Springe nei ynhâld

Bedwelming

Ut Wikipedy
The printable version is no longer supported and may have rendering errors. Please update your browser bookmarks and please use the default browser print function instead.

Bedwelming of yntoksikaasje is in tastân wêryn't in minske of bist syn ferstanlik ynsjoch of sels folslein it bewustwêzen ferliest troch tadwaan fan in útwindich middel. Dêrby kin it gean om eat dat dronken, iten, snúfd, azeme, yn 'e bloedbaan ynjektearre of op in oare wize tatsjinne wurdt, itsij troch de persoan yn kwestje sels, itsij troch in oar. Ien fan 'e meast foarkommende foarmen fan bedwelming is dronkenskip, oftewol bedwelming mei alkohol. In oar foarbyld is high of stoned te wêzen troch ynname fan drugs. Ek narkoaze, dat tapast wurdt tsjin 'e pine by yngripende medyske behannelings, is in foarm fan bedwelming.

Bedwelming wurdt, alteast yn it gefal fan minsken, faak sels tapast, troch oermjittige ynname fan alkohol of it gebrûk fan drugs. Narkoaze wurdt mei goedkarring fan 'e persoan sels op him of har tapast troch de medyske stân. Bedwelming wurdt lykwols ek wol sûnder tastimming fan 'e persoan yn kwestje op him of har tapast troch in oar, bygelyks foar in troch bedwelming mooglik makke ferkrêfting, wêrby't it slachtoffer bewusteleas is of alteast syn of har frije wil en/of ferstanlik ynsjoch folslein ûntnommen wurdt. Soks wurdt bygelyks dien troch temûke tatsjinning fan it beruchte date rape-middel Rohypnol.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Sterkenburg, Piet van, Van Dale Groot Woordenboek Hedendaags Nederlands, Utert/Antwerpen, 2002 (Van Dale Lexicografie), ISBN 9 06 64 81 447, s. 120.