De Beatles wie in popgroep út Liverpool. Se wurde beskôge as de meast ynfloedrike band út de skiednis.

De Beatles yn 1964. Boppe John Lennon en Paul McCartney, ûnder George Harrison en Ringo Starr

De moeting tusken John Lennon en Paul McCartney op 6 july 1957 wurdt beskôge as it begjin fan de meast súksesfolle popgroep oait. John Lennon (16) spilet mei de troch him oprjochte band The Quarry man op in festival yn Woolton, Liverpool, dêr't Paul McCartney (15) nei hinne komt te sjen. Paul sjongt en spilet al in soad ferskes en hy kin gitaar stimme. Hy wurdt by de groep frege. In heal jier letter op 6 febrewaris 1958 noadet Paul syn freon George Harrison út, hy kin noch better gitaarspylje. Se krije op it poadium de nedige ûnderfining as Johnny and the Moondogs. Stuart Sutcliffe dy’t basgitaar spilet komt mei de namme: The Beetles. John stelt foar om fan de ee in ea te meitsjen. Dit slacht dan op beat muzyk. Sa is de band en de namme berne.

De opkomst fan de Beatles

bewurkje seksje

Yn 1960 krijt de Beatles noch in nij lid. Drummer Pete Best heart der no ek by. Se meitsje harren earste toernee troch Skotlân. De groep krijt yn 1960 danksy de manager Allan Williams in searje optredens yn Hamburch. Fjouwer dagen foardat se nei Dútslân gean docht Pete Best in audysje. Fan dy tiid ôf is hy de drummer. De Beatles spylje in oantal moannen yn ferskillende gelegenheden yn Dútslân. Stuart Sutcliffe krijt in relaasje mei Astrid Kirchherr, in fotograaf. Sy heart by in groepke keunstners wêr't ûnder oare Klaus Voormann ek yn sit. Sy drage it hier in it paazjemodel. Sy knipt Stuart syn hier ek sa. Astrid krijt de oare bandleden ek sa fier om it hier ek sa dragen te gean. Drank en peppillen hâlde de muzikanten oerein. Se wurde yn in pear moanne tiid omfoarme fan amateurs nei profesjonele showminsken. Yn desimber giet it mis. George Harrison moat út de klup wêr't se altyd optrede, omdat er sa jong is. Paul McCartney en Pete Best moatte op beskuldiging fan brânstifting Dútslân ferlite. De groep giet hast útelkoar.

Dôchs gean de Beatles troch. Yn jannewaris meie de Beatles optreden yn Liverpool. In freon fan Pete Best, Neil Aspinall wurdt harren roadmanager en sjauffeur fan harren buske. Nei in oantal optredens gean se wer werom nei Dútslân. Se trede op yn Hamburch yn de Top Ten Klup. De Dútske producer Bert Kaempfer hiert de Beatles yn as begeliedingsgroep fan de sanger Tony Sheridan. As de Beat Brothers nimme se acht nûmers op. Yn Dútslân ferskynt it alderearste Beatles singeltsje fan de wrâld. Mei de nûmers ‘My bonnie’ en ‘When de saints’. De groep giet yn juny werom nei Ingelân. Stuart Sutcliff beslút om te bliuwen. Paul McCartney giet no de basgitaar bespyljen. De Beatles meie weromkomme yn Liverpool. Dêr wurde se hieltyd ferneamder. Op 31 augustus 1961 wurdt in Beatles fanklub oprjochte. Brian Epstein wurdt letter yn it jier harren nije manager. Hy komt by de Beatles troch it plaatsje dat útbrocht is yn Dútslân.

Ferneamd wurde

bewurkje seksje
 
Paul McCartney

Op 1 jannewaris 1962 dogge de Beatles in audysje foar it Decca label. Mar se krije as kommentaar dat yn groepen mei gitaren gjin takomst sit. Yn april gean de Beatles foar in tredde searje optredens foar twa moannen nei Hamburch. Dêr oankommen hearre se it berjocht dat harren âlde freon Stuart Sutcliffe deagong is oan in harsensblieding. De groep is der kapot fan.

