Springe nei ynhâld

Leerort

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Fêsting Leerort)
Leerort
Plak fan Leerort yn Leeraner Stadtgebiet
Plak fan Leerort yn Leeraner Stadtgebiet
Bestjoer
Lân Dútslân
Dielsteat Nedersaksen
Gemeente Leer
Sifers
Ynwennertal 119 (2005)
Oerflak 39 ha
Hichte 2 m
Oar
Tiidsône (UTC1)
Wapen

Leerort is tsjintwurdich in stedsdiel fan Leer yn East-Fryslân. Oarspronklik wie it in festing by de mûning fan de Leda yn de Iems. Oant de gemeentlike weryndieling fan 1971 wie Leerort in selsstannige gemeente.

Leerort hat in wichtige rol spile yn de skiednis fan East-Fryslân. Yn 1435 boude Hamburg dêr de earste fêsting dy't 1453 útwreide waard troch de greve fan East-Fryslân.

Under it Saksyske Skeel (Sächsische Fehde) slagge it de Eastfriezen om de festing hâlden yn de striid mei troepen fan de hartoch fan Brunswyk

Fan 1611 ôf oan waard de festing bemanne fan troepen fan de Republyk dy't doe in soad ynfloed yn East-Fryslân hie. Nei it útstjerren fan it Eastfryske foarstehûs yn 1744 kaam de krite oan Prusen. Nederlân droech de fêsting doe oer oan de Pruisen, dy't him tusken 1754 en 1760 ûntmantelen. Hjoeddeis binne noch wat oerbliuwsels yn it lânskip te finen.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]