Slach by Flaardingen

De Slach by Flaardingen waard fochten troch de Hollânske greve Durk III tsjin de Dútske keizer Hindrik II fan it Hillige Roomske Ryk. Tsjin de sin fan dizze keizer, dy't yn dy tiid lienhear fan de greve wie, begûn Durk III tol te garjen op de rivier de Maas (Merwede) by Flaardingen. Dy tol noaske de keaplju út it bisdom Utert hielendal net. De biskop fan Utert rôp de help yn fan de Dútske keizer en dy stjoerde in leger nei Flaardingen. Durk III fersloech dat leger op 29 july 1018.

De hartoch fan Lotaringen wurdt troch Durk III fan Hollân by Flaardingen ferslein
Barend Wijnveld (1820–1902

Omdat de keapfarders op de Merwede tol betelje moasten oan Durk, koenen se harren ferplichtingen oan keizer Hindrik ek net mear bekostigje. Dat koe sa langer net en Hindrik stjoerde in leger fan biskoppen en eallju derop ôf.

It keizerlike leger bestie benammen út hierlingen ôfkomstich út de bisdommen Luik, Kameryk en Utert. It leger waard laat troch Hartoch Godfried fan Lotharingen. Mei skippen sette it leger ôf fan Tiel út nei Flaardingen. Lykwols heakke ûnderweis biskop Balderik ôf, omdat er net goed waard. Hy ferstoar noch deselde deis.

De ekspedysje fan de keizer lâne ûnder Flaardingen. De measte bewenners wienen flechte nei de fierder lizzende boarch fan Durk of de sompen yn.

Ticht by de boarch lei in min te begeane sompe, dêr't de striders fan keizer Hindrik mar moedsum trochhinne kamen. It leger drige yn panyk te reitsjen doe't se tochten dat se fan efteren oanfallen waarden en it seach der nei út dat de soldaten inoar dea drukten. De West-Friezen makke brûkme fan dy tastân en stoarmen oer de dyk hinne en sloegen derop los. Al by de earste oanfal naaide biskop Adelbold fan Utert mei syn manlju út, wêrtroch't Godfried der allinnich foar stie. By de folgjende oanfal wie it heale leger fuort. Godfried koe lykwols noch in skoft stân hâlde. Langomlet wie it grutste part fan de keizerlike troepen útskeakele. Doe it sa fier wie, kaam Durk út syn boarch en naam Godfried finzen. Skraachwurk in pear moannen letter sletten keizer Hendrik II en greve Durk III frede. Keizer Hendrik fûn it wichtiger dat de kustferdigening ree wie tsjin de Wytsingen.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • It ferrin fan de fjildslach is optekene troch de muonts Alpertus fan Metz. Alpertus waard wierskynlik berne yn it bisdom Utert. Hy waard muonts te Metz en gie dêrnei wierskynlik as kanunnik werom nei Utert. Syn ferslach docht dúdlik bliken dat hy oan de kant fan de biskoppen stie.