Fiskbuorren
Fiskbuorren is in buorskip dy’t yn de gemeente Noardeast-Fryslân leit. It leit noardwestlik fan Ternaard, noardeastlik fan Holwert en besuden de Waadsee. Fiskbuorren leit yn de himrik fan Ternaard.
De bebouwing fan de buorskip leit oan de Fiskbuorren en de Lytsewei. De kearn bestiet út 21 adressen oan de Fiskbuorren en 7 oan de Lytse Wei.
Noardlik fan Fiskbuorren leit in einekoai.
Skiednis
Namme
De namme komt ek foar as Visch Buirt, Feskbueren en Vischbuyrt. Oant 1590 lei de delsetting noch oan de seedyk en der sille doe fiskers wenne hawwe.
Ûntstean
Fiskbuorren is ûntstean oan de Waadsee, doe't der noch gjin bûtendyksgebiet wie (wêryn't no de einekoai leit). It wie feitlik in buorren dêr't fiskers wennen, dêrfandinne de plaknamme.
Gemeentelike weryndieling
Sûnt 2019 leit Fiskbuorren yn de gemeente Noardeast-Fryslân, dêrfoar lei it yn de gemeente Dongeradiel en foar 1984 lei de buorskip yn sawol de gritenij as de gemeente West-Dongeradiel.
Sjoch ek
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|