Springe nei ynhâld

Penric's Demon

Ut Wikipedy
De ferzje fan 8 mai 2020 om 11.25 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (nije side)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Penric's Demon
algemiene gegevens
auteur Lois McMaster Bujold
taal Ingelsk
foarm novelle
sjenre fantasy
1e publikaasje 2015 (e-boek)
2016, Burton
oarspr. útjwr. Subterranean Press
rige
rige Penric and Desdemona
● folgjend diel Penric and the Shaman
kodearring
ISBN 978-1 59 60 67 691

Penric's Demon is in fantasy-novelle fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwster Lois McMaster Bujold. De titel betsjut: "Penric syn Demon". It boek fertelt it ferhaal fan 'e jonge ealman Penric, dy't op in dei ûnderweis in stjerrende tsjoenster treft dy't him bejeftiget mei har ynderlike demon fan dusoarder. Penric's Demon makket diel út fan Bujold har gruttere romansearje The World of the Five Gods, en is it earste diel fan 'e rige Penric and Desdemona. De novelle waard yn 2015 publisearre as e-boek en yn 2016 yn in beheinde hardcoveredysje by de útjouwerij Subterranean Press, yn Burton (Michigan), mei in omslach makke troch Lauren Saint-Onge. Yn 2020 waard Penric's Demon werútjûn as ûnderdiel fan 'e omnibusedysje Penric's Progress, yn 'e mande mei de beide folgjende dielen fan 'e Penric and Desdemona-searje: Penric and the Shaman en Penric's Fox.

De njoggentjinjierrige Penric sibbe Jurald, út Grienwelle, yn 'e Kantonnen, is in telch út in aadlik slachte dat ferearmoede is troch de gokferslaving fan syn heit silger en de ûnberette goederjouskens fan syn âldere broer Rolsch. Fia syn skoansuster hat syn mem in houlik foar him regele mei de tsjeppe Preita, in dochter út in rike keapmansfamylje dy't yn tsiis hannelet. Penric is net botte ûntefreden oer it foarnommen houlik, mar hy langet dernei om mear fan 'e wrâld te sjen, en dat sil no nei alle gedachten nea barre.

Wylst er allinne mei syn tsjinstfeint Gans ûnderweis is nei syn trouwerij (Rolsch, syn mem en syn susters binne al foarútreizge), komt er op 'e wei fan Juraldhôf, de sit fan syn famylje, nei it stedsje Grienwelle in selskip tsjin dat him it paad tichtset hat. It docht bliken dat de âlde timpeltsjoenster Ruchia in hertoanfal krigen hat, en har tsjinners hawwe it âldminske op in mantel op 'e grûn lein. As Penric út fatsoen by har sjocht en syn help oanbiedt as der wat is dat er foar har dwaan kin, antwurdet se dat syn help akseptearret. Se stjert en op dat stuit sjocht Penric in read ljocht yn har eagen, wêrnei't er in kakofony fan stimmen yn syn holle heart foar't him alles swart foar de eagen wurdt.

As er mear as in dei letter wekker wurdt, befynt er him yn it timpelhûs yn Grienwelle, dêr't de preester him fertelt dat de tsjoenster him bejeftige hat mei de gaosdemon dy't har har boppenatuerlike krêften joech. Sadwaande draacht hy no in demon yn him, en is er dêrtroch tsjoender wurden. Eltsenien, sels syn eigen famylje, is no sa benaud fan him dat nimmen him noch doar oan te reitsjen. It houlik mei Preita wurdt ôfblaasd, en hoewol't Penric dêr oan 'e iene kant net botte rouwich om is, docht it oan 'e oare kant wol wat sear om samar oan 'e kant reage te wurden. Net ien wit wat se mei Penric oan moatte, dat der wurdt besletten om it probleem troch te skowen nei de Oarder fan 'e Bastert, de god dy't sizzenskip hat oer demoanen.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

De neiste kapittelseal fan 'e Oarder fan 'e Bastert stiet yn 'e grutte stêd Marterbrêge, wat fierder fan hûs is as Penric ea west hat. Wylst se ûnderweis binne, begjint de demon mei him te praten. It docht bliken dat dy foàr Ruchia noch njoggen oare froulju beset hat, en dêrfoar in liuwinne en in merje. Sadwaande hat de demon in dúdlik froulike identiteit ûntwikkele. It is dêrmei ek in tige âlde demon, dy't al sa'n twahûndert jier yn 'e wrâld is. Penric freget har hoe't se hjit, mar demoanen hawwe gjin namme. Penric beslút har dan sels in namme te jaan en neamt har Desdemona, om't er dat tapaslik fynt. De demon, dy't noch nea earder samar wat krigen hat, beskôget dat as in grut geskink.

