Roombeek
Roombeek | ||
Roombeek (2007) | ||
polityk | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Oerisel | |
Gemeente | Ynskedee | |
Plak | Ynskedee | |
sifers | ||
ynwennertal | 4.380 (2023) | |
oerflak | 0,72 km² dêrfan lân: 0,72 km² dêrfan wetter: 0 km² | |
befolkingstichtens | 6.083 ynw./km² | |
oar | ||
tiidsône | UTC +1 | |
● simmertiid | UTC +2 | |
koördinaten | 52° 13' NB, 6° 53' EL |
Roombeek is in wenwyk yn Ynskedee. Op 13 maaie 2000 hie yn de wyk in fjoerwurkramp plak. Dêrby foelen 23 deaden en sa'n 950 ferwûnen. In protte wenten waarden ferwoaste of slim skansearre.
Untstean
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Roombeek ûntstie ein 19e iuw as stedsdiel fol mei tekstylyndustry nei de iepening fan de it spoar fan Ynskedee nei Oldenzaal yn 1890. Yn de buert fan de fabriken waarden arbeiderswenten boud. Letter fêstigen har der ek oare bedriuwen lykas bierbrouwerij Grolsch. Op syn hichtepunt wie Ynskedee nei Manchester de twadde tekstylstêd fan de wrâld. Ein jierren 1960 ferdwûn de tekstylyndustry út Ynskedee, benammen nei saneamde legeleanlannen. In protte fabriksgebouwen kamen leech te stean, rekken yn ferfal of krigen in oare funksje (bygelyks foar keunstners), wylst nije bedriuwen har yn de wyk fêstigen en de arbeiderswenten bewenne bleaune.
Op sneon 13 maaie 2000 fette in opslachromte mei fjoerwurk fan it bedriuw S.E. Fireworks oan it begjin fan de middei flam en ûntplofte úteinlik. Der foelen 23 deaden, ûnder wa 4 brânwachtminsken, ûngefear 950 minsken rekken ferwûne en 200 wenningen yn de wyk Roombeek waarden ferwoaste.
Weropbou nei de ramp
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Al foar dy ramp wiene der al plannen foar in grutte fernijing fan de wyk. De mannichte âlde fabrykskompleksen makken in ferfallen yndruk. Unyk foar Nederlân waard nei de ramp besletten om de wyk foar in grut part troch partikulieren realisearje te litten. Fan de Twadde Wrâldkriich ôf binne praktysk alle grutte projekten yn Nederlân boud troch grutte boubedriuwen en net mear troch partikulieren.
Yn it nije plan dat foar Roombeek skreaun waard, is útgien fan it orizjinele strjitteplan (in fertroude wyk). De klam kaam te lizzen op trije assen: de Roomweg fan east nei west, de Lonnekerspoorlaan fan súd nei noard en de Museumlaan. De trije assen komme byinoar by de "Knoop fan Roombeek", in plein mei soarchfoarsjeningen in monumint en de De Museumfabriek.
-
Keninginne Beatrix yn it werboude Roombeek (2008)
-
Eardere pakhûs en wettertoer fan Menko, no wenten (2021)
-
Lonnekerspoarleane, hjir rûn eartiids it spoar fan Ynskedee nei Oldenzaal (2021)
-
De Museumlaan (2021)
-
Monumint ta neitins oan de fjoerwurkramp (2019)
-
De beek Roombeek yn Roombeek (2013)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Wiken yn de stêd Ynskedee | ||
---|---|---|
Sintrum: Binnenstêd • Boddenkamp • De Bothoven • 't Getfert • Horstlanden-Veltkamp • Laares • Het Zeggelt | ||
Noard: Bolhaar • Deppenbroek • Mekkelholt • Roombeek • Twekkelerveld • Campus UT | ||
East: Dolphia • De Eschmarke • Hogeland • 't Ribbelt • Stokhorst • Varvik • Velve-Lindenhof • Wooldrik | ||
West: Boswinkel • Pathmos • Ruwenbos • Stadsveld • 't Zwering | ||
Súd: Helmerhoek • Stroinkslanden • Wesselerbrink | ||
· · |