Springe nei ynhâld

Hea

Ut Wikipedy
Hea.

Hea is in soarte fan feefoer dat bestiet út 'e drûge plantaardige begroeiïng fan greiden. It is foar it meastepart opmakke út gerzen, mar foarhinne sieten der ek in soad oare planten by yn, dy't yn 'e greide tusken it gers groeiden, lykas bûterblommen, reade surk, brânnettels en sels stikels. Tsjintwurdich is dat folle minder it gefal, mei't in protte boeren harren greidlân op 'e nij ynsiedde hawwe, mei as gefolch in monokultuer fan 'e gerssoarte finneraai. Der bestiet ek luzernehea, dat drûge luzerne is. Hea moat net betize wurde mei strie; dat bestiet net út gers, mar út 'e drûge stâlen fan nôt, en wurdt net yn it foarste plak as feefoer, mar as struisel brûkt. Yn 'e moderne feehâlderij is de funksje fan hea fierhinne oernommen troch kuil.

It meitsjen fan hea is in manear om 'e hâldberens fan meand gers te fergrutsjen. As gers net drûge wurdt, begjint it nammentlik nei ferrin fan tiid te beskimmeljen en dêrnei te ferrotsjen. Trochdat gers drûge wurdt ta hea kin it bewarre wurde foar de winter, as der gjin gers groeit, sadat it fee dan dochs genôch te fretten hat.

It gers is krekt meand; it leit op swee.

Hea ûntstiet troch in proses fan in stikmannich stappen. Dat proses makket ûnderdiel út fan 'e ûngetiid, in perioade yn 'e feehâlderij dy't oan 'e ein fan 'e maityd en yn 'e simmer falt en in soad drokte bringt.

Men begjint it proses fan heameitsjen troch in stik lân te meanen. Oant de midden fan 'e tweintichste iuw gie dat hânmjittich, mei de seine. Oan it begjin fan 'e meganisaasje fan de lânbou ferskynden der trekkers dy't in soarte fan lange, rjochte seine oan de sydkant hiene, dy't rjochtop set en dellitten wurde koe. Letter kaam de meanmasine yn gebrûk, dy't efter de trekker heakke wurde koe.

Sokke meanmasinen, mei ferskate rûndraaiende skiven mei fjoerskerpe meskes, wurde ek wol syklomeaners neamd. By ferfier nei it te meanen stik lân stekke se rjocht nei efteren út of omheech, mar foar it meanen wurde se in fearnslach draaid of dellitten, sadat se nei de sydkant útstekke; se meane dan ek net de stripe lân dêr't de trekker oerhinne riidt, mar dy dêr fuort njonken. Meitiid waarden sokke meanmasinen almar grutter, en tsjintwurdich sjocht men faak dat trekkers ek oan 'e foarkant in meanmasine hawwe, dy't dan de stripe lân meant dêr't de trekker sels oerhinne riidt. Sa hat men almar minder wurk fan it meanen.

It gers is skodde; it leit te drûgjen.

As it gers meand is, leit it sa't it fallen is. Troch de rûngeande wurking fan syklomeaners ûntsteane dêrby rjochte rigen dy't deselde kant út rinne as dy't de trekker útriidt, mei dêrtuskenyn smelle stikjes "skjinfage" grûn. Sa'n rige farsk meand gers hjit in swee (Nederlânsk: zwade); men seit dan dat it gers "op swee" leit.

Nei it meanen moat it gers drûgje. Op swee leit it fierstente folle op ien bulte, dat dêrom moat it skodde wurde. Foarhinne waard dat krekt as it meanen mei de hân dien, mar sûnt de meganisaasje fan de lânbou hat men dêr de skodder foar. Mei sa'n apparaat, dat ek wer efter de trekker dien wurde kin, giet de boer of de leanwurker nochris troch it stik lân. De skodder klaut de sweeën gers útinoar en ferspriedt it meande gers yn in laach fan gelikense tichtens oer de hiele greide.

Guon fan 'e ierste modellen skodders wiene net folle mear as in hornizontale sylinder mei tsjillen oan 'e úteinen. Yn 'e sylinder siet dan in draaidende as mei útstykjende tinen, dy't gers oan 'e foarkant fan 'e skodder oppakten, it in kear rûndraaiden troch de sylinder en it dan oan 'e efterkant wer útspuiden. Sa'n wurktúch koe lykwols net folle breder wêze as de trekker sels, oars koe it net troch de daam fan 'e greide. Tsjinwurdich hawwe skodders oer it algemien ferskate fertikaal rûndraaiende sirkelfoarmige oanhingsels mei tinen; de bûtensten fan dy oanhingsels kinne omheechklapt wurde, sadat de skodder by ferfier folle smeller is as yn it wurk.

It hea is swile; it leit op wurdze.