Marterbrêge wie de reisbestimming fan Ruchia, en as Penric dêr opdaagjen komt ynstee fan 'e âlde tsjoenster jout dat hiel wat trelit. De kapittelseal fan 'e Oarder fan 'e Bastert dêre stiet ûnder tafersjoch fan learde Tigney. Penric kriget in sliepplak tawiisd yn in souderkeammerke, dat er diele moat mei de jonge wijeling Clee. Tigney wol mar sa'n bytsje loslitte oer hoe't men omgean moat mei in demon en wat der no mei Penric barre sil, dat Penric nei in pear dagen suver by de muorren opfljocht fan frustraasje. Mar Desdemona helpt him om ien fan 'e 'ferbeane' boeken út 'e bibleteek te 'lienen'. It docht bliken dat it boek skreaun is troch Ruchia. De tekst giet Penric op plakken boppe de pet, mar Desdemona helpt him om der wiis út te wurden. Se leart him ek om ienfâldige foarmen fan tsjoenderij te brûken, en ien fan 'e dingen dy't Penric it earste ûnder de knibbel kriget, is hoe't er fjoer meitsje moat. Ek blykt er ynienen Cedoansk lêze te kinnen, hoewol't dy taal yn in frjemd skrift skreaun wurdt. Desdemona leit him út dat soks mooglik is om't de kennis fan har eardere masteressen nei him ta 'trochlekt'; en de learde Ruchia en har foargongster, learde Helvia, sprieken en skreaune floeiend Cedoansk.

Wylst er yn 'e kapittelseal ferbliuwt, mei Penric yn it gebou gean en stean dêr't er wol, mar it is dúdlik net de bedoeling dat er him bûtendoar bejout. Hy makket him gjin yllúzjes oer syn sitewaasje en sjocht himsels as in ferkapte finzene. Yn syn tiid yn Marterbrêge komt Penric stadichoan better yn 'e kunde mei syn keamergenoat Clee, en hy hopet úteinlik freonen te wurden mei de jonge wijeling, dy't mar in pear jier âlder is as hysels. Clee is de jongere healbroer fan 'e hear fan Marterhoale, in kastiel op sa'n tsien myl ôfstân fan Marterbrêge, oan 'e igge fan deselde mar dêr't ek de stêd oan leit. Clee bringt him mei syn healbroer Rusillin yn 'e kunde as dy ris tafallich yn 'e stêd is.

Op in dei, as Penric al in pear wiken yn 'e kapittelseal trochbrocht hat, nûget Clee him út om it jûnsmiel op Kastiel Marterhoale te brûken as gast fan Rusillin. Hy heakket deroan ta dat learde Tigney al tastimming jûn hat. Penric hastiget him om mei Clee te gean foar't Tigney him betinke kin. Nei't se mei-inoar iten hawwe, skinkt Rusillin harren trijen in drankje yn dat er omskriuwt as in pleatslike likeur. De stim fan Desdemona warskôget Penric lykwols yn syn holle dat it drankje oanlinge is mei papaversop. Se neutralisearret it bedwelmingsmiddel yn syn mûle, foar er it trochslokt, mar riedt him oan om te dwaan as wurdt er slûch en falt er yn 'e sliep, om't se sjen wol wat Clee en Rusillin fan doel binne.

Wylst de beide healbruorren Penric nei de kelder fan it kastiel sjouwe, wurde Penric en Desdemona út harren praat gewaar dat Rusillin, dy't lieding jout oan in ôfdieling hierlingen yn 'e tsjinst fan 'e paltsgreve fan Westria, in tsjoender hawwe wol om him yn 'e striid by te stean. Yn 'e kelder wurdt dúdlik dat se soks bewurkmasterje wolle troch Penric de kiel troch te snijen, sadat syn demon nei ien fan harren beiden oerspringe moat. Desdemona betanket lykwols foar de ear en helpt Penric oan harren te ûntkommen, ûnder mear troch it limmet fan in mês fuortroastkje te litten ear't it Penric reitsje kin, troch it hier fan syn beide oanfallers yn 'e brân te stekken, en troch harren mulrimen knappe te litten, sadat de broek harren ôfsakket.

Penric wit op dy manear troch de wetterpoarte fan it kastiel te ûntkommen nei it iepen wetter fan 'e mar. Dêr rekket er yn panyk om't er net swimme kin, mar ien fan Desdemona har eardere masteressen, Umelan fan Roknar, koe dat wol, en as er him deroan oerjout, merkt er dat hy it no ek kin. Clee en Rusillin sette him efternei yn in boatsje, mar Desdemona lit it hout rotsje sadat se mei de fuotten troch de boaiem hinne sakje. Ek de roeirimen knappe, en as der efter harren ynienen in útslaande brân yn it kastiel útbrekt, moatte Rusillin en Clee mei de hannen peddeljend sjen dat se yn it sinkende boatsje wer op Marterhoale komme foar't it hiele kastiel yn 'e jiske lein is.

