2023
Appearance
Iuwen: | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e | 21e iuw | 22e | 23e | 24e | 25e | 26e |
Jierren: | 2018 | 2019 | 2020 | 2021 | 2022 | 2023 | 2024 | 2025 | 2026 | 2027 | 2028 |
Kalinders | |
Gregoriaanske kalinder |
2023 MMXXIII |
Ab urbe condita | 2776 |
Armeenske kalinder | 1472 ԹՎ ՌՆՀԲ |
Etiopyske kalinder | 2015 – 2016 |
Hebriuwske kalinder | 5783 – 5784 |
Hindoekalinders | |
- Vikram Samvat | 2078 – 2079 |
- Shaka Samvat | 1945 – 1946 |
- Kali Yuga | 5124 – 5125 |
Iraanske kalinder | 1401 – 1402 |
Islamityske kalinder | 1445 – 1445 |
Juliaanske kalinder |
Gregoriaansk min 13 dgn. |
Sineeske kalinder | 4719 – 4720 己寅 – 庚卯 |
2023 is in gewoan jier dat begjint mei in snein. (Gregoriaanske kalinder foar 2023.)
Foarfallen
- jannewaris
- 1 - Kroaasje fiert de euro yn as muntienheid en wurdt opnommen yn it Schengengebiet.
- 5 - Yn Fatikaanstêd fynt de útfeart fan 'e eardere paus Benediktus XVI plak.
- 8 - Oanhingers fan 'e foargeande presidint Jair Bolsonaro fiere yn 'e Brazyljaanske haadstêd Brasilia in bestoarming út fan it parlemintsgebou, presidinsjeel paleis en heechgerjochtshôf. De Brazyljaanske autoriteiten beskôgje it as in mislearre steatsgreep om 'e linkse opfolger fan Bolsanaro, Luiz Inácio Lula da Silva, ôf te setten.
- 15 - Yn Nepal, by de stêd Pokhara, hat in fleanramp plak mei in ATR 72-500. Yeti Airlines-flecht 691 stoart del, wêrby't 68 minsken omkomme.[1]
- 17 - Nguyễn Xuân Phúc stapt op as presidint fan Fjetnam nei't syn posysje fanwegen ferskate skandalen ûnhâldber wurden is.
- 18 - De Oekraynske minister fan Binnenlânske Saken Denis Monastyrski komt yn 'e mande mei 13 oare minsken om as syn helikopter delstoart yn 'e stêd Brovary.
- 27 - Yn it troch Israel besette Westjordaanlân brekt rûnom ûnrêst út as by in ynfal fan it Israelyske leger yn Jenin 9 Palestinen omkomme. Jûns wurde yn East-Jeruzalim troch in Palestyn 7 Israeeljers deasketten as se út 'e synagoge komme.
- 30 - Yn 'e Pakistaanske stêd Peshawar komme by in selsmoardoanslach op in moskee teminsten 101 minsken om, foar it meastepart plysjeminsken, wylst mear as 220 oaren ferwûne reitsje.
- febrewaris
- 3 - It regear fan 'e Feriene Steaten makket buorkundich dat it in Sineeske spionaazjeballon yn 'e rekken hâldt, dy't fan Alaska fia Kanada en dan oer de legere 48 steaten sweeft, oant er op 4 febrewaris foar de kust fan Súd-Karolina boppe de Atlantyske Oseaan delsketten wurdt. Troch dit ynsidint bekuolje de relaasjes tusken de Feriene Steaten en de Folksrepublyk Sina, dy't dochs al net bêst wiene, noch mear.
- 6 - It suden fan Turkije en it noardwesten fan Syrje wurde troffen troch in swiere ierdbeving mei in krêft fan 7.8 op 'e skaal fan Richter. Op 15 maart binne der krapoan as 56.000 deaden teld en mear as 130.000 ferwûnen.
- 17 - Andorra fiert it homohoulik yn.
- 21 - De Russyske presidint Vladimir Pûtin skoarret de meiwurking fan syn lân op oan 'e útfiering fan New START, in ferdrach mei de Feriene Steaten dat de nuklêre wapenarsenalen beheine moat.
- 27 - It Feriene Keninkryk en de Jeropeeske Uny berikke in kompromis om it Noard-Ierlânprotokol fan it Brexitferdrach oan te passen.
- 28 - Yn Grikelân fynt by it plak Larisa, yn 'e lânstreek Tessaalje, in treinramp plak, wêrby't 57 minsken omkomme en 85 oaren ferwûne reitsje. Dat liedt demonstraasjes en stakings yn it hiele lân, mei't wanbelied fan it regear foar de roamp ferantwurdlik holden wurdt.
- maart
- 4 - De lidsteaten fan 'e Feriene Naasjes stimme yn mei it Folleseeferdrach, dat derop rjochte is om yn 2030 30% fan 'e ynternasjonale wetters in beskerme status te jaan.
- 10 - Under bemiddeling troch Sina beslute Iraan en Saûdy-Araabje om wer diplomatike betrekkings oan te gean, nei't hja dy yn 2016 ferbrutsen hiene.
- 10 - De Silicon Valley Bank, de op 15 nei grutste bank fan 'e Feriene Steaten, giet fallyt, folge troch twa lytsere banken. Dat ropt op 'e finansjele merken wrâldwiid eangst op foar in nije Bankekrisis.
- 15 - Yn Nederlân wurde yn in polarisearre polityk klimaat Provinsjale Steateferkiezings holden. De BoerBoargerBeweging (BBB) komt as de grutte winner út 'e bus. It Foarum foar Demokrasy en it CDA binne de slimste ferliezers.
- 17 - It Ynternasjonaal Strafhof (ICC) yn De Haach lit in arrestaasjebefel útgean foar de Russyske presidint Vladimir Pûtin, omreden fan oarlochsmisdieden dy't ûnder syn befel yn 'e Russysk-Oekraynske Oarloch troch Russyske militêren en boargerlike funksjonarissen begien binne yn 'e Oekraïne.