As it gers ienris skodde is, moat it teminsten ien dei en leafst in pear dagen yn 'e sinne lizzen bliuwe te drûgjen. It is mooglik dat men der nochris ien of mear kearen mei de skodder oerhinne giet, om it ûnderste gers nei boppen te heljen, sadat dat noch wat better drûgje kin.

As it gers ienris drûge is, kin men fan hea sprekke. Dan folget it swyljen (Nederlânsk: zwelen), wêrby't it hea wer byinoar harke wurdt. Foarhinne gie ek dat folslein hânmjittich, mei de harke (Klaaifrysk) of riuwe (Wâldfrysk). Tsjintwurdich besteane dêr ek lânbouwurktugen foar dy't efter de trekker kinne. In swylmasine dy't gjin tsjillen hat en dy't oan 'e trekker dus op 'e hef sit, hjit in akrobaat. In (gruttere) swylmasine dy't sels tsjillen hat, is in sprintmaster.

Beide kearen bestiet de swylmasine út in stikmannich (by in akrobaat ornaris fjouwer, by in sprintmaster seis of mear) fertikale rûne tsjileftige ramten fan bûgde izersteaven dy't yn 'e midden oan in as fêstsitte en oan 'e úteinen as tinen útstekke. In akrobaat kin troch de trekkerbestjoerder mei de hef (it hydraulysk systeem fan 'e trekker) yn syn gehiel optild en dellitten wurde, wylst by in sprintmaster allinne de 'swyltsjillen' optild en dellitten wurde. De optilde tastân is foar ferfier nei en fan 'e greide en foar it kearen fan trekker en swylmasine oan 'e ein fan it lân; it dellitten is foar it swyljen.

Opers yn in greide yn Ierlân.

By it swyljen wurde de hoemannichte gers fan ferskate sweeën op ien lange sliert harke, dy't in wurdze neamd wurdt (ek: wudze, wjirre, wjirze, wjisse; Nederlânsk: zweel).[1] Foarhinne waard it hea ek wol op opers (of oppers) harke,[2] wat lytse bultsjes hea wienen ynstee fan lange trochrinnende slierten. Yn 'e tiid dat alles noch mei de hân dien wurde moast wie dat soms makliker. Tsjintwurdich is it krekt makliker en minder bewurksum om it hea ta wurdzen te swyljen, dat opers sjocht men mar komselden mear.

It is net de bedoeling dat hea wiet wurdt; dêrom moat der yn 'e ûngetiid soms flink oanbodde wurde om it hea op 'e tiid yn te heljen as der rein foarsein is. As it hea noch yn skodde tastân útspraat oer it lân leit, is rein rampsillich, en is de kwaliteit fan it hea bedoarn. It is justjes better as it hea al op wurdzen leit; teminsten, as der net safolle rein falt dat de hiele wurdze trochweakke rekket, want dan komt it op itselde del. As allinnich de boppekant wat wiet wurdt, kin men it neitiid noch in kear skodzje, en dan falt de skea almeast ta, hoewol't rein yn gjin gefal ideaal is. Foarhinne, doe't it ynheljen folle stadiger gie, sleepte men mei in hynder en in efter it hynder bûne balke it hea wol oan reaken om it tsjin ynreinen te beskermjen. Dat wiene grutte bulten fan ien of mear wurdzen. It ûnderste, drûchste (en dus bêste) hea út sa'n reak waard dan reakhea neamd.[3]

Ungetiders loegje hea op in haaiwein lutsen troch oksen. (July 1903 yn 'e omkriten fan Salzburg, Eastenryk.)

Ynheljen en opslach

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei it swyljen moat it hea ynhelle wurde. Iuwenlang waarden dêrfoar troch hynders lytsen platte haaiweinen brûkt, dêr't it hea út 'e wurdzen of opers mei de hân op loege waard. Dat waard dien mei heafoarken, wêrby't ien of mear persoanen it hea fan it lân ôf opstieken, en ien persoan op 'e haaiwein der in stevich gehiel fan makke, sadat it ûnderweis nei hûs net wer fan 'e wein ôf rûgele.

Mei de meganisaasje fan 'e lânbou kaam de saneamde ladewein yn gebrûk, in wein mei tichte foar- en sydkanten en almeast in net oer de boppekant hinne spand. Oan 'e foarkant hat sa'n ladewein in horizontale sylinder mei tinen dy't it hea opsiket en nei it binnenste fan 'e wein ta transportearret as men dermei oer in wurdze riidt. De efterkant bestiet út in net om in izeren ramt hinne, en dat ramt kin fan ûnderen iepen, sadat it hea der op it plak fan bestimming út kin. De flier fan in ladewein bestiet út ferskober materiaal dat wol wat wei hat fan in rupsbân dy't yn 'e rjochting fan 'e efterkant beweecht; dêrmei kin de ladewein lege wurde sûnder dat der mankrêft oan te pas komt.

