Springe nei ynhâld

Dubrovnik

Ut Wikipedy
Dubrovnik
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Kroaasje
Provinsje Dubrovnik-Neretva
Gemeente Dubrovnik
Sifers
Ynwennertal 28.434 (stêd, 2011)
42.615 (gemeente, 2011)
Oerflak 21,35 km² (gemeente)
Befolkingsticht. 1.996,0 / km² (gemeente)
Stêdekloft 65.808 (2011)
Hichte 3 m (stêd)
Oar
Stifting 7e iuw
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 42°38′25″N 18°06′30″E
Offisjele webside
www.dubrovnik.hr
Kaart
Dubrovnik (Kroaasje)
Dubrovnik
Lokaasje yn Kroaasje.

Dubrovnik (Kroätyske útspr.: [du'bro:ʋni:k], likernôch: "dûbroovniik"), histoarysk bekend as Ragusa (of Ragûsa), is in stêd en in gemeente yn Kroaasje, dy't yn 'e lânstreek Dalmaasje oan 'e kust fan 'e Adriatyske See leit. It is ien fan 'e bekendste toeristyske bestimmings yn Kroaasje, en dêrnjonken hat it ek in wichtige funksje as havenstêd en as bestjoerlik sintrum en haadplak fan 'e Kroätyske provinsje Dubrovnik-Neretva. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2011 hie de stêd Dubrovnik doe rom 28.000 ynwenners, wylst de gemeente in befolking fan krapoan 43.000 minsken hie.

Fan 'e fjirtjinde iuw oant 1808 wie Dubrovnik as de Republyk Ragûsa in ûnôfhinklike steat. Yn 1667 waard de stêd by in ierdbeving fierhinne ferwuostge. De âlde binnenstêd waard yn 1979 opnommen op 'e Wrâlderfgoedlist fan 'e UNESCO. Yn 1991 waard Dubrovnik ûnder de Kroätyske Unôfhinklikheidsoarloch lange tiid belegere troch troepen fan it Joegoslavyske Folksleger, dy't mei artillerybesjittings oansjenlike skea yn 'e stêd oanrjochten. Yn 1996 fûn deunby by de stêd de Fleanramp fan Dubrovnik plak.

De namme fan 'e stêd yn it Kroätysk is (en wie altyd) 'Dubrovnik', dat ôflaat is fan it wurd dubrava, dat "ikebosk" betsjut. Histoarysk waard Dubrovnik iuwenlang Ragusa (Ragûsa) neamd. 'Ragusa' wie de plaknamme yn 'e Romaanske talen, wêrûnder net inkeld it Latyn en it Italjaansk, mar ek it yn Dalmaasje (en Dubrovnik) lânseigen Dalmatysk, dat omtrint 1900 útstoar. 'Ragusa' giet fia in protte tuskenfoarmen (Rausia, Rausium, Rhagusium, Ragusium, ensfh.) werom op it Grykske ξαυ, xau, dat "steile rotswand" betsjut. Pas nei de Twadde Wrâldoarloch kaam de stêd ek ynternasjonaal bekend te stean as Dubrovnik.

De Grutte Fontein fan Onofrio.

Dubrovnik is in havenstêd dy't oan 'e kust fan 'e Adriatyske See leit. It is it haadplak fan Dubrovnik-Neretva, de meast súdeastlike provinsje fan Kroaasje, dy't yn it noardeasten in lange grins mei Bosnje-Hertsegovina hat en yn in súdeasten in koarte grins mei Montenegro. Dubrovnik-Neretva foarmet dêrmei de útein fan 'e súdlikste fan 'e beide 'earms' fan Kroaasje, dy't benoarden en besuden Bosnje-Hertsegovina nei it easten en súdeasten ta útstykje.

