 1.670
Nieuw-Schoonebeek 1.285
Roswinkel 820

Oare plakken yn de gemeente binne, dy't ta de himrikken fan boppesteande plakke hearre: Amsterdamscheveld, Barger-Erfscheidenveen, Barger-Oosterveen, Barger-Oosterveld, Emmer-Erfscheidenveen, Ermerveen, Foxel, Klazienaveen-Noard, Koelveen, Middendorp, Munsterscheveld, Noordbarge, Oosterse Bos, Oranjedorp, Weerdinge, Westenesch, Westersebos, Wilhelmsoord, Zandpol en Zuidbarge.

Wildlands Adventure Zoo Emmen, oant 2015 Noorder Dierenpark Emmen neamd, is in bistetún yn Emmen. De bistetún groeide yn rin fan jierren út ta ien fan de meast wichtige attraksjes yn it Noarden fan Nederlân.

De gemeenterie fan Emmen bestiet út 39 sitten. Hjirûnder stiet de gearstalling fan de gemeenterie sûnt 1998:

Sitten
Partij 1998 2002 2006 2010 2014 2018 2022
Wakker Emmen - - - 5 15 11 15
PfdA 11 11 18 11 6 7 7
CDA 9 10 8 9 5 5 4
VVD 4 5 4 4 2 3 3
SP 4 2 2 2 - 2 2
PVV - - - - - 3 2
KristenUny 2 2 2 1 2 2 2
D66 3 2 - 2 3 2 1
GrienLinks 1 1 1 1 1 1 1
FVD - - - - - - 1
50 Plus - - - - - - 1
LEF! - - - 1 2 2 -
Vitaal Emmen - - - - - 1 -
Drintske Alderein Partij 2 1 1 2 3 - -
Burgerbelangen Gemeente Emmen - 2 3 1 - - -
Leefbaar Emmen - 2 - - - - -
ONE 3 1 - - - - -
Totaal 39 39 39 39 39 39 39

Boargemaster is sûnt 2017 Eric van Oosterhout fan de PfdA.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Emmen
Stêd:
Emmen
Doarpen:
Barger-CompascuumEmmer-CompascuumEricaKlazienaveenNieuw-DordrechtNieuw-SchoonebeekNieuw-WeerdingeNij-AmsterdamRoswinkelSchoonebeekVeenoordWeiteveenZwartemeer
Buorskippen:
AmsterdamscheveldBarger-ErfscheidenveenBarger-OosterveldBarger-OosterveenEmmer-ErfscheidenveenErmerveenFoxelKlazienaveen-NoardKoelveenMiddendorp (Schoonebeek)MunsterscheveldNoordbargeOosterse BosOranjedorpWeerdingeWesteneschWestersebosWilhelmsoordZandpolZuidbarge
· · Berjocht bewurkje
Drinte
Flagge fan de provinsje Drinte
Flagge fan de provinsje Drinte
Aa en Hunze - Assen (haadstêd) - Borger-Odoorn - Coevorden - De Wolden - Emmen - Hoogeveen - Meppel - Midden-Drinte - Noardenfjild - Tynaarlo - Westerfjild
· · Berjocht bewurkje