Op 6 juny dogge de Beatles audysje foar George Martin, in platenproduser. Dizze wol it mei de groep besykje ûnder ien betingst: Pete Best moat de groep ferlitte. Hy kin gjin maat hâlde neffens George Martin. De groep akseptearret. De nije drummer is Ringo Starr (echte namme: Richart Starkey). De Beatles binne no kompleet. Op 23 augustus trout John Lennon mei syn freondinne Cynthia Powell dy't yn ferwachting is. De earste single komt út op 5 oktober 1962. Yn Ingelân ferskynt it ferske nei trije wiken yn de hitparade. It ferske hjit: ‘Love me do’. Se komme foar it earst op telefyzje op 7 novimber by Granada Telefyzje. It jier wurdt ôfsletten mei in searje optredens yn de Star Club yn Hamburch.

De earste nûmer 1 hit

bewurkje seksje

Nei in toernee troch Skotlân yn de earste wike fan 1963 komt op 11 jannewaris de twadde single út: ‘Please please me’. It wurdt de earste nûmer 1 hit foar de Beatles yn Ingelân. Op 2 febrewaris begjinne de Beatles mei harren earste grutte toernee troch Ingelân, yn it foarprogramma fan sjongster Helen Shapiro. Dan is it tiid foar de earste Elpee. Op 11 febrewaris wurdt it nûmer 'Please please me' opnaam op ien dei. Op 7 maart 1963 komt de earste Beatles elpee út yn Ingelân. Dêr sil de plaat seis moannen nûmer ien stean. Yn april komt de tredde single út: ‘From me to you’. Ek dizze single komt op nûmer ien. De Beatles krije hieltyd mear belangstelling fan de parse. Mar ek oarsom is der belangstelling. Paul McCartney wurdt ynterviewe troch Jane Asher, de fûnk slacht oer en se binne jierren lang ferlove. De Beatles begjinne healwei maaie oan in toernee troch Ingelân. Dit dogge se tegearre mei Roy Orbinson en Gerry and the Pacemakers. Op 23 augustus komt de single ‘She loves you’ út. Dit wurdt in grutte hit yn hiel Jeropa. Dan giet it hurd mei de Beatles. Se wurde hieltyd ferneamder. Se trede op 4 novimber op foar de queen-mother yn it Prince of Wales teater yn Linder. John Lennon hellet alle kranten mei syn opmerking: “De minsken mei de goedkeape plakken meie meiklappe, de rest rinkelt gewoan mei harren juwielen“. Op de dei dat Presidint John F. Kennedy fermoarde wurdt komt yn Ingelân de twadde Beatles elpee út mei de namme ‘With the Beatles‘. Manager Brian Epstein slút in kontrakt ôf mei Capitol Records, dat de Beatles platen útjaan giet yn de Feriene Steaten. De groep beslút sels pas nei de Feriene Steaten te gean as se nûmer 1 stean.

De Feriene Steaten en de rest fan de wrâld

bewurkje seksje
 
De gitaren fan Paul McCartney en George Harrison

De single ‘I want to hold your hand’ komt yn jannewaris 1964 yn de Amerikaanske Top 100 binnen. In wike letter stiet it nûmer op 1. De groep giet sa gau mooglik nei de Feriene Steaten. De oankomst is oerweldigjend. Twa dagen letter trede se op yn de Ed Sullivan Show. Dizze show wurdt yn it hiele lân útstjoerd. Der sjogge dan ek 74 miljoen minsken. Yn de earste wike fan april skriuwt de band skiednis. De earste fiif plakken yn de Amerikaanske top 100 wurde ynnaam troch de Beatles. Dit is noch nea wer foarkaam. Yn juny begjint in echte wrâldtoernee mei konserten yn Denemarken, Hongkong en Austraalje. Ek komme de Beatles nei Nederlân. Flak foar de toernee stoart Ringo Starr yn. Hy wurdt ferfong troch Jimmy Nicol. Op 6 july komt de film “A hard day’s night“ út. Hjir spylje de bandleden in rol yn.

It hichtepunt

bewurkje seksje

Op 11 febrewaris trout Ringo Starr mei Maureen Cox. In wike letter begjint de band mei opnames foar in nije film. Dizze opnames duorje oant healwei maaie. De groep filmet yn Tirol en op de Bahama’s. Yn july komt de film út mei de namme Help. Ek komt de fiifde elpee ‘Help’ út. Nei in koarte toernee troch Jeropa giet de band nei de Feriene Steaten. Dêr jouwe se in oantal ferneamde konserten lykas it Shea Stadium konsert. Der komme mear as 56000 minsken te sjen. In moanne letter start dêr in tekenfilmsearje op telefyzje basearre op de muzyk fan de Beatles. Yn Ingelân krije de Beatles op Buckingham Palace in keninklike ûnderskieding : Member of the Most Excellent Order of the British Empire (MBE).