- 18 - By in swiere ierdbeving fan 6.8 op 'e skaal fan Richter komme yn it suden fan Ekwador 18 minsken om, reitsje mear as 500 oaren ferwûne en wurdt swiere skea oanrjochte.
- 19 - Yn Switserlân stimt de foaroansteande bank UBS Group AG ta yn 'e oername fan konkurrint Crédit Suisse, dy't driget om te fallen. De oerienkomst, dy't in wearde hat fan 3 miljard Switserske frank, is ta stân kommen ûnder bemiddeling fan it Switserske regear.
- 21 - By in swiere ierdbeving fan 6.5 op 'e skaal fan Richter komme yn it noardeasten fan Afganistan en it noarden fan it oanbuorjende Pakistan 21 minsken om en reitsje mear as 400 oaren ferwûne.
- 21 - It Parlemint fan Uganda nimt de Anty-Homoseksualiteitswet (2023) oan, wêryn't homoseksualiteit bestraft wurde kin mei libbenslange finzenisstraf.
- april
- 1 - By in bomoanslach yn Sint-Petersburch komt Vladlen Tatarsky om, in oanhinger fan presidint Vladimir Pûtin, dy't op syn floch yngeand ferslach die fan 'e Russysk-Oekraynske Oarloch en dêrby propaganda makke foar de Russyske oarlochsynset.
- 4 - Finlân wurdt as 31e lân lid fan 'e NATO.
- 4 - Yn Nederlân fynt by it plak Voorschoten, yn 'e provinsje Súd-Hollân, op de âlde line in treinûngelok plak, wêrby't in trein ûntspoart en 1 persoan omkomt.
- 11 - Yn 'e Birmeeske Boargeroarloch komme by in bombardemint fan 'e Birmeeske loftmacht op it doarp Pazigyi teminsten 165 boargers om.
- 14 - De Jupiter Icy Moons Explorer (JUICE), in romtesonde dy't de mei iis oerdutsen moannen fan 'e planeet Jupiter fan deunby ûndersykje sil, wurdt lansearre troch it Jeropeesk Romtefeartagintskip (ESA). De sonde sil Jupiter yn 2031 berikke.
- 15 - Yn Dútslân wurdt de lêste kearnsintrale fan it lân sletten.
- 15 - Yn 'e Sûdaneeske haadstêd Chartûm en oare dielen fan it lân brekke gefjochten út tusken de Sûdaneeske Striidkrêften en in tige grutte paramilitêre milysje, de Flugge Stipemacht (RSF). De RSF feroveret ier yn 'e striid de Ynternasjonale Lofthaven fan Chartûm en it presidinsjeel paleis. As de gefjochten nei in pear dagen inkeld mar oanboazje, driget der in nije boargeroarloch te ûntstean.
- 19 - As yn 'e Jemenityske haadstêd Sana'a by it útdielen fan iten en jild yn it ramt fan 'e festelmoanne Ramadan panyk útbrekt trochdat der yn 'e loft sketten wurdt, komme troch ferdrukking teminsten 90 minsken om it libben. Nochris 322 oaren reitsje ferwûne.
- 25 - Yn it Shakaholawâld yn Kenia wurde 110 folgelingen fan 'e kristlike sekte Good News International Ministries yn ûndjippe grêven oantroffen. Nochris 300 oaren wurde noch fermist en fan har wurdt freze dat se ek dea binne. De sekteleden hawwe harrensels skynber deahongere om't se op dy manear neffens sektelieder Paul Nthenge Mackenzie "God moetsje" soene. Mackenzie hat himsels lykwols net deahongere en wurdt arrestearre op beskuldiging fan mearfâldige deaslach.
- maaie
- 1 - It omfallen fan 'e Amerikaanske First Republic Bank, dy't bankrot gien is, wurdt op it lêste momint foarkomd troch in oername troch JPMorgan Chase.
- 5 - De Wrâldsûnensorganisaasje (WHO) beskôget COVID-19 net langer as in wrâldwiid needgefal, mar giet troch mei dernei te ferwizen as in pandemy.
- 6 - De kroaning fan Charles III ta kening fan it Feriene Keninkryk en alle lidsteaten fan it Britske Mienebêst dy't in monargale steatsfoarm hawwe, fynt mei grut fertoan fan pracht en preal en âlde tradysjes plak yn 'e Abdij fan Westminster yn Londen.
- 7 - Syrje wurdt wer as folweardich lidsteat talitten ta de Arabyske Liga. It Syryske lidmaatskip wie opskoarre sûnt it rezjym fan presidint Bashar al-Assad oan it begjin fan 'e Syryske Boargeroarloch yn 2011 mei grou geweld tsjin 'e opstannelingen fanwegen kaam.
- 14 - De sykloan Mocha, dy't himsels ûntjûn hat op 'e iepen Yndyske Oseaan, treft mei in krêft fan kategory 4 op 'e Skaal fan Saffir-Simpson de kusten fan Birma en Bangladesj, dêr't 463 deaden falle, 101 minsken bliuwend fermist wurde en 719 oaren ferwûne reitsje.
- 14 - By parlemintsferkiezings yn Tailân winne partijen dy't foar in weromkear nei de demokrasy binne in mearderheid yn it legerhûs fan it parlemint, wylst partijen dy't de militêre gûnta stypje, sitten ynleverje moatte.
- 17 - De Italjaanske regio Emylje-Romanje wurdt troffen troch swiere oerstreamings wannear't stjalprein folget op in lange snuorje fan drûchte, mei as gefolch dat de útdrûge grûn it wetter net opnimme kin.
- 28 - Yn 'e twadde omgong fan 'e presidintsferkiezings yn Turkije behellet de sittende presidint Recep Tayyip Erdoğan mei 52,2% fan 'e stimmen in oerwinning oer Kemal Kılıçdaroğlu, de kandidaat fan 'e feriene opposysje.
- juny
- 2 - Yn it Nasjonaal Park De Biesbosk yn Súd-Hollân wurde foar it earst wer steuren útset, 70 jier nei't dy fisk yn 'e Nederlânske oerflaktewetters foar it lêst waarnommen is.
