Springe nei ynhâld

Goatysk

Ut Wikipedy
Goatysk
algemien
oare namme(n) n.f.t.
eigen namme *Gutisko Razda
lânseigen yn n.f.t. (útstoarn yn de 16e iuw)
tal sprekkers gjin
skrift n.f.t.
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk - Germaansk - Eastgermaansk - Goatysk
dialekten gjin
taalstatus
offisjele status n.f.t.
taalkoades
ISO 639-1 -
ISO 639-2 got
ISO 639-3 -

It Goatysk is in útstoarne East-Germaanske taal, de ienige taal út dizze tûke dêr't in protte oer bekend is. De 4e-iuwske Goatyske Bibeloersetting fan biskop Wulfila is it earste oerlevere literêre wurk yn in Germaanske taal en dêrom fan grut belang foar de taalwittenskip. Mei û.o. fjouwer of fiif nammefallen, in dualis en in syntetyske ûndergeande foarm lit it Goatysk in grut tal argayske skaaimerken sjen.

It Goatysk waard sprutsen troch it folk de Goaten en fersprate harren nei de 3e iuw fanút it gebiet te noarden fan de Swarte See nei Itaalje, Frankryk en Spanje, mar soe nei de fal fan it Ostrogoatyske ryk yn de 6e iuw en it Fisigoatyske ryk yn de 8e iuw útstjerre. Op de Krim bleau in fariant fan it Goatysk, it Krimgoatysk, yn elts gefal oant de 16e iuw bestean.

In side út de Codex Argenteus

Fierwei de wichtichste boarne foar it Goatysk is Wulfila's bibeloersetting. Hjirfan is it grutste part lykwols ferlearn gien. Bewarre bleaun binne de helte fan de Evangeeljen, yn de Kodeks Argenteüs, de brieven fan Paulus en in part fan Nehemia. It ienige oare wichtige Goatyske dokumint is de Skeireins, in kommentaar op Jehannes.

Wulfila ûntwurp foar syn bibel in op it Grykske alfabet basearre skrift. Dêrfoar skreaunen de Goaten noch yn runen. Men tinkt dat it alfabet foar it grutste part fonematysk is, mei wierskynlik de folgjende op de útspraak fan it Gryksk basearre útsonderings:
<ei> = iː, <au> = ɔ, <ai> = ɛ en <gg> = ŋ. Yn de wittenkip wurdt frijwol allinnich mei de transliteraasje nei it Latynske alfabet wurke.

Letter
Transliteraasje a b g d e q z h þ i k l m n
Getalswearde 1 2 3 4 5 6 7 8 10 20 30 40 50
Utspraak a, aː b g d, ð e, eː z h θ i, iː k l m n

Letter
Transliteraasje j u p r s t w f x ƕ o
Getalswearde 60 70 80 90 100 200 300 400 500 600 700 800 900
Utspraak j u, uː p r s t w, y f ʍ o, oː
Monoftongen
Diftongen
  Labialen Dentalen Alveolaren Palatalen Velaren Labiovelaren Laryngealen
Plosiven p b   t d   ɟː k g  
Frikativen ɸ, f β θ ð s z   x ɣ ʍ   h
Approximanten         j     w  
Nasalen   m     n     ŋ    
Lateralen       l        
Vibranten       r        

It Goatysk hat in frij komplekse morfology mei in soad argayske Yndo-Jeropeeske skaaimerken dy't net mear bestean yn de hjoeddeiske Germaanske talen.

Nammewurden wurde yn it Goatysk bûgd nei nammefal, getal en geslacht.

It Goatysk ken fjour of fiif nammefoarmen: nominatyf, genityf, datyf, akkusatyf en fokatyf, wêrby de lêste yn foarm altyd lyk is oan de nominatyf of akkusatyf. Boppedat binne der resten fan in ynstrumintalis.

Der binne trije getallen, iental , meartal en twatal (dualis). De dualis komt lykwols allinnich yn it persoanlik omnamwurd (en yn it tiidwurd) fan de earste en twadde persoan ta útdrukking.

It Goatyske tiidwurd wurdt bûgd nei:

In bysûnderheid is dat it Goatysk noch in syntetysk, dus net omskreaun, passyf hat.

It wichtichste Goatyske fragmint is it Us heit út it (Matt. 6:9-13):

Wulfila Letterlik Fryske Bibel oersetting
Atta unsar þu in himinam,
weihnai namo þein.
qimai þiudinassus þeins.
wairþai wilja þeins,
swe in himina jah ana airþai.
hlaif unsarana þana sinteinan
gif uns himma daga.
jah aflet uns þatei skulans sijaima,
swaswe jah weis afletam
þaim skulam unsaraim.
jah ni briggais uns
in fraistubnjai,
ak lausei uns af þamma ubilin.
Heit ús yn de himelen,
hillige wurde namme jo.
komme keninkryk jo.
wurde wol jo,
alyksa yn himmel ek op ierde.
brea ús it deistich
jouw ús dizze dei.
en ferjouw ús dat skuldners wy binne,
alyksa ek wy ferjouwe
de skuldners ús.
en net meie jo liede ús
yn fersyking,
mar ferlos ús fan it kwea.
Us Heit yn 'e himel,
lit jo namme hillige wurde,
lit jo keninkryk komme,
lit jo wil dien wurde
op ierde likegoed as yn 'e himel.
Jou ús hjoed ús deistich brea
en ferjou ús ús skulden
sa't wy ús skuldners ek ferjûn hawwe;
en lit ús net yn fersiking komme,
mar ferlos ús fan 'e kweade