George Harrison trout op 21 jannewaris 1966 mei Patti Boyd, dy hy twa jier earder moete hie. De single ‘Michelle’ wurdt yn de hiele wrâld in hit. Op 1 maaie jouwe de Beatles harren lêste live konsert yn Ingelân. Yn de Feriene Steaten komt in sammelelpee út. Op de hoes stean de Beatles yn slachtersjassen mei stikken fleis en poppen sûnder hollen. De hoes wurdt al hiel snel ferfong. Er komme hjir en der mear protesten. Bygelyks op De Filipinen. De Beatles wurde hertlik wolkom hjitten yn Manilla mar as in dei letter blykt dat de band in útnûging foar de lunch fan Imelda Marcos negeare hat wurde se hast letterlik it lân út slein. Mar de grutste flater moat noch makke wurde. Op 31 july stiet yn in Amerikaansk blêd in ynterview mei John Lennon. Yn dat ynterview seit hy dat de Beatles op dit momint populêrder binne as Jezus Kristus. De Amerikanen binne poer. Oeral wurde Beatles platen ferbrând en in soad radiostasjons ferbiede de Beatlesplaten. Heal augustus gean se dôchs nei Amearika ta. Dit soe harren lêste toernee wurde. By oankomst jout John Lennon in parseferklearring ôf. Hy seit dêryn dat de útspraken net sa bedoeld wienen. Op 26 augustus 1966 wurdt yn it Candlestick Park yn San Francisco it lêste optreden jûn. De band hat hiele oare muzikale ideeën krigen. Dizze ideeën kinne net útfierd wurde op in poadium. De band hâldt himsels no allinnich noch mar dwaande mei it opnimmen fan platen.

It begjin fan 'e ein.

bewurkje seksje

Heal febrewaris 1967 komt as foarpriuwke de single ‘Penny Lane’ út. De groep is moannenlang yn de studio’s fan Abbey Road yn Londen oan it opnimmen. As de plaat klear is, wurdt de wrâld der troch ferbjustere. Mear en mear wurde de Beatles der fan fertocht dat se drugs brûke, se jouwe dit sels ek ta. As reaksje boycottet de BBC de singles ‘A day in the life’ en ‘Lucy in the Sky with Diamonds’. Dit fanwege de begjinletters. In primeur is op 25 juny, wannear't se de single ‘All you need is love’ yn in telefyzjeprogramma wrâldwiid presintearje. Op it hichtepunt fan harren rom, slacht it needlot ta. Yn in meditaasjewykein yn Wales, by de Yndiaaske Goeroe Maharishi Mahesh yogi, krije se te hearren dat manager Brian Epstein dea yn syn flat fûn is. Syn dea is in gefolch fan te folle sliepmiddels yn kombinaasje mei alkohol. Paul McCartney wit de oaren te oertsjûgjen om sa gau mooglik wer oan it wurk te gean om sa gau mooglik oer it ferlies hinne te kommen. Hy komt mei it idee om in telefyzjefilm te meitsjen mei de namme Magical Mystery tour. Se gean mei de bus troch hiel Ingelân hinne en tuskentroch nimme se yn de studio de ferskes op dy der by hearre. Op Twadde Krystdei stjoert de BBC de film út. De parse lit de folgjende dei neat heel fan de film. De band giet foar trije moannen nei Rishikesh yn Yndia om harsels yn it haadkertier fan de Maharishi fierder te ferdjipjen yn meditaasjetechniken. Ringo Starr hâldt der nei in pear wiken wer mei op krektas Paul McCartney. Yn maart skoart de groep in nûmer 1 hit my ‘Lady Maddonna” en letter mei ‘Hey Jude”.

De Beatles falle hieltyd mear útelkoar. Under it opnimmen fan de nijste elpee hat Paul McCartney himsels opsteld as lieder fan de groep. Hjirmei kaam er op it sear fan John Lennon as oprjochter fan de band. John Lennon sleepte syn nije leafde oeral mei hinne. De Japanske Yoko Ono gie sels mei de studio’s yn. Dat waard net troch alle oare bandleden wurdearre. Der komt dan ek spul fan. Ringo Starr ferlit lilk de studio. In pear dagen letter wurdt de rûzje wer bylein. John en Yoko bliuwe yn it nijs kommen. Se wurde troch de plysje oppakt omdat se hennep by harren hawwe. Mar it meast skokkende foar dy tiid wie de nije hoes fan de elpee, fan de twa. Se stienen neaken op de foarkant.

Paul McCartney liet himsels net kenne en woe graach oan it wurk. Hy woe wer optrede. Hy hie as idee dat der kameras en bânrekorders mei moasten by de tariedings. Dit wie efterôf gjin goed idee. Op de bân stiet hoe't de spanning te snijen is. En der is in soad spul, benammen tusken George Harrison en Paul McCartney. Mar troch de muzikale en mentale steun fan Billy Preston komt it dôchs noch ta in optreden, 30 jannewaris 1969 op it dak fan it Apple gebou. Dêrnei gean de Beatles harren eigen paad. Ringo Star spilet yn in film, Paul trout mei Linda Eastman, John en Yoko trouwe op 20 maart. By harren houliksreis dogge se ek Amsterdam oan. Dêr hâlde se harren ‘Bed Peace’ aksje yn it Hilton hotel. Se lizze in wike op bêd as in fredesdemonstraasje. Undertusken bliuwt de Beatles muzyk skoaren mei de single ‘Get Back’.

De Beatles komme noch ien kear byelkoar. Se wolle noch ien kear in plaat útbringe. Dy komt ein septimber út mei de namme ‘Abbey Road’. De plaat einiget mei it ferske ‘The End’. John Lennon kundiget yntern oan dat er stopje wol. Mar it nijs wurdt stilhâlden. Yn septimber 1969 hawwe se noch ien fotosesje hân. Dêrnei is de groep nea wer byinoar sjoen.

 
George Harrison

De ein fan de band

bewurkje seksje

De Beatles gean harren eigen paad. Ringo Starr jout syn earste solo elpee út. Paul McCartney begjint syn eigen muzykproduksje maatskippij en bringt syn earste solo-elpee út. Yn de hoes sit in sels ôfnommen ynterview wêryn hy seit dat de Beatles útelkoar binne. Paul: ‘I didn't leave the Beatles. The Beatles have left The Beatles, but no one wants to be the first to admit it’.

Wat barde der fierder

bewurkje seksje

Yn de jierren santich wurdt meardere kearen besocht om de groep wer byelkoar te krijen. Mar echt slagje wol dit net. It hâldt hielendal op as John Lennon fermoarde wurdt troch Mark Davids Chapman op 8 desimber 1980 foar syn hûs. Op 29 novimber 2001 stjert George Harrison oan de gefolgen fan kanker.

Yn novimber 2003 bringe de twa oerbliuwende Beatles, Ringo Starr en Paul McCartney, it album ‘Let it be…naked’ út. It is in remake fan it âlde album.

Albums mei in hitnotearring yn de Nederlânske album top 20/50/100
Titel Datum fan
release
Datum fan
binnekomst
 Heechste 
posysje
 oantal 
wiken
 Opmerkingen 
Please please me 1963
With the Beatles 1963
The Beatles'First featuring Tony Sheridan (opnommen yn 1961, as begeliedingsband) 1964
A Hard Day's Night 1964
Beatles for Sale 1964
Help! 1965
Rubber soul 1965
Revolver 1966
A collection of Beatles oldies (compilaasje) 1966
Sgt. Pepper's Lonely Hearts Club Band 1967 20-6-1987 15 17
Magical mystery tour 1967
The Beatles (ek The White Album) 1968
Yellow Submarine 1969
Abbey Road 1969 6-12-1969 1 16
Let It Be 1970 6-7-1970 3 12
The Beatles 1962-1966 (compilaasje) 1973 19-5-1973 2 76
The Beatles 1967-1970 (compilaasje) 1973 19-5-1973 3 79
Rock and roll music 26-6-1976 8 14
Live! At the Star Club in Hamburg, Germany 1962 (concertregistratie) 1977
The Beatles at The Hollywood Bowl (konsertregistraasje) 1977
Hey Jude (compilaasje) 1979
Reel music 24-4-1982 37 5
The Complete Silver Beatles (Decca audysje) 1982
Past masters (compilaasje) 1988 26-3-1988 29 5
Live at the BBC (radioregistraasje) 1994 10-12-1994 3 16
Anthology 1 1995 2-12-1995 2 14
Anthology 2 1996 30-3-1996 5 10
Anthology 3 1996 9-11-1996 9 9
Yellow submarine soundtrack 1999 25-9-1999 45 3
1 (compilatie) 2000 25-11-2000 1 53
Let It Be...Naked 2003 29-11-2003 8 10
Love 2006 25-11-2006 *4 *1
Singles mei in hitnotearring yn de Nederlânske Top 40
Titel Datum fan
release
Datum fan
binnekomst
 heechste 
posysje
 Oantal 
wiken
 Opmerkings 
Pré-Top 40
She loves you 14-12-1963 7 10
I want to hold your hand 4-1-1964 1 28
From me to you 1-2-1964 28 8
Please please me/Love me do 1-2-1964 27 4
Twist and shout 1-2-1964 9 15
She loves you 8-2-1964 9 1
Money 4-4-1964 29 4
Can't buy me love 11-4-1964 1 23
All my loving 30-5-1964 2 20
Twist and shout 4-7-1964 9 1
A hard day's night 11-7-1964 1 20
Long tall Sally 11-7-1964 1 16
Roll over Beethoven 25-4-1964 38 10
I should have known better 5-9-1964 1 17
And I love her / If I fell 10-10-1964 3 12
Matchbox / I saw her standing there 28-11-1964 35 2
I feel fine 5-12-1964 1 4
Top 40
I should have known better 2-1-1965 40 1
If I fell 2-1-1965 21 3
I feel fine 2-1-1965 1 16
Eight days a week / Baby's in black 20-2-1965 2 17
Rock and roll music / No reply 27-3-1965 1 21
Ticket to ride 24-4-1965 1 18
Help! 31-7-1965 1 24
Yesterday 30-10-1965 1 19
We can work it out / Daytripper 25-12-1965 1 14
Michelle 22-1-1966 1 16 Mei Overlanders
Bad boy 21-5-1966 32 5
Paperback writer 25-6-1966 1 9
Yellow submarine / Eleanor Rigby 20-8-1966 1 14
Penny Lane / Strawberry fields forever 25-2-1967 1 13
All you need is love 15-7-1967 1 13
Hello goodbye 2-12-1967 1 13
Magical mystery tour (EP) 16-12-1967 3 11
Lady Madonna 23-3-1968 3 9
Hey Jude 14-9-1968 1 14
Ob la di ob la da 25-1-1969 5 9
Get back 26-4-1969 1 10
Ballad of John and Yoko 14-6-1969 1 10
Come together 25-10-1969 4 7
Let it be 14-3-1970 1 9
The long and winding road 4-7-1970 9 5
All together now 12-2-1972 19 6
Hey Jude 10-6-1972 tip
A hard day's night 16-3-1974 tip
Hey Jude 15-5-1976 20 7
Yesterday 19-6-1976 25 4
The Beatles movie medley 24-7-1982 35 3
Love me do 23-10-1982 tip
Baby it's you / I'll follow the sun 8-4-1995 tip
Free as a bird 16-12-1995 10 5
Real love 23-3-1996 20 3
  • A Hard Day's Night (1964)
  • Help (1965)
  • Magical Mystery Tour (1967)
  • Yellow Submarine (1968)
  • Let it Be (1970)
  • The Beatles Anthology (1996)
  • John Lennon, In his Own Write (1964),
  • John Lennon, A Spaniard in the Works (1965)
  • George Harrison, I Me Mine (1980)
  • The Beatles, Anthology (2000)

Grammy Awards

bewurkje seksje
  • 1964 Best New Artist Of 1964
  • 1964 Best Performance By A Vocal Group (A Hard Day's Night)
  • 1967 Best Contemporary Album (Sgt. Pepper's Lonely Hearts Club Band)
  • 1967 Album Of The Year (Sgt. Pepper's Lonely Hearts Club Band)
  • 1996 Best Music Video, Long Form (The Beatles Anthology)
  • 1996 Best Music Video, Short Form (Free As A Bird)
  • 1996 Best Pop Performance By A Duo Or Group With Vocal (Free As A Bird)