- 2 - By in in grutte treinramp yn 'e Yndiaaske dielsteat Orissa, dêr't trije treinen by belutsen binne, komme teminsten 289 minsken om en reitsje mear as 1.175 oaren ferwûne.
- 6 - Yn it troch Ruslân yn it ramt fan 'e Russysk-Oekraynske Oarloch besette diel fan 'e Oekraïne wurdt de Nova Kachovkadaam troch in eksploazje ferwoastge. De krite streamôf wurdt ferrinnewearre troch oerstreamings, wylst it gebiet streamop mei wettertekoarten foar yrrigaasjedoelen te meitsjen kriget. Nei alle gedachten sitte de Russen efter it opblazen fan 'e keardaam en wolle se troch it skeppen fan in soarte fan wetterliny it oansteande Oekraynske offinsyf besykje tsjin te kearen.
- 8 - De reek fan hûnderten natoerbrannen yn Kanada waaieret út oer grutte Amerikaanske stêden, lykas New York, Philadelphia, Baltimore, Washington, D.C., Detroit en Minneapolis, dêr't it deiljocht alhiel ferdizene wurdt. Der wurdt warskôge om safolle mooglik thús te bliuwen en út 'e reek, dy't net sûn is om yn te azemjen. De autoriteiten warskôgje de ynwenners ek dat se har der mar op ynstelle moatte dat soks faker barre sil, om't it natoerbrânseizoen noch mar krekt oanbrutsen is.
- 13 - Teminsten 103 minsken komme om as in boat mei brulloftsfolk kapseist op 'e rivier de Niger yn Nigearia.
- 14 - Op 'e Ioanyske See, 80 km út 'e súdwestlike kust fan it Grykske skiereilân de Peloponnesos, sinkt in oerladen Lybyske fiskersboat mei oan board 400 oant 750 migranten út Egypte, Syrje, Afganistan, Pakistan en Palestina ûnderweis nei in bettere takomst yn Jeropa. Der wurde 104 minsken rêden en 82 stoflike omskotten burgen. De restearjende likernôch 500 opfarrenden reitsje fermist en fan harren wurdt oannommen dat se de drinkeldea stoarn binne.
- 17 - Ruslân makket bekend dat it inkele nukleêre wapens op it grûngebiet fan buorlân en bûnsgenoat Wyt-Ruslân stasjonearre hat.
- 20 - By in rebûlje yn in frouljusfinzenis yn Támara, yn Hondoeras, komme teminsten 41 froulju om.
- 23 - Yn Ruslân komt de Wagnergroep, in hierlingeleger dat oan 'e Russyske kant yn 'e Russysk-Oekraynske Oarloch fjochtet, yn opstân tsjin 'e Russyske Striidkrêften. Dizze Opstân fan 'e Wagnergroep, dy't ûnder lieding stiet fan Wagnerlieder Jevgeni Prigozjin, begjint mei in besetting fan Rostov oan 'e Don en giet fierder mei in opmars nei Moskou. Deselde deis noch lûkt Prigozjin lykwols syn troepen werom nei't der tusken him de Russyske presidint Vladimir Pûtin in fredesoerienkomst ta stân kommen is troch bemiddeling fan 'e Wytrussyske presidint Aleksander Lûkasjenko.
- july
- 1 - Kening Willem-Alexander biedt út namme fan it Nederlânske regear op Keti Koti oan 'e Surinamers en Antiljanen syn ûntskuldigings oan foar it Nederlânske slavernijferline.
- 1-23 - De Omgong fan Frankryk 2023 fynt plak, mei de start yn Bilbao, yn Baskelân, en de finish yn Parys.
- 7 - Yn Nederlân falt it Kabinet-Rutte IV as de koälysjepartijen VVD, CDA, D66 en KristenUny gjin oerienstimming berikke kinne oer it beheinen fan it rjocht op gesinsweriening foar asylsikers.
- 14 - Yn Hollywood kundiget it machtige Amerikaanske fakbûn fan akteurs SAG-AFTRA in algemiene staking ôf út protest tsjin 'e ûnwil fan 'e grutte filmstudio's om 'e akteurs ôfdwaande te kompinsearjen foar distribúsje fia streamingtsjinsten en te beskermjen tsjin 'e oername fan harren wurk troch generative keunstmjittige yntelliginsjes.
- 20-20 augustus - Yn Austraalje en Nij-Seelân wurdt it WK fuotbal foar froulju holden.
- 23 - Tsientûzenen toeristen ûntflechtsje it Grykske eilân Roados, nei't dêr in grutte natoerbrân útbrutsen is. It is de grutste evakuaasje yn 'e skiednis fan Grikelân.
- 23 - By parlemintsferkiezings yn Spanje wurdt de konservative Partido Popular (PP) de grutste politike partij. Mar om't de oare rjochtse partijen sitten ferlieze, kin der oer rjochts gjin regear mei in mearderheid yn it parlemint foarme wurde. De iennichste mooglikheden lykje in links kabinet mei stipe fan 'e regionale nasjonalistyske partijen yn Kataloanje, Baskelân en de Kanaryske Eilannen, of oars nije ferkiezings.
- 26 - By in steatsgreep yn Niger wurdt de demokratysk keazen presidint Mohamed Bazoum ôfset troch leden fan 'e striidkrêften en fan syn eigen presidinsjele garde. Generaal Abdourahamane Tchiani wurdt ynstallearre as lieder fan in militêre gûnta.
- 26 - Op 'e Noardsee boppe it Fryske Waadeilân It Amelân brekt brân út oan board fan it mei sa'n 3.800 auto's laden frachtskip de Fremantle Highway. By de evakuaasje fan 'e bemanning fan it skip komt ien persoan om. De brân is foar de Nederlânske Kustwacht dreech te blussen om't it gebrûk fan bluswetter de stabiliteit fan it skip yn gefaar bringe kin.
- 30 - Yn Khar, in stêd yn Pakistan, komme 63 minsken om en reitsje mear as 200 oaren ferwûne by in selsmoardoanslach mei in autobom. Islamityske Steat - Provinsje Koarasan easket de ferantwurdlikheid foar de oanslach op.