Neffens it wurk De Administrando Imperio, fan Konstantinus Porfyrogenitus, dat datearret fan omtrint 950, waard Dubrovnik yn 'e sânde iuw stifte troch flechtlingen út Epidaurum, in Grykske stêd dy't sa'n 15 km nei it suden ta lei, nei't dat plak ferwuostge waard troch ynfallende Slaven. Argeologysk ûndersyk hat gebouwen bleatlein dy't teminsten weromgeane oant de achtste iuw. De ierste politike sitewaasje fan Dubrovnik is ûndúdlik, mar yn elts gefal kaam de stêd nei de fal fan it Ostrogoatysk Keninkryk yn Itaalje binnen de ynfloedssfear fan it Byzantynske Ryk.

Yn 'e Midsiuwen hie Dubrovnik in mingde befolking fan, foar it meastepart, etnyske Dalmasiërs dy't ôfstammen fan 'e Romeinen en etnyske Kroäten dy't ôfstammen fan 'e Slaven dy't har healwei it earste milennium op 'e Balkan nei wenjen set hiene. Der waard Dalmatysk sprutsen, in Romaanske taal, en Kroätysk, in Súdslavyske taal. Troch de iuwen hinne rekke it Dalmatysk lykwols almar mear yn it neigean, en naam it grutste diel fan 'e befolking fan Dubrovnik it Kroätysk oer, wylst in diel fan 'e elite Italjaansk begûn te praten. Hoewol't it Italjaansk de offisjele taal wie, it Dalmatysk in hegere maatskiplike status hie, en it sprekken fan Kroätysk ferbean wie yn 'e Senaat fan Ragûsa, ûntjoech Dubrovnik him dochs ta de widze fan 'e Kroätyske literatuer.

De Republyk Ragûsa

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Republyk Ragûsa.

Nei de Krústochten kaam Dubrovnik fan 1205 oant 1358 ûnder de soevereiniteit fan 'e Republyk Feneesje, dêr't it neitiid syn eigen steatsynrjochting op basearre. Nei't yn 'e nacht fan 15 op 16 augustus 1296 de hiele stêd hast troch brân ferwuostge rekke, waard Dubrovnik op 'e nij fan 'e grûn ôf oan opboud. Yn 'e kêsten fan it Ferdrach fan Zadar, fan 1358, ûntstie de Republyk Ragûsa as in yn namme ûnôfhinklike steat, hoewol't it eins in fazalsteat fan it Keninkryk Hongarije waard. Yn 1458 waard Ragûsa fanwegen de ferskowende machtsferhâldings op 'e Balkan in fazalsteatsje fan it Osmaanske Ryk, en fan dy tiid ôf betelle it in jierlikse skatting oan 'e sultan yn Konstantinopel.

De âlde haven fan Dubrovnik.

Nettsjinsteande dat ûntjoech Ragûsa him yn 'e fyftjinde en sechstjinde iuw ta in wichtige hannelsmacht yn it Eastlik Bekken fan 'e Middellânske See, wêrby't it op syn hichtepunt as talassokrasy grutmachten as Feneesje en Genua nei de kroan stiek. Yn dy tiid ûnderhold Dubrovnik in bûnsgenoatskip mei Ancona, dat oan 'e Adriatyske kust fan 'e Lears fan Itaalje leit, en tegearre setten de beide stêden in hannelsrûte op dy't út it Osmaanske Ryk fia Dubrovnik nei Ancona rûn, en dêrwei oer Florâns en troch Frankryk nei Flaanderen ta. Dy rûte waard brûkt as alternatyf foar de âldere hannelswei fan it Osmaanske Ryk nei Feneesje en dêrwei oer Alpen nei Dútslân.

