Abraham Bloemaert
Abraham Bloemaert (Gorinchem, 25 desimber 1564 – Utert, 27 jannewaris 1651) wie in Nederlânsk keunstskilder te Utert. Hy jildt as in wichtige eksponint fan it Noard-Nederlânsk maniërisme.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Abraham Bloemaert waard earst oplaat troch syn heit Cornelis Bloemaert, in byldhouwer en arsjitekt. Yn Utert waard Abraham letter learling fan de dekoraasjeskilder Gerrit Splinter en fan Joos de Beer. At wy Carel van Mander leauwe meie hat er dêr net folle fan opstutsen.
Fan 1581 oant ± 1585 ferbleau er yn Parys as learling fan in beskate Jean Bassot en fan Hiëronymus Francken. Rillegau gie er lykwols werom nei Utert dêr't er it grutste part fan syn libben wenjen bleau. Yn 1592 wenne er yn Amsterdam en boaske dêr mei de Utertske Judith van Schonenburch, dy't yn 1599 sûnder bern stoar.
Yn 1593 waard Bloemaert yn Utert beneamd ta deken fan it zadelaarsgilde. Hy wertroude yn 1600 mei Gerarda de Roij, dý't him minstens acht bern joech. Yn 1611 wie er mei-oprjochter fan it skildersgilde Sint-Lucas, dêr't er yn 1618 deken fan wie. Mei Paulus Moreelse begûn er yn 1612 in tekenakademy.
Bloemaert gie it foar de wyn, want yn 1617 kocht er in grut hûs oan it Mariatsjerkhôf, it sintrum fan de katolike mienskip yn Utert. Yn tsjinstelling ta de protestantske Moreelse, soe er nea in rol spylje yn de Utertske polityk. Wol krige er fanwege syn katolike oertsjûging ferskate opdrachten út de súdlike Nederlannen.
Bloemaert hie goede kontakten yn it yntellektuele fermidden. De Utertse âldhedenkenner Aernout van Buchel wie er befreone mei. Bloemaerts studio waard yn 1626 besocht troch Elizabeth Stuart, de eardere keninginne fan Bohemen, en it oare jier troch Rubens.
Bloemaert moat in bejeftige learaar west hawwe, want syn fjouwer soannen (wêr't Adriaen Bloemaert ûnder wie) waarden skilder, en hy hat noch in grut tal oaren oplaat. Om't in protte fan syn pupillen ferneamd wurden binne, wurdt Bloemaert wol de heit fan de 17e-iuwske Utertske skilderskoalle neamd. Bloemaert leit begroeven yn de Katarijnestjerke yn Utert.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan Bloemaert binne sa'n 200 skilderijen bekend, mar ek ± 1000 tekeningen en 600 gravueres. Hy skildere foaral lânskippen, mytologyske en Bibelske tafrelen, mar ek pastorale sjenrestikken, yn heldere kleuren en syn figueren binne royaal en sierlik.
Yn 't earstoan skildere er foaral yn in maniëristyske styl, besibbe oan dy fan Cornelis van Haarlem en Joachim Wtewael. Syn lânskippen wiene lykwols altyd mear op de Flaamske tradysje inte. Fan 1600 ôf komt der in myld klassisisme yn it wurk, te fergelykjen mei dat fan Hendrick Goltzius yn Haarlim. Fia syn learlingen dy't yn Itaalje west hiene krige er kennis fan it clair-obscur fan Caravaggio. Nei in koarte caravaggistyske perioade yn de iere jierren 1620 waard syn styl glêder en lykmjittiger, sadat syn letter wurk rekkene wurdt ta it klassisisme, al wist er syn swierich pinsiel nea hielendal del te bêdzjen.
Bloemaerts wurk rekke rûnom ferspraat, en syn tekeningen tsjinnen oant yn de 19e iuw as stúdzjemateriaal.