Baaiplak

In baaiplak of badplak is in plak dat oan see leit, of soms oan in mar, dêr't in protte toeristen op ôf komme om't der goede mooglikheden en foarsjennings binne om te sinnebaaien, te swimmen en oare strânaktiviteiten te ûntjaan, lykas draakjefleanen, kajakjen, surfen, silen, kitesurfen, ensfh. Ien fan 'e ierste baaiplakken wie Baiae, oan 'e Tyrreenske See yn Itaalje, dat yn 'e Romeinske Tiid al as fakânsjebestimming fungearre foar lju dy't foldwaande wolfarrend wiene. De measte hjoeddeistige baaiplakken krigen dy status yn 'e njoggentjinde iuw, doe't de riken in nije foarm fan rekreaasje ûntdieken yn strântoerisme. Pas fan 'e 1950-er jierren ôf, doe't der foar it earst algemiene fakânsjes ynfierd waarden, begûnen ek de middenklasse en de arbeidersklasse baaiplakken te besykjen.
Nederlân hat sa'n tritich ûnderskate baaiplakken, dêr't Zandvoort, Skeveningen, Domburg en Bergen (Noard-Hollân) wierskynlik de bekendsten fan binne. Yn Fryslân is Makkum in bekend baaiplak, en fierders East-Flylân, West-Skylge en Nes (It Amelân). Bekende baaiplakken om utens binne:


Arûba: Oranjestêd
Austraalje: Gold Coast (mei Surfers Paradise) en Sydney (mei Bondi Beach)
Belgje: Knokke, Oostende en De Panne
Brazylje: Rio de Janeiro (mei it Copacabana)
Dútslân: Cuxhaven, Norderney, Travemünde, Wangereach, Wyk op Feer en Westerland op Sylt
Egypte: Hoergada en Sjarm el Sjeich
Fenezuëla: La Asunción op Isla de Margarita
Feriene Keninkryk: Blackpool, Hastings, Bournemouth en Brighton
Feriene Steaten: Atlantic City, Daytona Beach, Fort Lauderdale, Key West, Los Angeles (mei Venice Beach), Malibu, Martha's Vineyard, Miami Beach, Nantucket, Newport Beach, Palm Beach, Panama City (Floarida), Panama City Beach, St. Augustine, St. Petersburg, San Diego (mei La Jolla en Pacific Beach), Santa Monica, South Padre Island en Tampa
Hawaï: Honolulu (mei Waikiki Beach)
Frankryk: Biarritz, Cannes en Saint-Tropez
Georgje: Batûmi
Grikelân: Heraklion op Kreta, Korfû, Lesbos en Rodos
Israel: Eilat
Itaalje: Amalfi, Ostia en Rimini
Kurasau: Willemstêd
Meksiko: Acapulco, Cancún en Tijuana
Oekraïne: Jalta en Odessa
Ruslân: Sotsji
Sint-Bartelemy: Gustavia
Spanje: Benidorm, Ibiza (stêd), Lloret de Mar, Málaga, Marbella en Palma de Mallorca
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|