Wei nei Oerisel
De wei nei Oerisel wie in trochgeande strjitwei fan Ljouwert nei Oerisel.
De strjitwei begûn yn Ljouwert bûten de eartiidske Wurdumerpoarte, en rûn fan dêr nei it suden, oer Barrahûs, Wytgaard en Reduzum nei Jirnsum. Dan súdeastlik oer Aldskou nei Akkrum, Haskerdiken, Nijbrêge en Nijehaske nei It Hearrenfean. Fan dêr gong de strjitwei fierder oer Aldskoat, in slinger nei Aldeholtwâlde en dan rjocht nei it suden nei Nijeholtwâlde en Wolvegea. Fan Wolvegea rûn de wei dan wer wat súdeastlik fia Blesbrêge, De Blesse en Willemsoard de provinsje út nei Stienwyk, en rûn dan fierder yn fremde parten oant de wei úteinlik yn Swol útkaam.
Hast alle parten fan de wei binne ek hjoed-de-dei noch brûkber, mar wylst in part no snelwei wurden is, is it oare part just ûntlêste troch in snelwei dy't der neist leit.
Underweis hat de dyk ferskate nammen: Oeriselskestrjitwei, De Trije Roomers, Rykswei, Ljouwerterdyk, Feansterdyk en Ljouwerterstrjitwei binne dêr in pear fan.