Tropysk klimaat
It tropysk klimaat is in klimaat dat foarkomt yn de tropen. Neffens de Klimaatklassifikaasje fan Köppen is it in net-drûch klimaat wêr't it heule jier de temperatuer trochstrings boppe de 18°C leit. Köppen dielt it soarte klimaat yn as in haadklimaat by de A-klimaten op syn ferdieling. It tropysk klimaat beslacht it meastepart fan de ierde, 20% fan it lânoerflak en 43% fan it wetteroerflak.
Köppen dielt it tropysk klimaat fierders ûnder yn trije klimaten. Dat binne it tropysk reinwâldklimaat, it mûssonklimaat en it tropysk savanneklimaat.
Gebieten
bewurkje seksjeGebieten mei it tropysk klimaat binne:
- Súd-Florida
- De Karibyk
- Sintraal-Afrika
- De kust fan Yndia
- Súdeast-Aazje
- Noard-Queensland
- Hawaï
- Sintraal Amearika
- De binnenlannen fan Brazylje