- augustus
- 1 - Yn 'e Feriene Steaten stelt spesjaal oanklager Jack Smith de eardere Amerikaanske presidint Donald Trump yn steat fan beskuldiging omreden fan dy syn mislearre besykjen om 'e útslach fan 'e Amerikaanske presidintsferkiezings fan 2020 te feroarjen en foar it oansetten ta de Bestoarming fan it Amerikaanske Kapitoal op 6 jannewaris 2021.
- 2 - Tjisse Steenstra, Hans Wassenaar en Renze Pieter Hiemstra winne yn Frjentsjer de 170ste PC. Tjisse Steenstra wurdt útroppen ta kening. De PC begûn fanwegen it minne waar pas om 12.00 oere, de tradisjonele tocht yn de koets mei de winners fan it foarrige jier troch de stêd waard skrast.
- 8 - By fûleindige natoerbrannen yn 'e Amerikaanske steat Hawaï brânt op it eilân Maui de stêd Lahaina plat. Der komme teminsten 115 minsken om en begjin septimber wurde der noch mear 385 oaren fermist.
- 9 - Dronryp wint yn Wommels de 121ste Freulepartij.
- 15 - Op Teneryf, ien fan 'e Kanaryske Eilannen, wurde omreden fan in natoerbrân 3.000 minsken evakuëarre.
- 16-21 - De swiere orkaan Hilary tsjocht út 'e Stille Oseaan wei yn noardlike rjochting oer it Kalifornysk Skiereilân en dan fierder it lân yn nei de Amerikaanske steat Kalifornje. It is foar it earst yn 84 jier dat dizze regio troch in orkaan troffen wurdt. Der reitsje 2 lju dea, yndirekt feroarsake troch de orkaan, mar der wurdt fral in soad skea oanrjochte troch oerstreamings troch de oerfloedige rein dy't Hilary meibringt.
- 16 - Skipper Douwe A. Visser wint mei it Doarp Grou it SKS kampioenskip fan 2023.
- 17 - Yn noardlik Kanada wurdt Yellowknife, de territoriale haadstêd fan 'e Noardwestlike Territoaria, ûntromme omreden fan in tichterby kommende natoerbrân.
- 18 - Yn Camp David slute de Feriene Steaten, Japan en Súd-Koreä in nij militêr bûnsgenoatskip, it Amerikaansk-Japansk-Súdkoreaansk trilateraal pakt. Dat is benammen rjochte tsjin 'e Folksrepublyk Sina.
- 20 - De presidintsferkiezings yn Gûatemala wurde ûnferwachts wûn troch de linkse kandidaat Bernardo Arévalo, dy't troch de korrupte politike fêstige oarder yn it lân net as bedriging sjoen waard om't er gjin kâns op winnen meitsje soe.
- 23 - De Yndiaaske romtesonde Chandrayaan-3 lânet op 'e súdpoal fan 'e moanne. It is de earste moannemisje foar it Súdaziatyske lân.
- 23 - Yn Ruslân wurdt it priveefleantúch fan Jevgeny Prigozjin, de kommandant fan it hierlingeleger Wagner, delsketten troch it loftdoelgeskut fan it Russyske Leger. Dat soe in fersin wêze, mar yn 'e media wurdt dit barren rûnom sjoen as de wraak fan diktator Vladimir Pûtin op Prigozjin nei dy syn opstân fan 60 dagen earder.
- 30 - By in steatsgreep yn Gabon wurdt presidint Ali Bongo ôfset troch leden fan 'e striidkrêften en fan syn eigen presidinsjele garde. In militêre gûnta nimt de macht oer.
- 30-31 - De swiere orkaan Idalia tsjocht út 'e Golf fan Meksiko wei oer de Amerikaanske steaten Floarida, Georgia, Súd-Karolina en Noard-Karolina hinne en feroarsaket dêr fral in protte skea troch wyn en rein. Der komme 3 minsken om.
- septimber
- 8 - Yn it suden fan Marokko fynt in swiere ierdbeving fan 6,8 op 'e skaal fan Richter plak. Der komme teminsten 2.960 minsken om, wylst nochris krapoan 5.700 oaren ferwûne reitsje.
- 9 - Op 'e top fan 'e G20 yn 'e Yndiaaske haadstêd New Delhi wurdt de Afrikaanske Uny as nij lid presintearre.
- 10 - De stoarm Daniël, in Mediterrane sykloan, komt oan lân yn 'e Syrenaika, yn Lybje, en rjochtet dêr gâns skea oan. By de stêd Derna beswike twa keardammen, mei as gefolch dat in fjirdepart fan 'e stêd troch in floedweach fuortspield wurdt. Der wurdt rûsd dat der 18.000 oant 20.000 deaden falle.
- 12 - By in in brân yn in appartemintekompleks yn 'e Fjetnameeske haadstêd Hanoi komme 56 minsken om en reitsje nochris 37 ferwûne.
- 15 - Yn 'e Feriene Steaten brekt in grutte staking út ûnder de fabryksarbeiders fan 'e trije grutte autoprodusinten Ford, General Motors en Stellantis (Chrysler).
- 19 - Azerbeidzjan fiert yn 'e separatistyske regio Nagorno-Karabach in offinsyf út, dat binnen ien dei ta in klinkende oerwinning liedt. De 120.000 etnyske Armenen dy't de krite bewenje, begjinne út eangst foar ferfolgings nei Armeenje te flechtsjen by wat in de facto etnyske suvering wurdt.
- 25 - By in ûntploffing fan in brânstofdepot yn Stepanakert, de haadstêd fan Nagorno-Karabach, komme nei skatting 170 minsken om en reitsje teminsten 300 oaren ferwûne.
- 28 - Samvel Sjahramanjan, de presidint fan 'e Republyk Artsach, in lân sûnder algemiene erkenning dat it meastepart fan 'e etnysk Armeenske enklave Nagorno-Karabach yn Azerbeidzjan omfettet, lit nei de folsleine nederlaach tsjin 'e Azerbeidzjanen, tsien dagen earder, in dekreet útgean wêryn't er Artsach per 1 jannewaris 2024 opheft.
