Saco Rienk de Boer

(Trochferwiisd fan Saco Rienk DeBoer)

Saco Rienk de Boer (letter, yn Amearika: DeBoer; Oerterp, 7 septimber 1883 - Denver, 16 augustus 1974) wie in Amerikaansk tún- en lânskipsarsjitekt en stêdeplanner fan Frysk komôf.

De Boer hie te lijen fan tuberkuloaze en emigrearre yn 1908 nei Amearika om yn in drûger klimaat ferlichting te finen. Hy hâlde in skoftke ta yn Maxwell City, yn Nij-Meksiko, mar ferfear rillegau nei Denver dêr't er yn de stedskwekerij oant wurk koe.[1]

Hy waard, nei de dea fan Denver's earste lânskipsarsjitekt Reinhart Schuetze, de offisjele lânskipsarsjitekt fan Denver fan 1910 oant 1931. Hy makke ek de earste ûntwerpen foar Boulder City yn Nevada.

Saco Rienk de Boer hat tsientallen stedsparken en hûnderten priveetunen ûntwurpen. As stêdeplanner hat er meiwurke oan de earste bestimmingsplannen fan Denver, mar ek oan it ûntwerp fan it spoar en hat er ûntwerpen makke foar parken tsjin berchskeanten oan. Foar in part is er ek ferantwurdlik foar de Botanyske Tunen fan Denver en Red Rocks Amphitheatre.

De Boer die ek in soad bûten Denver. Hy wie konsultant foar in protte stêden oan de Front Range – sa as Greeley, Grand Junction, Boulder, Golden, Longmont, Aurora, Fort Collins, en Englewood – en fierders Scottsbluff, Nebraska; Brainerd, Minnesota; Ruidoso, Nij Meksiko; Idaho Falls, Idaho; Boulder City, Nevada; en Glendive, Montana. Dan hat er ek noch oant wurk west by de National Resources Planning, dat gie om gruttere ûntwerpen; hy hat tsien jier arbeide oan bestimmingsplannen foar de steaten Utah, Nij Meksiko, en Wyoming.

Yn 't koart: Saco de Boer hat in wichtige bydrage levere oan de stedske ûntjouwingen fan it bergige westen fan de Feriene Steaten.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Denver Park and Parkways Thematic National Register Nomination, Office of Archaeology and Historic Preservation, Colorado Historical Society.