Warstiens
Warstiens is in doarp yn de gemeente Ljouwert. It doarp hat 30 ynwenners (2022). Warstiens leit flakby de doarpen Wergea en Warten. Noardlik fan it doarp leit de Wâldwei en oan de oare kant fan de rykswei de útwreidzjende stêd Ljouwert.
Warstiens | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân Fryslân | |
Gemeente | Ljouwert | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 30 (2022) [1] | |
Oerflak | 2,71 km², werfan: - lân 2,59 - wetter 0,11 km² | |
Befolkingsticht. | 12 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 09' N 5° 51' E | |
Kaart | ||
It Langdeel dielt it doarp yn twa helten. Dat wurdt ek symbolisearre yn de wite baan fan it doarpswapen. Oan de eastkant lizze in tal pleatsen, oan de westkant leit de terp.
Skiednis
bewurkje seksjeDe namme komt ek foar as Verstiens, Warstens en Warsteens. De iere skiednis fan Warstiens folget dy fan de doarpen Warten en Wergea. De terpen waarden om 300 hinne ferlitten om 't de boerebefolking troch tanimmende wetteroerlêst langer gjin plak mear hie om harren fee weidzje te litten. It duorre oant de 8e iuw dat de bewenners werom kamen.
De Warstienserdyk dy't nei it doarp rint, waard pas yn 1861 ferhurde mei grint. Foar dy tiid stiene en leine der hikken en damen fan boeren, dy't de tagong ta it doarp oer it lân beheinden, sadat it allinne oer it wetter goed te berikken wie. Foar de ferbettering fan de tagonklikens spile fral de herfoarme tsjerke in wichtige rol, dy't de hikken en damen fan de boeren oerkocht en it grutste part fan de oanlis fan de dyk betelle. De yn it ramt fan de ruilverkaveling yn de jierren 1960 oanleine dyk mei de namme De Trije Hikken ferwiist noch nei dy âlde sitewaasje.
Op it plak fan de pleats oan De Trije Hikken lei eartiids in marke, de Wylmersmar. Westlik fan it doarpsgebiet fan Warstiens lei oant it drûchmeitsjen yn 1784 de Himpensermar.
Grut hat it doarp nea west. Yn 1840 hie it doarp likernôch 30 ynwenners en yn de tiid dat it doarp noch by de gemeente Idaarderadiel hearde, wie allinne Aegum noch lytser. De doarpsterp is foar it grutste part ôfgroeven; de âldste fynsten fan skerven wurde noch fan foar ús jiertelling datearre.
Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984 makke Warstiens diel út fan de gemeente Idaarderadiel. Yn 1984 waard Warstiens yndield by de gemeente Boarnsterhim, dy't yn 2014 opheven waard.
De buorren falle sûnt 2007 ûnder de beskerme steds- en doarpsgesichten yn Fryslân. It doarp hat twa ryksmonuminten: de herfoarme tsjerke en oan de rjochter kant fan it Langdeel de pleats Gerkemastate.
Tsjerke
bewurkje seksje- De Wikipedy hat ek in side Herfoarme tsjerke (Warstiens).
De midsiuwske tsjerke mei sealtektoer fan Warstiens waard yn 1882 ôfbrutsen. Yn 1844 wie de tsjerketoer noch mei in pear grutte steunbearen fersterke. Yn 1876 wie it ynwennertal groeid ta 51 en ûnstiene der plannen foar de bou fan in nije tsjerke. It ûntwerp fan it eklektyske bouwurk is makke troch de Ljouwerter arsjitekt H.H. Kramer. Wylst de midsiuwske tsjerke de tradisjonele eastlike oriïntaasje hie mei it koer oan de eastlike kant, waard de nije tsjerke omkeard boud mei it koer nei it westen ta. De âlde oan Sint-Sesilia wijde klok út 1252 waard ferkocht en bedarre lang om let yn it Nasjonaal Beiaardmuseum yn Asten, tsjintwurdich it Museum Klok & Peel.
Mienskip
bewurkje seksjeFoar it ferieningslibben is it lytse Warstiens fral op Wergea en Warten rjochte.
Tsjerke
bewurkje seksjeBefolkingsferrin
bewurkje seksjeJier | 1840 | 1876 | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1973 | 2000 | 2004 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 30 | 51 | 65 | 50 | 42 | 30 | 29 | 36 | 44 |
Jier | 2007 | 2010 | 2015 | 2020 | 2022 | ||||
Ynwenners | 43 | 39 | 40 | 30 | 30 |
Strjitten
bewurkje seksjeBuorren, Oeble Om Wei, De Trije Hikken
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Ljouwert | ||
---|---|---|
Stêd: Ljouwert | ||
Doarpen en útbuorrens: Alde Leie • Baard • Bears • Britsum • Eagum • Easterlittens • Feinsum • Friens • Goutum • Grou • Idaerd • Hijum • Hilaard • Himpens • Húns • Jellum • Jelsum • Jirnsum • Jorwert • Koarnjum • Lekkum • Leons • Mantgum • Miedum • Reduzum • Snakkerbuorren • Stiens • Swichum • Tearns • Warstiens • Warten • Weidum • Wergea • Wytgaard • Wurdum | ||
Buorskippen: Abbenwier • Aldskou (foar in part) • Angwier • Baarderbuorren • Bartlehiem (foar in part) • Buerstermûne (foar in part) • Domwier • Finsterbuorren • Fjouwerhûs • Fûns • Goattum • Hesens • De Him • Hoek • It Hoflân • Hoptille • Marwert • Midsbuorren • Naarderbuorren • Noardein • Poelhuzen • Rewert (foar in part) • Skillaerd • Skrins • Suderbuorren • Suorein • It Tichelwurk • De Trije Romers • Truerd • Tsienserbuorren • Tsjaard • Tsjeintgum • Wammert • Westerbuorren • Wielstersyl • Wieuwens | ||
· · |