- 28 - Fouad L. sjit yn Rotterdam by fersktate sjitynsidinten trije minsken dea, wêrûnder syn buorfrou en har 14-jierrige dochter en in dokter-dosint fan it Erasmus Medysk Sintrum.
- 29 - By in bomoanslach by in moskee yn 'e Pakistaanske stêd Mastung komme mear as 52 minsken om en reitsje teminsten 70 oaren ferwûne.
- oktober
- 3 - De foarsitter fan it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen, Kevin McCarthy, dy't op 8 jannewaris fan dit jier mei in protte muoite ta syn amt keazen waard, wurdt ôfset troch tadwaan fan acht leden fan syn eigen Republikeinske Partij û.l.f. ôffurdige Matt Gaetz. It is de earste kear yn 'e Amerikaanske skiednis dat in foarsitter fan it Hûs fan Offurdigen ôfset wurdt. De Republikeinske Partij yn it Hûs bliuwt yn gaos efter.
- 7 - De Palestynske paramilitêre organisaasje Hamas docht út 'e Gazastripe wei in grutskalige ynfal yn súdlik Israel, wêrby't ferskate tige bloedige terroristyske oanslaggen begien wurde. Hamas wurdt hjirby stipe troch ferskate oare Palestynske paramilitêre groepen, te witten: de Islamityske Djihaad, it Folksfront foar de Befrijing fan Palestina (PFLP), it Demokratysk Front foar de Befrijing fan Palestina (DFLP) en Ariin al-Usûd. By de oanslaggen komme 1.033 Israelyske boargers en 357 militêren om. Dêropta wurde 233 boargers en soldaten ûntfierd nei de Gazastripe om dêr yn gizeling holden te wurden. Dit is it begjin fan in nije Gaza-oarloch, mei't Israel fuort de oare deis úteinset mei swiere bombardeminten fan 'e Gazastripe.
- 7 - By in swiere ierdbeving yn 'e neite fan Herat, yn westlik Afganistan, op 11 oktober en 15 oktober folge troch twa tige swiere neiskokken, komme yn totaal 1.389 minsken om, wylst hast 2.800 oaren ferwûne reitsje.
- 14 - By it Australian Indigenous Voice-referindum, wêrby't it elektoraat fan Austraalje derfoar kieze koe om 'e lânseigen befolking, de Australyske Aboriginals en de Torresstrjitte-eilanners, mear ynfloed op it politike proses te jaan, stimt in romme mearderheid fan 60,1% tsjin.
- 15 - By parlemintsferkiezings yn Poalen komt de ekstreem-rjochtse politike partij PiS, dy't al jierrenlang it regear foarmet en Poalen allegeduerigen yn konflikt bringt mei de Jeropeeske Uny, as winner út 'e bus. De opposysjepartijen hawwe lykwols mei-inoar mear stimmen helle en beslute û.l.f. Donald Tusk in koälysjeregear te foarmjen dat de PiS bûtenslút.
- 17 - Wylst de Israelyske bombardeminten fan 'e Gazastripe yn it ramt fan 'e Gaza-oarloch oanhâlde, fynt der in grutte ûntploffing plak by it Al-Ahli Al-Arabi-sikehûs yn Gaza-Stêd. Dêrby komme 471 minsken om. Israel ûntkent ferantwurdlikheid en seit dat de ekploazje feroarsake is troch in delstoarte raket fan 'e Palestynske Islamityske Djihaad.
- 18 - De Nederlanner Joran van der Sloot bekend nei 18 jier de moard op Natalee Holloway yn 2005 op Arûba.
- 25 - De Orkaan Otis komt as in orkaan fan 'e fyfde kategory op 'e skaal fan Saffir-Simpson út 'e Stille Oseaan wei oan lân by it baaiplak Acapulco, yn 'e westkust fan Meksiko. Der komme teminsten 48 minsken om en de stêd wurdt fierhinne ferwoastge.
- 25 - Nei goed trije wiken slagget it de Republikeinske Partij einlings en te'n lêsten om in nije foarsitter fan it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen te kiezen. It wurdt Mike Johnson, dy't net folle ûnderfining hat, mar ek noch net folle fijannen makke hat.
- 29 - De Republyk Turkije bestiet 100 jier.
- novimber
- 6 - Wylst de Israelyske bombardeminten fan 'e Gazastripe yn it ramt fan 'e Gaza-oarloch oanhâlde, binne dêr al mear as 10.000 minsken by omkommen. De ynternasjonale druk op Israel om in "humanitêr skoft" yn te laskjen wurdt hieltyd grutter.
- 19 - De populist Javier Milei wint de presidintsferkiezings yn Argentynje.
- 22 - Israel en Hamas komme yn it ramt fan 'e Gaza-oarloch in fjouwerdeisk sjitferbod oerien, wêrby't Hamas Israelyske gizelders loslitte sil, wylst Israel Palestynske froulju en minderjierrigen frijlitte sil út syn finzenissen. Neitiid wurdt it sjitferbod trije kear mei ien dei ferlinge, sadat it úteinlik sân dagen duorret.
- 22 - Yn Nederlân rinne de Twadde-Keamerferkiezings út op in grutte oerwinning foar de ekstreem-rjochtse PVV fan Geert Wilders. Oare winners binne de nije politike partij NSC fan Pieter Omtzigt, GrienLinks-PvdA fan Frans Timmermans en de BBB fan Caroline van der Plas. De VVD, D66, it CDA en de KristenUny binne de grutste ferliezers.
- 29 - Nepal fiert it homohoulik yn.
- desimber
- 1 - It sjitferbod yn it ramt fan 'e Gaza-oarloch rint ôf. Israel ferfettet syn bombardeminten fan 'e Palestynske boargerbefolking yn 'e Gazastripe.