Fan 'e santjinde iuw ôf rekke it mei de ekonomy fan 'e Republyk Ragûsa stadichoan yn 'e nederklits, wat benammen it gefolch wie fan it feit dat West-Jeropa tsjin dy tiid it meastepart fan syn hannelswaar streekrjocht út 'e Oriïnt helle troch dêr eigen skippen hinne te stjoeren fia de seerûte om Kaap de Goede Hoop hinne. Sadwaande hie men dus gjin ferlet mear fan tuskenhannelers lykas de Ragûsanen en de Fenesianen. Dêrby kaam noch de jammerdearlike ierdbeving fan 1667, dy't oan mear as 5.000 ynwenners fan 'e stêd it libben koste en it grutste part fan 'e gebouwen mei de grûn lyk makke. De Republyk Ragûsa, dy't út in kustgebiet op it fêstelân en ferskate eilannen yn 'e Adriatyske See bestie, wie yn 1699 twongen om Neum, op it fêstelân, oan it Osmaanske Ryk te ferkeapjen om net yn 'e Moreaanske Oarloch tusken de Osmanen en de Fenesiërs bestrûpt te reitsjen. Dat gebiet waard tafoege oan 'e Osmaanske provinsje Hertsegovina, en heart sadwaande tsjintwurdich ta Bosnje-Hertsegovina, wêrfan't it de iennichste tagong nei de see is.

Dubrovnik foar de ierdbeving fan 1667.

Yn 'e Frânske Tiid kaam de Republyk Ragûsa yn 1806 foar in duvelsk dilemma te stean doe't oer lân in Frânsk leger troch Dalmaasje opmarsjearre ûnder lieding fan generaal Gabriel Jean Joseph Molitor, wylst der foar de kust in Russyske float ferskynde, dy't stipe waard troch it leger fan Peter I Petrović-Njegoš, de prinsbiskop fan Montenegro. Nei lang wifkjen besleaten de Ragûsanen de poarten te iepenjen foar de Frânsen, om in ein te meitsjen oan 'e kanonbesjittings troch de Russen en Montenegrinen. Hoewol't Napoleon oarspronklik inkeld frije trochtocht foar syn troepen easke hie, waard letter de haven blokkearre oant it regear fan Ragûsa ynstimde mei de Frânske besetting fan 'e republyk. Yn 1808 ferklearre maarskalk Auguste de Marmont de Republyk Ragûsa foar opheft, wêrnei't it grûngebiet fan 'e Ragûsa ynkorporearre waard yn it Napoleontyske Keninkryk Itaalje. Letter kaam it as ûnderdiel fan 'e saneamde Illyryske Provinsjes ta Frankryk sels te hearren.

Nei't Dubrovnik op 28 jannewaris 1814 nei in belegering beset waard troch Britske en Eastenrykske troepen ûnder lieding fan sir William Hoste en Todor Milutinović, besleat it Kongres fan Wenen yn 1815 dat de âlde Republyk Ragûsa net op 'e nij oprjochte wurde soe, mar dat it gebiet foargoed ûnder Eastenryksk bewâld steld waard. Dubrovnik waard sadwaande ûnderdiel fan it Keninkryk Dalmaasje, regearre fanút de havenstêd Zadar, dat ien fan 'e ûnderdielen fan 'e Eastenrykske Donaumonargy waard. De Ragûsaanske aristokrasy waard foar it meastepart erkend en opnommen yn 'e adel fan it Eastenrykske Ryk. Nei 1815 waard net mear besocht om 'e âlde republyk nij libben yn te blazen, om't ûnder ynfloed fan 'e Romantyk de etnyske (Kroätyske) identiteit foar de ynwenners wichtiger waard, dy't harren ferbûn mei folksgenoaten yn 'e rest fan Dalmaasje en teffens yn it Keninkryk Kroaasje en it Keninkryk Slavoanje.

It Rektorspaleis.

Der bestie yn Dubrovnik dan ek grutte ynstimming mei de gong fan saken doe't de stêd nei de ynstoarting fan Eastenryk-Hongarije yn 1918 ûnderdiel waard fan it nije Keninkryk fan Serven, Kroäten en Slovenen, dat letter de praktysker namme Joegoslaavje oannaam. Yn 1939 waard nei jierren fan politike striid einlings de banovina (provinsje) Kroaasje oprjochte, dêr't alle Kroätyske dielen fan Joegoslaavje (wêrûnder Dubrovnik) yn feriene wiene.

Under de Twadde Wrâldoarloch waard Dubrovnik ûnderdiel fan 'e Unôfhinklike Steat Kroaasje, in fazalsteatsje fan nazy-Dútslân. Oant 8 septimber 1943 hie de stêd in Italjaanske besetting, en dêrnei in Dútsken-ien. Yn oktober 1944 waard Dubrovnik 'befrijd' troch de Joegoslavyske partizanen fan Tito, dy't mear as 300 boargers oppakten en dêrfan 53 sûnder foarm fan proses terjochtstelden. Dat barren waard bekend as it Bloedbad fan Daksa, ferneamd nei it lytse eilantsje dêr't it plakfûn. Ek neitiid holden de ferfolgings noch oan, dy't op 12 april 1947 in hichtepunt berikten mei de finzenname fan mear as 90 ynwenners fan Dubrovnik. Yn 'e Sosjalistyske Federative Republyk Joegoslaavje waard Dubrovnik yndield by de Sosjalistyske Republyk Kroaasje, ien fan 'e seis dielrepubliken.

Utsjoch oer de âlde stêd fan Dubrovnik.

Yn 1991 foel Joegoslaavje útinoar, doe't Sloveenje en Kroaasje har derút losskuorden. Dat late ta de Kroätyske Unôfhinklikheidsarloch, wêryn't Dubrovnik, mei syn kwetsbere foarútskode posysje yn 'e súdlike fan 'e beide nei it easten ta útstykjende 'earms' fan Kroaasje, it slachtoffer waard fan it sân moannen duorjende Belis fan Dubrovnik. De belegering waard útfierd troch it Joegoslavyske Folksleger, dat tsjin dy tiid frijwol inkeld noch út Serven bestie, en dat der net foar tebekskrille om 'e monumintale binnenstêd mei artillery te besjitten. It regear fan Montenegro, laat troch presidint Momir Bulatović, wie fan doel om Dubrovnik te anneksearjen, en stipe dêrom Servje.

It belis duorre fan 1 oktober 1991 oant Dubrovnik yn maaie 1992 as ûnderdiel fan Operaasje Tiger ûntset waard troch it Kroätyske Leger. Yn 'e tuskentiid fûnen yn 'e stêd 82 oant 88 boargers de dea by de artillerybesjittings, wêrûnder de dichter Milan Milišić. Nei it opheffen fan it belis stie Dubrovnik noch trije jier út en troch bleat oan bombardeminten troch de Serven. De skea dy't yn 'e stêd oanrjochte waard, kin noch altyd ôflêzen wurde oan 'e hân fan feller kleure (want nijere) reade dakpannen. Generaal Pavle Strugar, dy't de lieding oer de belegerjende troepen hie, waard dêrfoar letter troch it Ynternasjonaal Strafhof foar it Eardere Joegoslaavje feroardiele ta in finzenisstraf fan sân en in heal jier foar oarlochsmisdieden.

It Banje-strân by Dubrovnik.

Yn 1996 fûn deunby by de stêd de Fleanramp fan Dubrovnik plak, wêrby't in Boeing CT-43A-transportfleanmasine fan 'e Amerikaanske Loftmacht mei in Amerikaansk diplomatyk gesantskip oan board yn min waar it pleatslike fleanfjild net fine koe en him tepletter fleach tsjin in heuvel. Dêrby foelen 35 deaden, wêrûnder de Amerikaanske minister fan Hannel Ron Brown en de bekende sjoernalist fan 'e New York Times Nathaniel C. Nash.

Dubrovnik hjoed de dei

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei syn geografyske posysje oan 'e Adriatyske kust fan Dalmaasje hat Dubrovnik him sûnt de midden fan 'e tweintichste iuw ûntjûn ta ien fan 'e foarnaamste toeristyske bestimmings fan Kroaasje. Yn 'e 1990-er jierren sakke de toeristyske yndustry tydlik yn fanwegen de oarloch, mar neitiid is dat wer hielendal bykommen. De stêd beskikt oer it eigen Fleanfjild fan Dubrovnik, dêr't de measte fakânsjegongers arrivearje. Behalven foar sinne, see en strân komme toeristen ek yn Dubrovnik fanwegen de histoaryske binnenstêd dy't yn 1979 opnommen waard op 'e Wrâlderfgoedlist fan 'e UNESCO. De ierdbeving fan 1667 liet net in protte hiel fan 'e oarspronklike renêssansistyske bouwurken, mar lokkigernôch bleau der genôch oer om in idee ta jaan fan it rike arsjitektoanysk erfskip fan 'e stêd.

De monumintale Muorren fan Dubrovnik.

Hichtepunten binne datoangeande it Sponza-paleis út 'e 16e iuw, dêr't op 't heden it Nasjonaal Argyf fan Kroaasje sit, en it goatysk-romaanske Rektorspaleis, dat no ûnderdak biedt oan in museum. Fierders binne der de Tsjerke fan de Hillige Blaise, de Tsjerke fan de Hillige Ferlosser en it dêroanbuorjende Fransiskaansk Tsjerkegebou en Kleaster, dat in librije hat mei in kolleksje fan 30.000 boeken, 216 ynkunabels en 1.500 hânskreaune manuskripten.

De Napolitaanske arsjitekt Onofrio della Cava boude yn 1438 yn Dubrovnik in akwadukt en twa fonteinen, de Grutte Fontein fan Onofrio en de Lytse Fontein fan Onofrio, dy't beide noch besteane, hoewol't de byhearrende stânbylden ferlern gien binne yn 'e ierdbeving fan 1667. De Muorren fan Dubrovnik, ta einbeslút, binne ek tige ferneamd. Se rinne oer in ôfstân fan krapoan 2 km om 'e âlde stêd hinne, en binne oan 'e lânkant 4 oant 6 m tsjûk, mar oan 'e seekant folle tinner. Dizze muorren binne gauris brûkt as dekôr foar films en hawwe û.m. te sjen west yn 'e ferneamde tillefyzjesearje Game of Thrones, as de muorren fan 'e fiktive stêd King's Landing.

Neffens gegevens fan 'e Kroätyske folkstelling fan 2011 hie de stêd Dubrovnik dat jiers in befolking fan 28.434 minsken, wylst de gemeente Dubrovnik 42.615 ynwenners hie. Yn 1991 hie de gemeente noch in ynwennertal fan 51.597. Fan 'e gemeentlike befolking bestie yn 2011 90,34% út etnyske Kroäten. De befolkingstichtens fan 'e gemeente bedroech persiis 1.996 minsken de km². De oare wenkearnen yn 'e gemeente Dubrovnik mei byhearrende ynwennertallen wiene yn 2011:

De Franjo Tuđman-brêge by Dubrovnik.
De Stradun, de haadstrjitte fan Dubrovnik.

Berne yn Dubrovnik

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Stoarn yn Dubrovnik

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Utsjoch op Dubrovnik.

Dubrovnik hat in Mediterraan klimaat, mei hjitte, neare en frij drûge simmers en mylde oant koele, wiete winters. Tusken oktober en april blaast de Boara-wyn kâlde lucht by de Adriatyske kust lâns, en swierwaar komt it hiele jier troch foar. Ornaris hat de stêd yn july en augustus oerdeis temperatueren dy't oprinne kinne oant 28 °C, wylst se nachts net fierder sakje as 23 °C. By 't maityd en hjerstmis fariëarje de temperatueren oerdeis yn 'e regel tusken de 20 en 28 °C. Dubrovnik hat de myldste winters fan hiel Kroaasje, mei oerdeiske temperatueren dy't yn desimber en jannewaris om 'e 13 °C hinne lizze. De stêd kriget op jierbasis yn trochsneed 1.064 mm delslach en 2.669½ oeren sinneskyn. Sniefal is yn Dubrovnik tige seldsum.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

(hr) Offisjele webside fan Dubrovnik

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, Bibliography and Further reading, op dizze side.