Sint-Barnabaskleaster
Sint-Barnabaskleaster | ||
Lokaasje | ||
lân | de jure Syprus de fakto: Noard-Syprus | |
distrikt | de jure: Famagusta de facto Gazimağusa | |
plak | Enkomi | |
Kleastergegevens | ||
denominaasje | Tsjerke fan Syprus | |
oprjochting | 5e iuw | |
opheffing | 1976 | |
Ynformaasje bou | ||
hjoeddeiske funksje | museum | |
Kaart | ||
It Sint-Barnabaskleaster (Ayios Barnabas) is in earder kleaster op it eilân Syprus, 2 km west fan Constantia. Hjoed-de-dei leit it kleaster yn it ynternasjonaal net erkende Noard-Syprus. Nei de Turkske ynvaazje fan 1974 ferlieten de lêste muontsen it kleaster. De kleastertsjerke docht tsjintwurdich tsjinst as ikoanemuseum en de kleastergebouwen binne ynrjochte as argeologysk museum.
Skiednis
It oarspronklike hillichdom waard tsjin 'e ein fan 'e 5e iuw stifte, faaks yn it jier 477, doe't keizer Zeno de bou fan in basilyk mooglik makke by it plak dêr't it grêf fan 'e apostel Barnabas troch aartsbiskop Antemius ûntdutsen waard. Ek lokale pommeranten sille oan 'e bou meibetelle ha. De tsjerke hie in houten tek en dêr omhinne ûnstienen tunen, akwadukten en gastferbliuwen foar de opfang fan pylgers. Op reis nei it Hillige Lân koene pylgers fuort ek in besite oan it grêf fan Barnabas bringe. De 6e-iuwske Laudatio Barnabae beskriuwt de fersiering fan it nije grêf fan Barnabas mei sulver en moarmer. Syn beskriuwing tsjûget ek fan it bestean fan in kleastermienskip by it hillichdom. De reliken waarden lang om let ferhûze nei de basilyk fan Sint-Epifanius yn Constantia.
Oan 'e ein fan 'e 7e iuw waard de basilyk by de Arabyske oerfallen op it eilân ferneatige. Wat der oerbleau fan 'e oarspronklike basilyk waard yn 'e eastlike kant yntegrearre yn 'e hjoeddeiske basilyk út likernôch 900. De krúskoepeltsjerke is trijeskippich en hat twa flakke koepels op hege tamboeren. Nei't Constantia tsjin de ein fan 'e 8e iuw ferlitten waard, kin it kleaster foar in pear iuwen de residinsje west ha fan 'e aartsbiskoppen.
Alhoewol't de twadde bou fan 'e tsjerke troch de iuwen stean bleau en in beafeartstsjerke bleau, is it net bekend of der al dy tiid ek in kleastermienskip by west hat. Wilbrand fan Oldenburg besocht de tsjerke yn 'e 13e iuw en skreau dat de stêd om de tsjerke hinne ferneatige wie. Yn 1735 besocht Vasili Grigorovitsj Barski de tsjerke en tekene dêr de kleastergebouwen en tunen. It hjoeddeiske oansjen fan 'e gebouwen is it wurk út 1756 fan aartbiskop Filoteos.
De lêste muontsen fan it kleaster fertsjinnen de kost mei it meitsjen en ferkeapjen fan ikoanen. Nei de Turkske ynvaazje yn 1974 fan Syprus ferlieten hja it kleaster. De tsjerke is tsjintwurdich in museum mei ikoanen. Yn 'e kleastergebouwen is in argeologysk museum ûnderbrocht mei objekten dy't werom geane op it neolitikum.
Grêf fan Barnabas
East fan 'e grutte kleastertsjerke stiet in lytse Byzantynske kapel op de lokaasje fan it grêf fan 'e apostel Barnabas. In stiennen trep nei ûnder giet nei twa út de rots houde keamers, dêr't neffens de oerlevering de hillige begroeven waard.
-
Grêfkapel fan Sint-Barnabas.
-
Grêf fan Sint-Barnabas.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|