Misdiefiksje
Misdiefiksje is in sjenre fan literatuer, film en tillefyzje dat draait om misdriuwen en yn 't bysûnder om it oplossen fan misdriuwen. Dêrby kin de plot de dieder fan it misdriuw as haadpersoan hawwe, mar faker wurdt de oplosser fan it misdriuw as haadpersoan nommen. Dat kin in plysje wêze, in privee-detektive of samar ien dy't by in misdriuw behelle rekket. It misdriuw dat oplost wurde moat, is ornaris in slimme misdie, lykas in moard, in ûntfiering of, minder faak, in ferkrêfting of in swiere mishanneling. Misdiefiksje yn 'e foarm fan in boek is de misdieroman. Yn dy foarm wurdt it ornaris ûnderskaat fan mainstream-literatuer as in foarm fan sjenrefiksje. Misdiefiksje as filmsjenre is de misdiefilm; op 'e tillefyzje hjit it in misdiesearje. Spanning en it oplossen fan in mystearje binne de wichtichste eleminten fan misdiefiksje. Dit sjenre stiet yn 'e regel op himsels, mar it is ek mooglik in misdieplot te kombinearjen mei de eftergrûn fan in oarsoartich sjenre, lykas histoaryske fiksje of science fiction.
Skiednis
Ien fan 'e earste ferhalen wêryn't it oplossen fan in misdriuw in sintraal plak ynnimt, is it Aldgrykske toanielstik Kening Oidipoes fan Sofokles, dat datearret út 429 f.Kr. Yn dat stik liedt de speurtocht nei de moardner fan 'e foargeande kening ta de fal fan syn opfolger. In oar ier foarbyld is de Sineeske gong'an-fiksje, wêryn't magistraten misdriuwen oplosse dy't foar it gerjocht brocht wurde. Dat soarte ferhalen ferskynde foar it earst ûnder de Song-dynasty (960-1279).
De Arabyske mearkes fan Tûzen-en-ien Nacht, dy't ek datearje út 'e Midsiuwen, omfiemje ferskate ferhalen dy't as misdiefiksje omskreaun wurde kinne soene, lykas De Trije Apels. Dêryn fynt in fisker oan 'e igge fan 'e rivier de Tigris in swiere kiste dy't op 't slot sit. Hy ferkeapet it ding oan 'e Abbasidyske kalyf Harûn al-Rasjyd, en as dy de kiste iepenbrekke lit, wurdt dêryn it stoflik omskot oantroffen fan in jonge frou dy't yn stikken snien is. De kalyf oarderet dan syn fizier Djafar ibn Jachja om 'e saak te ûndersykjen en binnen trije dagen op te lossen, of oars sil er sels eksekutearre wurde. Ek twa oare mearkes fan Tûzen-en-ien Nacht, De Keapman en de Dief en Ali Chwadja, binne misdieferhalen.
It ierste foarbyld fan misdiefiksje yn 'e moderne sin fan it wurdt wie de novelle Mademoiselle de Scudéri, fan E.T.A. Hoffmann, út 1819. Oare iere foarbylden binne Richmond, Or: Stories in the Life of a Bow Street Officer, fan Thomas Skinner Sturr, út 1827, en it Deensktalige De Dominy fan Vejlby, fan Steen Steensen Blicher, út 1829. Bekender binne lykwols de dûnkere ferhalen fan Edgar Allan Poe, mei as haadpersoan de eksintrike detektive C. Auguste Dupin, lykas The Murders in the Rue Morgue (1841) en The Purloined Letter (1844). Mei de ferhalen oer Dupin skoep Poe de blaudruk foar it moderne detektiveferhaal.
Dêr borduerre Arthur Conan Doyle letter op fuort mei syn ferhalen oer de privee-detektive Sherlock Holmes, lykas The Sign of the Four (1890) en The Hound of the Baskervilles (1901). Lettere ferneamde wurken fan misdiefiksje binne û.m. de boeken fan Agatha Christie (publisearre tusken 1920 en 1976), oer Miss Marple en Hercule Poirot, lykas Murder on the Orient Express (1934), Death on the Nile (1937) en And Then There Were None (1939).
Subsjenres
- detektivefiksje: misdiefiksje mei as haadpersoan in profesjonele of amateur-detektive dy't in misdriuw (ornaris in moard) ûndersiket.
- cozy mystery: detektivefiksje wêryn't flokwurden, seks en geweld mijd wurde
- whodunnit: detektivefiksje wêryn't de plot mei sin opboud is om 'e dieder fan it misdriuw oant op it lêste momint geheim te hâlden.
- histoaryske whodunnit: in whodunnit opfierd tsjin in histoaryske eftergrûn; ek in subsjenre fan histoaryske fiksje.
- sletten-keamermoard of locked room mystery: in spesjaal soarte whodunnit wêryn't net inkeld de dieder fan it misdriuw opspoard wurde moat, mar wêrby't it misdriuw sels ûnder skynber ûnmooglike omstannichheden plakfûn hat, sadat ek útfûn wurde moat hoe't it misdriuw útfierd is.
- plysjefiksje: detektivefiksje wêrby't de detektive in plysje is.
- forensyske misdiefiksje: plysjefiksje wêrby't it misdriuw oplost wurdt oan 'e hân fan forensysk ûndersyk nei it plak delikt en it stoflik omskot fan it slachtoffer.
- heistfiksje: it ferhaal fan in misdriuw (faak in bankoerfal of in soartgelikense yngewikkelde ynbraak mei dieverij) wurdt ferteld út it perspektyf fan 'e dieders wei.
- juridyske skriller: misdiefiksje wêrby't de haadpersoanen in abbekaat en syn meiwurkers binne, dy't by in rjochtsaak bewize moatte dat harren kliïnt ûnskuldich is (en dêrby ornaris tagelyk oanwize wa't dan wol de dieder is).
- misdieparody: in parodiëarre foarm misdiefiksje.
- spionnefiksje: misdiefiksje wêrby't de haadpersoanen spionnen binne, dy't ornaris wurkje foar in geheime tsjinst.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side. |