Jo Bosma
Johannes (Jo) Bosma (Bûtenpost, 17 april 1943 - De Lemmer, 21 septimber 2015) wie in Nederlânsk politikus fan D66.
Hy hat feehâlder west en rjochte yn 1967 in D66-ôfdieling op yn de gemeente Achtkarspelen. Letter hat er wethâlder yn Lelystêd west. Bosma wie direkteur fan de NV Lofthaven Lelystêd foardat er juny 1992 boargemaster fan Lemsterlân waard. Fan oktober 2003 oant maart 2004 wie er ek waarnimmend boargemaster fan Ljouwerteradiel.
Om de jierwikseling 2005/2006 hinne koe Bosma foarkomme dat in tal húshâldings mei jonge bern as útprosedearre asylsikers it lân útset waarden. Yn dy tiid stapte Bosma út D66, dy't doe yn it regear sit hie, om reden fan it asylbelied en bleau partijleas boargemaster oant syn pinsjonearring yn de maitiid fan 2008.
Nei de gemeenteriedsferkiezings fan 2010 waard Bosma ynformateur yn Ljouwerteradiel.
Bosma waard beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau. Hy stoar yn de âldens fan 72 jier oan kanker.[1]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
- Frysk boer
- Frysk politikus
- D66-politikus
- Boargemaster fan Lemsterlân
- Boargemaster fan Ljouwerteradiel
- Frysk bestjoerder
- Frysk liberaal
- Nederlânsk boer
- Nederlânsk politikus
- Nederlânsk wethâlder
- Nederlânsk bestjoerder
- Nederlânsk liberaal
- Nederlânsk persoan fan Frysk komôf
- Persoan berne yn Bûtenpost
- Persoan stoarn op De Lemmer
- Persoan berne yn 1943
- Persoan stoarn yn 2015