Springe nei ynhâld

Romanogotyk

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Romano-gotyk)
De romanogoatyske Ursustsjerke fan Termunten
Roermond: Munstertsjerke

De oantsjutting romanogotyk wurdt brûkt foar in tal boustilen út foaral de 13e en 14e iuw, doe't it romaansk stadichoan ferfongen waard troch de gotyk. Romanogotyk is feitlik foar it grutste part noch in romaanske boustyl dêr't al goatyske foarmen yn oanbrocht waarden en komt it meast foar by tsjerken.

Der kinne twa dúdlike kategoryen ûnderskieden wurde.

1. De Leechrynske let-romaanske styl wurdt ek wol by de romanogotyk rekkene om reden fan de taname fan fertikaliteit troch it tapassen fan krúsferwulften en út en troch ek puntbôgen. Yn Nederlân is dêrfan de Munstertsjerke yn Roermond it belangrykste foarbyld, mar ek de âlde Sint-Salviustsjerke yn Limbricht hat goatyske stylskaaimerken. Yn Dútslân komt de styk faker foar. Ein 19e iuw wie de romanogoatyske styl yn Nederlân de ynspiraasjeboarne foar de neo-romanogotyk, dêr't de arsjitekt Carl E.M.H. Weber de wichtichste eksponint fan wie.

2. In selsstannige romanogoatyske styl yn de Fryske lannen kinne benammen tsjerken yn Fryslân, Grinslân en it Dútske East-Fryslân ta rekkene wurde. De styl sil grif út it romaansk ûnestien wêze, mar der is in dúdlik ûnderskied te meitsjen. De tsjerken yn dy groep binne altyd oplutsen út bakstien en hawwe in muorreyndieling yn horizontale bannen, mei dêryn bline nissen as fersiering. De topgevels fan it transept binne ek mei nissen fersierd. De yn it earstoan lytse ramen lizze ferdjippe yn de muorre en hawwe kraalprofilen. Yn it ynterieur falle de saneamde meloenferwulften op. De âldste foarbylden fan de styl hawwe faker nissen en gevelfersieringen as de lettere foarbylden. Stadichwei waarden dy minder tapast, waarden de ruten grutter en waarden de rûnbôgen ferfongen troch puntige, oant úteinlik suvere goatyske foarmen brûkt waarden.

It âldste foarbyld fan romanogotyk yn Nederlân is it koar fan de tsjerke fan Leermens. De tsjerken fan Stedum en Súdbroek binne frijwat komplete foarbylden fan de iere styl. De tsjerke fan Noardbroek lit in oergong sjen yn de rjochting fan de gotyk. Yn Seeryp is it lêste stadium fan de romanogotyk fertsjintwurdige; dy tsjerke hat suver goatyske foarmen yn kombinaasje mei in romanogoatyske bouwize en -details.

Romanogoatyske tsjerken yn Grinslân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Romanogoatyske tsjerken yn Fryslân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Monumentale kerk van Jistrum: symbool van eeuwenlange vroomheid, frieschdagblad.nl, 17 augustus 2006