Penric swimt ûnderwilens de mar oer, giet oan lân en rint, nei in skoft útpûst te hawwen, werom nei Marterbrêge, dêr't er tsjin moarnsdage oankomt. Werom yn 'e kapittelseal fan 'e Oarder fan 'e Bastert wurdt er daliks by Tigney brocht, dy't, sa hie Penric ûnderwilens ek al útfigelearre, him hielendal gjin tastimming jûn hie om nei Kastiel Marterhoale ta. Wat er net ferwachte hie, is dat Clee al foar him by Tigney kommen is. De jonge wijeling hat it ferhaal ophongen dat de demon Penric oermânsk wurden is en Clee twongen hat om him mei te nimmen nei Kastiel Marterhoale, dêr't er út klearebare fandalisme in ravaazje oanrjochte hat. Penric stelt dêr de wierheid foaroer, mar Tigney wit net wa fan harren oft er leauwe moat.

Dêrom lit er in gast fan 'e kapittelseal dy't de jûns tefoaren arrivearre is, derby helje. It is learde Broylin fan Idau, in hillige fan 'e Bastert dy't it fermogen hat om demoanen oan harren minsklike selskipslju te ûntskuorren sûnder dat de minsken dêrtroch skansearre reitsje. De hillige fungearret dan as in soarte fan poarte nei de god, en de demoanen keare troch him hinne werom nei de hel fan 'e Bastert, dêr't se har yndividualiteit ferlieze en opgeane yn in algemiene gaosenerzjy. Foar Desdemona soe sa'n lot delkomme op in dea sûnder in hjirneimels, en se is deabenaud foar Broylin. Penric giet lykwols foar de hillige op 'e knibbels en sprekt troch him hinne de Bastert ta, dy't er smeket om Desdemona te sparjen. Tigney fynt dat Penric fiersten te jong en ûnbeleard is om sa'n sterke demon te hawwen, en jout Broylin opdracht om Desdemona werom te stjoeren nei de hel fan 'e Bastert, mar dan docht bliken dat de god Penric syn gebed ferheard hat, want foar de earste kear yn syn libben slagget it Broylin net om in demon oan in minske te ûntskuorren. De hillige merkt op dat dat betsjut dat Penric no de facto opnommen is yn 'e Oarder fan 'e Bastert. As wat dat op it lêst noch by him opkomt wylst er de keamer útgiet, smyt er noch oer it skouder dat Clee liicht en Penric de wierheid sprekt.

Clee wurdt dêrnei finzenset. It is wat dreger om mei syn healbroer Rusillin ôf te weven, dy't him ferskânze hat yn syn heal ôfbaarnde kastiel, mar dêr sille it stedsbestjoer fan Marterbrêge en de Timpel tegearre oer gear. Penric wurdt troch Tigney by Llewen sibbe Hartstoarne, de aartsprelate-karfoarstinne fan Marterbrêge brocht, dy't him oanbiedt om oan it ferneamde seminaarje fan 'e Bastert yn Roazehal oplaat te wurden ta in folleard timpeltsjoender. Dat liket Penric skoan ta, mar hy freget oft er earst mei Desdemona oerlizze mei. As er de saak oan har foarleit, bringt se him yn 't sin dat er om har te rêden in god yn 'e eagen sjoen hat en foar har tsjûge hat. Der bestiet no neat mear yn 'e wrâld dat se, foarsafier't it yn har macht is, him ea noch ûntsizze sil.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Bujold, Lois McMaster, Penric's Demon, Burton (Michigan), 2016 (Subterranean Press), ISBN 978-1 59 60 67 691.
  • Bujold, Lois McMaster, Penric's Demon yn: Bujold, Lois McMaster, Penric's Progress, New York, 2020 (Baen Books), ISBN 978-1 98 21 24 298.
The World of the Five Gods
Penric and Desdemona
Penric's Demon • Penric and the Shaman • Penric's Fox • Masquerade in Lodi • Penric's Mission • Mira's Last Dance • The Prisoner of Limnos • The Orphans of Raspay • The Physicians of Vilnoc • The Assassins of Thasalon • Knot of Shadows
oare boeken
The Curse of Chalion • Paladin of Souls • The Hallowed Hunt (Fryske oersettingYn it Skaad fan de Wolf)