Springe nei ynhâld

Oosterkerk (Grins)

Ut Wikipedy
Oosterkerk
Lokaasje
provinsje Grinslân
plak Grins
adres E. Thomassen à Thuessinkloane 1
koördinaten 53° 12' N 6° 34' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Nederlânske Grifformearde Tsjerken
Arsjitektuer
arsjitekt J. Kuiler en L. Drewes
boujier 1927-1929
boustyl Ekspresjonisme
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 483654
Webside
ngk.nl
Kaart
Oosterkerk (Grins-Binnenstêd)
Oosterkerk

De Oosterkerk (Eastertsjerke) is in monumintale tsjerke yn Grins. De tsjerke wurdt brûkt troch de gemeente Grins-East fan 'e Nederlânske Grifformearde Tsjerken en jout plak oan mear as 1100 minsken.

De tsjerke waard tagelyk mei in pastory en kosterswente yn 'de jierren 1927-1929 op 'e hoeke fan 'e S.S. Rosensteinloane en de Thomassen à Thuessinkloane boud foar de Grifformearde gemeente fan 'e eastlike stedsútwreiding fan Grins. De arsjitekten Jan Kuiler en Lucas Drewes ûntwurpen in tsjerke yn 'e styl fan de Amsterdamske Skoalle en dêr't plak wie foar mear as 1100 minsken (wêrfan 336 op 'e kreake).

Ynterieur en oargel.

Tsjerke, kosterswente en pastory steane op in mearhoekich, waaierfoarmich grûnplan, mei de haadyngong op 'e hoeke fan 'e beide loanen oan 'e râne fan 'e Easterparkwyk. Yn 1990 waarden de glês-yn-leadramen restaurearre. Sûnt 1995 is de tsjerke ynskreaun as ryksmonumint.[1]

Tusken 1999 en 2002 dielden de grifformearden de tsjerke mei de frijmakke-grifformearden. Op 1 juny 2002 foarmen de Grifformearde tsjerken fan Grins-Noard en Grins-Súd ien Grifformearde Stedstsjerke. Noch yn 'e selde moanne holden de grifformearden foar it lêst in tsjinst yn 'e tsjerke. De frijmakke grifformearden bleane lykwols de tsjerke fierder brûken.[2]

Sûnt 1 maaie 2023 foarmje de Nederlânsk Grifformearde Tsjerken en de Grifformearde Tsjerken (frijmakke) nei de skuorring fan 'e jierren 1960 wer ien tsjerkegenoatskip: de Nederlânsk Grifformearde Tsjerken.

Yn itselde jier fan 'e foltôging fan 'e Grifformearde tsjerke boude de firma Valckx & Van Kouteren út Rotterdam boppe de preekstoel in pneumatysk oargel. Yn 'e jierren 1960 en 1970 waard de disposysje fan it ynstrumint feroare en de traktuer elektrifisearre. Yn 2008 brocht Mense Ruiter tagelyk mei in restauraasje it oargel werom yn 'e oarspronklike steat.[3]

Boarnen, noaten en referinsjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Keppeling om utens