- 3 - Yn it ramt fan 'e Fenezolaansk-Guyaanske Krisis wurdt yn Fenezuëla in referindum holden oer de anneksaasje fan 'e ierdoaljerike krite Essequibo, dy't de helte fan it buorlân Guyana beslacht. Nettsjinsteande it feit dat de ynwenners fan it gebiet soks ûnbesprekber fine en by Guyana hearren bliuwe wolle, stimt mear as 95% fan it Fenezolaanske elektoraat foar de anneksaasje (al is de opkomst opmerklike leech en fermoedzje ynternasjonale waarnimmers dat it Fenezolaanske regear stimbusfraude begien hat). It referindum is likegoed mar in leech gebeart, om't Fenezuëla it gebiet inkeld ynliivje kin troch in oarloch te begjinnen.
- 12 - Op 'e Klimaatkonferinsje fan Dûbai berikke alle dielnimmende lannen in akkoart om fossile brânstoffen út te fazearjen.
- 17 - It Compact of Free Association tusken de Feriene Steaten, Mikroneezje, Palau en de Marshalleilannen rint ôf.
- 18 - In stikmannich rederijen kundiget oan om foarearst net mear fia de Reade See en it Suëzkanaal te farren, omreden fan 'e oanfallen fan 'e Hûty-rebellen út Jemen op 'e skipfeart dêre. De oanfallen binne in ferjilding foar de oanhâldende Israelyske bombardeminten op 'e Gazastripe yn it ramt fan 'e Gaza-oarloch.
- 20 - By presidintsferkiezings yn 'e Demokratyske Republyk Kongo wint de sittende presidint Felix Tshisekedi neffens de offisjele útslach mei 73% fan 'e stimmen fan syn beide politike rivalen. Dy útkomst is ekstreem kontroversjeel, mei't de measte ûnôfhinklike waarnimmers, de Roomsk-Katolike Tsjerke ynbegrepen, fan miening binne dat opposysjekandidaat Martin Fayulu eins mei oermacht de ferkiezings wûn hat en dat Tshisekedi en syn oanhingers skuldich binne oan massale stimbusfraude.
- 21 - By in sjitpartij op 'e Karelsuniversiteit yn 'e Tsjechyske haadstêd Praach komme 15 minsken om (de dieder ynbegrepen) en reitsje 25 oaren ferwûne. De dieder is in studint oan 'e universiteit.
- 22 - It deadetol fan 'e Israelyske bombardeminten op 'e Gazastripe yn it ramt fan 'e Gaza-oarloch passearret it oantal fan 20.000 Palestynske boargers.
- 29 - By in grutskalige Russyske oanfal yn it ramt fan 'e Russysk-Oekraynske Oarloch mei drones en raketten op alle grutte Oekraynske stêden komme teminsten 39 minsken om en reitsje mear as 160 oaren ferwûne.
- 30 - De Oekraïne ferjildet de Russyske oanfal fan in dei earder mei in eigen bombardemint fan 'e Súdrussyske stêd Belgorod, wêrby't teminsten 21 minsken omkomme en 110 oaren ferwûne reitsje.
- 31 - Yn har nijjierstaspraak kundiget keninginne Margareta II fan Denemark ûnferwachts har abdikaasje oan op 14 jannewaris 2024.
Berne
Ferstoarn
- jannewaris
- 2 - Ken Block, Amerikaansk rallykoereur (* 1967)
- 3 - Walter Cunningham, Amerikaansk romtefarder (* 1932)
- 4 - Fay Weldon, Ingelsk skriuwster (* 1931)
- 5 - Earl Boen, Amerikaansk akteur (* 1941)
- 6 - Dick Savitt, Amerikaansk tennisser (* 1927)
- 7 - Russell Banks, Amerikaansk skriuwer (* 1940)
- 9 - Simone Kramer, Nederlânsk berneboekeskriuwster (* 1939)
- 10 - Jeff Beck, Ingelsk gitarist (* 1944)
- 10 - Konstantyn II fan Grikelân fan 1964 oant en mei 1973 kening fan Grikelân (* 1940)
- 12 - Harke Bremer, Frysk oersetter en skriuwer (* 1955)
- 12 - Klas Lestander, Sweedsk biatleet (* 1931)
- 12 - Lisa Marie Presley, Amerikaansk sjongster (* 1968)
- 14 - Lieuwe Westra, Frysk hurdfytser (* 1982)
- 15 - Jan Krol, Nederlânsk akteur (* 1962)
- 16 - Gina Lollobrigida, Italjaansk aktrise (* 1927)
- 17 - Cornelius Rogge, Nederlânske byldzjend keunstner (* 1932)
- 18 - Denis Monastyrski, Oekraynsk politikus (* 1980)
- 19 - David Crosby, Amerikaansk gitarist (* 1941)
- 19 - Johann Frank, Noardfrysk stedsbesjoerder en bibeloersetter (* 1932)
- 19/20 - Ger Lamerus, Frysk muzikant (* 1947)
- 23 - Inge van der Velden, Nederlânsk rugbyster (* 1992)
- 29 - Heddy Lester, Nederlânsk sjongster en aktrise (* 1950)
- febrewaris
- 2 - Jean-Pierre Jabouille, Frânsk Formule-1 koereur (* 1942)
- 3 - Paco Rabanne Spaansk moade ûntwerper (* 1934)
- 3 - Melis van der Sluis, Frysk keunstner
- 6 - Greta Andersen, Deensk Swimster (* 1927)
- 6 - Ger Thijs, Nederlânsk akteur en regisseur (* 1948)
- 6 - Taner Savut, Turksk fuotballer en bestjoerder (* 1974)
- 6 - Cemal Kütahya, Turksk hânballer (* 1990)
