Springe nei ynhâld

Sjoerd Nieuwland

Ut Wikipedy
De ferzje fan 24 feb 2022 om 03.17 troch Wutsje (oerlis | bydragen) (fl)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

Sjoerd Nieuwland (Ljouwert, 13 augustus 1917 - dêre, 22 jannewaris 2007) wie in Frysk dirigint.

Hy waard yn Ljouwert berne as soan fan Jan Nieuwland, dy't pianotechniker wie, en Houkjen Kooistra. Hy troude yn 1938 mei 21 jier en út dat houlik kamen twa bern.

Hy hat in skoft lang dirigint west; sa wie er tusken 1956 en 1974 dirigint fan Soli Deo Gloria út Ljouwert. Sûnt Nieuwland dirigint wie, feroare de muzykstyl fan it orkest fan fanfare nei brassband. De foarkar fan Nieuwland, dy't ôfkomstich wie fan it Leger des Heils, gie út nei in dûbele besetting fan de brassband. "Soli Deo Gloria" spile yn dy tiid in protte yn tsjerketsjinsten, konserten en faak foar de radio. Under lieding fan Nieuwland groeide Soli Deo Gloria ta 130 leden; mei trije orkesten wie it sels ien fan de grutste muzykferienings fan Fryslân. Sa wie der in drumband mei trompetters, letter ek doedelsekspilers en dêrneist wiene der in soad muzyklearlingen. Sjoerd Nieuwland woe prinsipieel net meidwaan oan konkoersen, it gie him mear om de feriening en har funksje yn de maatskippij. Jannewaris 1974 naam de 22 jier jonge dirigint Jan de Haan it roer fan Sjoerd Nieuwland oer by "Soli Deo Gloria". De brassband helle yn de jierren dêrnei ferskate súksessen.

Neist syn wurk yn de muzyk wie er ek foarljochter fan de GEB (Gemeentlik Elektrisiteitsbedriuw Ljouwert) en fan de PEB (Provinsjaal Elektrisiteitsbedriuw).

Hy stoar yn 2007 yn de âldens fan 89 jier.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: