Kompjûterprogramma

(Trochferwiisd fan Software)

In kompjûterprogramma of software befettet koartsein alle opdrachten, skreaun yn in programmear-/kompjûtertaal, dy't nedich binne om de kompjûter ta hanneljen oan te setten. No kin de masine gjin taal útinoar hâlde mar wol koaden en dêrom binne alle opdrachten oerset yn de bypassende ien-/nulkoaden. De ferwurkingsienheid lêst dy ien-/nulkoaden yn ien lange rige efterinoar. Dat soe in kilometerlang ferhaal wurde en dêrfandinne is sa'n rige opdield yn in oantal triemmen. De programmeartaal soarget derfoar dat dy triemmen ûnderling ferbûn of loskeppele wurde kinne.

Sa kinne jo yn de iene triem alle koaden bewarje dy't nedich binne foar de opbou fan in byld op it skerm en yn in oare triem de koaden foar de bestjoering fan it skiifstasjon. Mar de kompjûter docht neat wat net yn ien-/nulkoaden oanlevere wurdt.