Springe nei ynhâld

Underskieding

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Ûnderskieding)
Underskieding fan in ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau.

In ûnderskieding of dekoraasje is in eareteken dat in persoan ûntfange kin fan in wrâldske of tsjerklike oerheid of in oare hegere ynstânsje fanwegen syn fertsjinsten of as earbetoan. Hoewol't ûnderskiedings yn ferskillende kultueren en tiidrekken útinoar rinnende foarmen oannommen hawwe, giet it hjirby altyd om uterlikheden en titels, en net om jildlike beleannings of beleannings yn natuera. Yn 'e Aldheid koe in ûnderskieding yn it Romeinske Ryk bygelyks de foarm oannimme fan it drage meien fan bysûnder fuotark mei reade hakken, fan bysûndere gewaden of fan lauwerkrânsen op 'e holle. Yn 'e Midsiuwen krigen de measte Jeropeeske ûnderskiedings fan 'e alfde iuw ôf lykwols de foarm fan ridderkrusen oan keatlings en linten of fan oan linten droegen medaljes.

Yn Nederlân wurde elts jier om Keningsdei/Keninginnedei hinne in grut tal keninklike ûnderskiedings útdield, in ferskynsel dat bekend stiet as de lintsjesrein. Ta sokke keninklike ûnderskiedings hearre û.m. beneamings yn 'e Oarder fan Oranje-Nassau en yn 'e Oarder fan de Nederlânske Liuw. Ferlykbere bûtenlânske ûnderskiedings binne bygelyks de Presidinsjele Frijheidsmedalje yn 'e Feriene Steaten en beneamings yn it Légion d'Honneur yn Frankryk. Yn it Feriene Keninkryk wurde yn dit ramt noch formele lidmaatskippen fan ridderoarders ferjûn, sadat de ûnderskieden persoan it predikaat sir of dame foar syn of har namme pleatse mei.

Dêrnjonken besteane der ek militêre ûnderskiedings, wêrfan't de heechste Nederlânske foarm in beneaming yn 'e Militêre Willemsoarder is, wat ferlykber is mei it ûntfangen fan 'e Medal of Honor yn 'e Feriene Steaten. Om yn oanmerking te kommen foar militêre ûnderskiedings moat men ornaris de nasjonaliteit hawwe fan it lân dêr't sa'n ûnderskieding útrikt wurdt, mar keninklike of oare nasjonale ûnderskiedings wurde faak ek oan bûtenlanners takend as dêr reden ta is. Fierders binne der ek noch sivile ûnderskiedings, dy't troch maatskiplike organisaasjes útrikt wurde. As in foarbyld dêrfan soe men de Nobelprizen neame kinne. Ek de Roomsk-Katolike Tsjerke rikt ûnderskiedings út, de saneamde pauslike ûnderskiedings. Dêrfan is de heechste de Pro Ecclesia et Pontifice en in legerenien de Bene Merenti.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.