Steapele heapakken.

Oant yn 'e earste helte fan 'e tweintichste iuw wie it bewarjen fan hea as los hea de iennichste opsje. Men makke der dan in heabulte fan, dy't yn Fryslân ornaris yn 'e golle (it heafak) fan 'e pleats opslein waard. Ut oare dielen fan Jeropa binne heabulten yn 'e iepen loft bekend, dy't bûtendoar ûnder in ôfdakje stiene. As men tsjintwurdich lykwols hea langere tiid bewarje wol, wurdt it almeast ta pakken parse of rôle. Men seit dan faak dat it hea "yn it pak slein wurdt". Soks wurdt dien mei in pakjeparse, in apparaat dat foarhinne standerttarissing wie foar elts leanbedriuw. Tsjintwurdich sjocht men faker rôleparsen, dy't hea ta grutte rôlen rôlje, hoewol't dat yn Fryslân benammen mei bermgers dien wurdt.

Pakken hea wurde byinoar holden troch twa touwen, de saneamde pick-uptoutsjes, dy't sawol fan himp as fan keunststof wêze kinne. As dy touwen trochsnien wurde, falt it pak útinoar yn in stikmannich platte, geardrukte dielen, dy't de boer brûkt om 'e hoemannichte foer ôf te mjitten dy't oan ien bist jûn wurdt. Sokke gearparste pakjeparten moatte foar it fuorjen eins noch wol even útinoar skodde wurde om it de bisten wat makliker te meitsjen.

As men hea ta pakken parse lit, hat gjin sin om it earst fan it lân te heljen, en wurdt de stap mei de ladewein dus oerslein. Foarhinne waarden de heapakken neitiid, faak op 'e jûn, mei in platte boerewein ophelle, wêrby't se mei de hân troch in pear mannen op 'e wein smiten en dêr troch in staller te plak set waarden. As de wein fol wie, gie it op nei de pleats, dêr't de wein yn 'e golle ek wer mei de hân útladen waard en de pakjes ek mei de hân opsteapele waarden. As de steapel yn 'e golle te heech waard om 'e pakken mei de hân oan te jaan of as se op 'e tilingen (boppe it terskhûs) of op 'e bûthússouder teplak brocht wurde moasten, waard der faak in transporteur brûkt, in yn lingte útskobere en yn hichte ferskobere rinnende bân mei útsteksels dêr't men heapakken foar lizze kin. Tsjintwurdich wurdt it sammeljen fan pakjes faak mei in foarlader foar de trekker dien en komt der sa min mooglik hânwurk oan te pas.

Hea yn rûne rôlen (balen). Dit wurdt yn Fryslân benammen dien by bermgers.

In oare mooglikheid wie foarhinne, om it hea mei de ladewein nei de gersdrûgerij te bringen. Dêr waard it troch in behanneling mei hege temperatueren fierder drûge. Drûgerijhea wie dêrom lichter en finer as gewoan hea. It wie ek folle griener, om't it troch de behanneling op 'e drûgerij ûnnedich wie om it lang op it lân drûgje te litten, wêrby't it troch de sinneskyn ferbleekt. Yn 'e drûgerij koe it hea ek fermeald en ta biks (lytse sylinderfoarmige koekjes) parst wurde, de saneamde gersbiks (yn tsjinstelling ta gewoane biks of krêftfoer). Tsjintwurdich binne de measte gersdrûgerijen sletten.

Noch wer in oare mooglikheid is om hea bûtendoar ûnder in grutte lape lânbouplestik te lizzen (yn te kuilen). Dêrtroch komt der in fersuorringsproses op gong, dat hea oer in perioaden fan inkele moannen ta it sterk rûkende kuil (Klaaifrysk) of kule of kûle (Wâldfrysk) makket. Ek it oanlizzen fan sa'n kuilbult is eins alwer efterhelle, mei't hea dat foarbestimd is om kuil fan te meitsjen tsjintwurdich yn it lân al ta grutte pakken of rôlen parst wurdt, dy't dan daliks troch deselde masine elts apart omwuolle wurde mei lânbouplestik. Neitiid wurde se dan mei in shovel op in platte wein laden dy't se nei de pleats bringt, dêr't se bûtendoar in plak krije.

In folsein mei lânbouplestik omwuolle kuilrôle.

Wat jonger it meande gers, wat heger de fiedingswearde. As gers trochsjit (begjint te bloeien), wurdt it hea minder goed te fertarren, mei as gefolch dat it minder gaadlik is foar heechproduktive kij. Foar hynders, oan 'e oare kant, is it krekt better dat se mei letter meand gers fuorre wurde, om't se maklik te fet wurde as se gjin swier wurk hoege te fersetten. Dêrnjonken bestiet der hea fan gers dat kweekt wurdt foar gerssied, dat in lege fiedingswearde hat.

Ien fan 'e minste kwaliteiten hea is boskhea. Dat is hea makke fan gers dat meand wurdt yn greiden dêr't foartiid fee weide hat. Men kriget dan it paradoksale ferskynsel dat op plakken dêr't it weidzjende fee stront falle litten hat, it gers (troch dy natuerlike bedonging) hurder groeit as op plakken dêr't gjin stront fallen is, wylst it fee it gers op sokke bedonge plakken net mear frette wol oant de dong hielendal ferdrûge en weiwurden is. Dat resultearret yn in ûngelikense begroeiïng mei foar it meastepart koart gers, mar mei hjir en dêr in boskje langer gers. Boskhea hat, om't it hielendal trochsketten is, in lege fiedingswearde, en as it yn it pak slein wurdt, sitte der ek stikjes ferdrûge dong by yn.

In heapak of pak hea.

Skealik ûntúch

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn hea kin de foar bisten giftige jabikskrúswoartel foarkomme. De giftige stoffen yn krúswoartelplanten bliuwe nei it meanen yn 'e plant sitten en 'besmette' de rest fan it hea net. It is lykwols wol ferstannich om 'e rest fan in heapak dêr't men sokke planten yn oantreft, net foar foer te brûken om út te sluten dat ûnwerkenbere resten fan krúswoartelplanten dy't yn it hea sitte, ta fergiftiging liede kinne.

As it hea net goed drûch is as it opslein wurdt yn 'e golle, kin it focht yn in heabulte of yn in opsteapele berch heapakken it ferskynsel heabroei feroarsaakje. Dêrby begjint it ûnderyn 'e bulte of steapel te 'broeien'; it wurdt der almar hjitter, oant der úteinlik brân útbrekt. Mannige pleats is yn it ferline troch heabroei hielendal ôfbaarnd, en der wie foarhinne sels in formele oerheidstsjinst fan kontroleurs dy't mei in lange termometer by de boeren lâns giene om gollen en healbulten te kontrolearjen op heabroei.

Heabroei kin tsjingien wurde troch derfoar te soargjen dat it hea goed drûch is as it ynhelle wurdt. Meitsje de waarsomstannichheden dat ûnmooglik, dan kin der ek in heafentilator brûkt wurde. By de opbou fan 'e golle moat dan wol yn 't foar in fentilaasjekanaal frijholden wurde dêr't de fentilator foar setten wurdt.

Hynders oan it hea.

De karakteristike (oangename) rook fan hea wurdt feroarsake troch de oanwêzigens fan rûkersgers (Anthoxantum odoratum) yn it hea.

Utdrukkingen mei hea

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Sa drûch / min / toar / wyld as hea
  • Ald hea en âlde turf binne sa goed as âld jild: sparje behalven jild ek replik guod
  • By hea noch strie yn tel wêze: by nimmen yn oansjen wêze
  • De faam hinget om har frijer hinne as wiet hea om 'e skûte: hja krûpt him stevich oan
  • De klean hingje derom as wiet hea om 'e skûte: de klean hingje him slordich om it liif
  • Fan it strie yn it hea en fan it hea yn 'e side komme: it hieltyd better krije
  • Hast it hea noch net yn 'e skuorre?: seit men tsjin ien dy't de gulp iepenstean hat
  • Hea terskje: nutteleas wurk dwaan (want terskjen docht men mei nôt)
  • It hea op en de ko dea: siswize as immen stjert en gjin erfenis neilit
  • Jins hea raar thús krije: jins fertsjinne lean krije
  • Noch yn it hea moatte: it drok hawwe
  • Te hea en te gers: út en troch
  • Tefolle hea oer de balke helje of Tefolle hea op 'e foarke nimme: tefolle tagelyk of yn ien kear dwaan wolle

Boarnen, noaten en referinsjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Zantema, J.W., Frysk Wurdboek: Frysk-Nederlânsk, Drachten/Ljouwert, 1984 (Utjouwerij A.J. Osinga/Fryske Akademy), ISBN 9 06 06 64 40X, s. 1211.
  2. Zantema, J.W., Frysk Wurdboek: Frysk-Nederlânsk, Drachten/Ljouwert, 1984 (Utjouwerij A.J. Osinga/Fryske Akademy), ISBN 9 06 06 64 40X, s. 717.
  3. Zantema, J.W., Frysk Wurdboek: Frysk-Nederlânsk, Drachten/Ljouwert, 1984 (Utjouwerij A.J. Osinga/Fryske Akademy), ISBN 9 06 06 64 40X, s. 799.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.