Fryske stêden
Der binne fan âlds alve Fryske stêden yn Westerlauwersk Fryslân. De measte dêrfan binne ûntstien, net troch't se stêdsrjochten fan in hear krigen, mar trochdat it omlizzende lân harren as stêden erkend hat. Meidat de measte hannel earder mei it westen plakfûn en dêr ek de bêste ferbiningen mei see wiene, lizze de measte stêden yn it westen fan de provinsje; mar twa lizze eastlik fan de eardere Middelsee (boarne?).
Stedsfrysk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn sân fan de alve stêden wurdt neist it Frysk in eigen dialekt sprutsen, nammentlik it Stedsk. Dizze sân dialekten binne:
Alvestêdetochten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]As it sterk iis is, wurdt winters de ferneamde Alvestêdetocht op redens hâlden. Dêrneist wurdt de Alvestêdetocht yn organisearre ferbân noch op ferskate oare wizen ôflein, de Kuier- en Fyts-alvestêdetochten binne dêr de bekendste fan.
Alve stêden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De stêden fan it kertier:
Namme | Gemeente | Ynwenners (1 jannewaris 2023)[1] |
Stêdsrjochten |
---|---|---|---|
Ljouwert | Ljouwert | 96.190 | 1285 (as Nijehou; foar it earst neamd as stêd yn in oarkonde 1435 (as Ljouwert) |
Snits | Súdwest-Fryslân | 35.020 | 1456 (offisjeel; yn de 13e iuw al inkele stêdsrjochten) |
Drylts | Súdwest-Fryslân | 3.050 | 1268 |
Sleat | De Fryske Marren | 715 | 1426 (foar it earst neamd as stêd yn in oarkonde) |
Starum | Súdwest-Fryslân | 965 | 1118 |
Hylpen | Súdwest-Fryslân | 860 | 1225 (nei alle gedachten) |
Warkum | Súdwest-Fryslân | 4.570 | 1399 |
Boalsert | Súdwest-Fryslân | 10.120 | 1455 |
Harns | Harns | 15.095 | 1234 |
Frjentsjer | De Waadhoeke | 13.015 | 1374 |
Dokkum | Noardeast-Fryslân | 12.965 | 1298 |
Alle stêden, mei útsûndering fan Starum hawwe de status fan beskerme stedsgesicht.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Alve Stêden fan de provinsje Fryslân |
---|
Boalsert · Dokkum · Drylts · Frjentsjer · Harns · Hylpen · Ljouwert · Sleat · Snits · Starum · Warkum |
wizigje |