- 6 - Christian Atsu, Ganeesk fuotballer (* 1992)
- 6 - Ahmet Eyüp Türkaslan Turksk fuotballer (* 1994)
- 8 - Vladimir Morozov Turkmeensk kanofarder (* 1940)
- 9 - Marijke Merckens Nederlânsk aktrise (* 1940)
- 10 - Marie Gabrielle fan Lúksemboarch, Lúksemboarchske prinses (* 1925)
- 11 - Hans Modrow, premier fan East-Dútslân (* 1928)
- 14 - Tim Aymar, Amerikaansk sjonger (* 1963)
- 15 - Raquel Welch, Amerikaanks aktrise (* 1940)
- 16 - Tim Lobinger, Dútsk atleet (* 1972)
- 18 - Robert Cazala, Frânsk hurdfytser (* 1934)
- 19 - Greg Foster, Amerikaansk atleet (* 1958)
- 19 - Cock Kerling-Simons, Nederlânsk politikus (* 1929)
- 23 - Slim Borgudd, Sweedsk formule-1 koereur (* 1946)
- 26 - Bob Richards, Amerikaansk atleet (* 1926)
- maart
- 2 - Jos Heymans, Nederlânsk journalist (* 1951)
- 2 - Sietse de Boer, Frysk fotograaf (* 1963)
- 3 - Tom Sizemore, Amerikaansk akteur (* 1961)
- 4 - Judith Heumann, Amerkaansk minskerjochten aktiviste (* 1947)
- 5 - Gary Rossington, Amerikaansk gitarist (* 1951)
- 7 - Harry de Winter, Nederlânsk programma makker (* 1949)
- 8 - Josua Madsen, Sweedsk drummer (* 1978)
- 12 - Art Boon, Kanadeesk feteraan (* 1925)
- 12 - Dick Fosbury, Amerikaansk atleet (* 1947)
- 27 - Wim de Bie, Nederlânsk komediant (* 1939)
- 31 - Evert Wilstra, Frysk fierljepper (* 1951)
- 31 - Johannes Brandsma, Frysk keatser (* 1957)
- april
- 3 - Gryt van Duinen, Frysk presintatrise, (* 1950)
- 9 - Huub Oosterhuis, Nederlânsk teolooch en dichter (* 1933)
- 23 - Tori Bowie, Amerikaansk atlete (* 1990)
- 25 - Paul van Vliet, Nederlânsk kabaretier (* 1935)
- maaie
- 10 - Leen Pfrommer, Nederlânsk reedrydtrainer (* 1935)
- 16 - Jan Troost, Nederlânsk minskerjochte-aktivist (* 1958)
- 18 - Gerrit Breteler, Nederlânsk-Fryske keunstskilder, tekstdichter, toanielskriuwer en sjonger (* 1954)
- 20 - Richard McDermott, Amerikaansk reedrider (* 1940)
- 24 - Tina Turner, Switsersk/Amerikaansk sjongeres (* 1939)
- 26 - Dirk Roelfsema, Frysk fuotballer (* 1939)[2]
- 28 - Marius de Boer, Frysk sjonger (* 1961)
- juny
- 3 - Jim Hines, Amerikaansk atleet (* 1946)
- 5 - Thom van der Goot, dosint, teäterdirekteur en regisseur (* 1946)
- 8 - Renato Longo, Italjaansk hurdfytser (* 1937)
- 10 - Jacques Thönissen, Nederlânsk skriuwer (* 1939)
- 12 - Silvio Berlusconi, Italjaansk ûndernimmer en politikus (* 1936)
- 12 - Meindert Fennema, Frysk Heechlearaar Politikology (* 1946)
- 12 - Treat Williams, Amerikaansk akteur (* 1951)
- 12 - Harvey Glance, Amerikaansk atleet (* 1957)
- 13 - Cormac McCarthy, Amerikaansk skriuwer (* 1933)
- 15 - Glenda Jackson, Ingelsk aktrise en politika (* 1936)
- 16 - Gino Mäder, Switsersk hurdfytser (* 1997)
- 18 - Jellie Brouwer, Nederlânsk radio presintatrise (* 1964)
- 19 - Diane Rowe, Ingelsk tafeltennister (* 1933)
- 21 - Johan Habekothé, Frysk waarman (* 1943)
- 23 - Willem Nijholt, Nederlânsk akteur en sjonger (* 1934)
- 29 - Jan Stekelenburg, Nederlânsk telefyzjepresintator (* 1941)
- july
- 1 - Dilano van 't Hoff, Nederlânsk autokoereur (* 2004)
- 4 - Jan Sierhuis, Nederlânsk keunstskilder (* 1928)
- 5 - Andrés Oliva, Spaansk hurdfytser (* 1948)
- 9 - Luis Suárez, Spaansk fuotballer (* 1935)
- 10 - Marga Minco, Nederlânsk skriuwster (* 1920)
- 12 - John Nettleton, Ingelsk akteur (* 1929)
- 13 - Carlin Glynn, Amerikaansk aktrise (* 1940)
- 13 - Josephine Chaplin, Amerikaansk aktrise (* 1949)
- 15 - Venjamin Soldatenko, Kazaksk atleet (* 1939)
- 16 - Jane Birkin Ingelsk aktrise (* 1946)
- 19 - Remigius Valiulis, Litousk atleet (* 1958)
- 20 - Theo Smit, Nederlânsk hurdfytser (* 1951)
- 20 - Durk Stoker, Frysk politikus (* 1957)
- 22 - Marianne Werner, Dútsk atlete (* 1924)
- 26 - Sinéad O'Connor, Iersk sjongeres (* 1966)
- 27 - Bea Van der Maat, Flaamsk sjongeres en presintatrise (* 1960)
- 30 - Paul Reubens, Amerikaansk akteur (* 1952)
- augustus
- 3 - Mark Margolis, Amerikaansk akteur (* 1939)
- 6 - Ahmed Anarbayev, Kirgysk swimmer (* 1948)
- 7 - William Friedkin, Amerikaansk regisseur (* 1935)
- 8 - Federico Bahamontes, Spaansk hurdfytser (* 1928)
- 12 - Aggie van der Meer, Frysk skriuwster (* 1927)
- 14 - Boris Doebrovsky, Russysk roeier (* 1939)
- 19 - Tineke Beishuizen, Nederlânsk skriuwster (* 1938)
- 22 - Tom Courtney, Amerikaansk atleet (* 1933)
- 22 - Martin Laciga, Switsersk strânfolllyballer (* 1975)
- 24 - Bernie Marsden, Ingelsk gitarist (* 1951)
- 25 - Rob Fruithof, Nederlânsk presintator en akteur (* 1951)
- 31 - Jan Jongbloed, Nederlânsk fuotballer (* 1940)
- 31 - Clairy Polak Nederlânsk sjoernaliste en presintatrise (* 1956)
- septimber
- 4 - Saya Song, Súdkoreaansk-Amerikaansk pornoaktrise (* 1986)
- 12 - Schelte baron van Heemstra, Nederlânsk diplomaat (* 1941)
- 15 - Michel Jager, Nederlânsk politikus (* 1944)
- 16 - Nicolaas van Beek, Nederlânsk keunstner (* 1938)
- 16 - Wimie Wilhelm, Nederlânsk aktrise (* 1961)
- 20 - Ruth Fuchs, Dútsk atlete en politika (* 1946)
- 20 - Erwin Olaf, Nederlânsk fotograaf (* 1959)
- 22 - Giorgio Napolitano, Italjaansk politikus (* 1925)
- 25 - David McCallum, Skotsk akteur (* 1933)
- 26 - Klaas Hofstra, Nederlânsk akteur (* 1944)
- 27 - Michael Gambon, Iersk akteur (* 1940)
- 29 - Dianne Feinstein, Ammerikaansk politika (* 1933)
- oktober
- 1 - Patricia Janečková, Slowaaksk sjongeres (* 1998)
- 5 - Paul Ramboux, Waalsk striptekener (* 1932)
- 8 - Tjerk Westerterp, Nederlânsk politikus (* 1930)
- 8 - László Sólyom, Hongaarsk politikus (* 1942)
- 8 - Agneta Andersson, Sweedsk kanofarster (* 1961)
- 10 - Terry Dischinger, Amerikaansk basketballer (* 1940)
- 11 - Phyllis Coates, Amerikaansk aktrise (* 1927)
- 13 - Louise Glück, Amerikaansk dichter (* 1943
- 14 - Piper Laurie, Amerikaansk aktrise (* 1932)
- 15 - Suzanne Somers, Amerikaansk aktrise (* 1946)
- 16 - Martti Ahtisaari, Finsk politikus (* 1937)
- 18 - Wessel te Gussinklo, Nederlânsk skriuwer (* 1941)
- 19 - Anfisa Reztsova, Russysk biatlete (* 1964)
- 21 - Bobby Charlton, Ingelsk fuotballer (* 1937)
- 22 - Gerrit Jan Alberts, Frysk ferslachjouwer (* 1962)
- novimber
- 2 - Ben Ramakers, Nederlânsk akteur (* 1953)
- 12 - Frans Steijvers, Nederlânsk politikus (* 1942)
- 14 - Karel van de Graaf, Nederlânsk presintator (* 1950)
- 16 - A.S. Byatt, Ingelsk skriuwster (* 1936)
- 17 - Ellen Jens, Nederlânsk regisseuse (* 1940)
- 17 - Charlie Dominici, Amerikaansk sjonger (* 1951)
- 19 - Rosalynn Carter, Amerikaansk presidintsfrou (* 1927)
- 23 - Helmert Woudenberg, Nederlânske akteur, toanielregisseur (* 1945)
- 26 - Geordie Walker, Ingelsk gitarist (* 1958)
- 29 - Henry Kissinger, Amerikaansk diplomaat en politikus (* 1923)
- 30 - Jacobus Knol, Frysk, learaar, skriuwer en oersetter (* 1936)
- 30 - Sante Gaiardoni, Italjaansk hurdfytser (* 1939)
- 30 - Shane MacGowan, Iersk sjonger (* 1957)
- desimber
- 1 - Burny Bos, Nederlânsk filmprodusint, akteur en skriuwer (* 1944)
- 2 - Barbara Doll, Frânsk pornoaktrise (* 1972)
- 3 - Peter d'Hamecourt, Nederlânsk sjoernalist (* 1946)
- 6 - Cilly Dartell, Nederlânsk aktrise en presintatrise (* 1957)
- 8 - Ryan O'Neal, Amerikaansk akteur (* 1941)
- 8 - Peter-Michael Kolbe, Dútsk roeier (* 1953)
- 11 - Andre Braugher, Amerikaansk akteur (* 1962)
- 13 - Dick Tommel, Nederlânsk politikus (* 1942)
- 13 - Paul Litjens, Nederlânsk hockeyer (* 1947)
- 16 - Nawaf al-Ahmad al-Jaber al-Sabah, Emir fan Koeweit (* 1937)
- 17 - Linda van Dyck, Nederlânsk aktrise (* 1948)
- 20 - Harrie Smeets, Nederlânsk biskop (* 1960)
- 21 - Bob Meijer, Nedderlânsk nijslêzer (* 1935)
- 21 - Agaath Meulenbroek, Nederlânsk aktrise (* 1943)
- 22 - Laura Lynch, Amerikaansk bassiste (* 1958)
- 24 - Annemiek Klijberg, Nederlânsk presintatrise (* 1948)
- 26 - Wolfgang Schäuble, Dútsk politikus (* 1942)
- 26 - Lesley McNaught-Mändli, Switsersk springrúter (* 1964)
- 28 - Beno Hofman, Nederlânsk histoarikus en presitator (* 1954)
- 29 - Doeke Eisma, Nederlânsk politikus (* 1939)
- 30 - Tom Wilkinson, Ingelsk akteur (* 1948)
- 31 - Hubert van Hoof, Nederlânsk presintator en sjoernalist (* 1951)
- 31 - Melissa Hoskins, Australysk hurdfytster (* 1991)
Bisten
- 10 jannewaris - Jasper 366, ferneamde Fryske dekhynst.[3]
- 4 april - Bokito, ferneamde Gorilla fan Diergaarde Blijdorp.[4](* 1996)
Tillefyzje
Jierren: | 2018 | 2019 | 2020 | 2021 | 2022 | 2023 | 2024 | 2025 | 2026 | 2027 | 2028 |
Iuwen: | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e | 21e iuw | 22e | 23e | 24e | 25e | 26e |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|