Springe nei ynhâld

Maaie (gedicht fan Herman Gorter)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Maaie (Gorter))
Maaie
algemiene gegevens
oarspr. titel Mei
auteur Herman Gorter
taal Nederlânsk
foarm poëzij
sjenre epos
skreaun 1886-1889
1e publikaasje 1889
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Maaie
publikaasje 1998, Ljouwert
útjouwer Utjouwerij Frysk en Frij
   y.g.m. ELF
oersetter Klaas Bruinsma
ISBN oers. 978-9 07 35 54 306

Maaie yn it oarspronklike Nederlânsk Mei, is in lang gedicht fan 'e hân fan 'e njoggentjinde-iuwske Nederlânske dichter Herman Gorter (1864-1927), dat er tusken 1886 en 1889 skreau. It is in saneamd lyrysk epos, dêr't de Nederlânsk natoer yn besongen wurdt yn 'e allegoaryske foarm fan 'e moanne maaie. Dit gedicht wurdt, mei fanwegen syn fernijend taalgebrûk, beskôge as in hichtepunt út 'e Nederlânske literatuer. De earste sin, "Een nieuwe lente en een nieuw geluid", binne ûnstjerlik wurden. De Fryske oersetting fan Klaas Bruinsma is út 1998.

Yn Mei makket Gorter in protte gebrûk fan wiidweidige ferlikings, dy't nei de Grykske dichter Homêros wol homearyske ferlikings neamd wurde. Hy makket fan Mei in heldedicht mei yn 'e haadrol it famke Maaie. Sels spilet er der ek in rol yn, wat doedestiden noch nea earder dien wie.

Yn it earste diel wurdt Maaie, de dochter fan 'e sinne en de moanne, berne, en sjocht se nachts hoe't oan it strân har âldere suster April begroeven wurdt. Neitiid begjint har eigen libben op 'e ierde, oan it strân en yn 'e frije natoer, dêr't se de bluossems fan 'e maityd bringt.

Herman Gorter.

Yn it langere twadde diel stiget Maaie út 'e natoer wei op om oer de wrâld te fleanen. Under har flecht fangt hja in glimp op fan 'e godheid Balder wylst dy in liet sjongt. Maaie is daliks smoarfereale op him en giet nei him op 'e siik. Dêrby bedarret se yn 'e himel en moetet se Balder syn heit, de oergod Woadan, dy't har fertelt dat Balder omdoarmet. Nei't se har syktocht ferfette hat, fynt se Balder einlings en hy beäntwurdet har gefoelens foar him. Lykwols ferlit er har al gaueftich wer, mei't er kiest foar in iensum libben, in keunstner allyk.

Yn it trêde diel wurdt Maaie treast troch de dichter sels. Se ferbliuwt net mear yn 'e libbene natoer, mar yn in deadske stêd, dy't foarútwiist nei har eigen dea. Al belúnje har krêften sa njonkelytsen, dochs bringt Maaie noch ljocht oeral dêr't se yn 'e stêd giet. Mar dan is har tiid om en giet se ta de stêd út om te stjerren lykas har suster April foar har. De dichter, de sinne en de moanne en withoefolle oaren begrave har mei-inoar oan it strân.

Fryske oersetting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Fryske oersetting fan Mei ferskynde yn 1998 ûnder de titel Maaie by Utjouwerij Frysk en Frij, letter yn gearwurking mei Utjouwerij Elikser en de Stifting Elektroanyske Letteren Fryslân, en mei stipe fan 'e gemeente Gaasterlân-Sleat, de Boersma-Adema Stichting, de Stichting Juckema-Siderius Fonds, de Douwe Kalma Stifting en de provinsje Fryslân. De Fryske fertaling wie fan 'e hân fan Klaas Bruinsma, twafâldich winner fan 'e dr. Obe Postmapriis, dy't ek ferantwurdlik is foar it oersetten yn it Frysk fan sokke klassiken as de Ilias en Odyssee fan Homêros, Fergilius syn Lânwurk en Ovidius syn Feroarings fan Stal.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: