Readtsjerk

doarp yn de gemeente Dantumadiel

Readtsjerk is in doarp dat yn de gemeente Dantumadiel leit. Readtsjerk leit noardeastlik fan Mûnein, eastlik fan Aldtsjerk, súdwestlik fan Rinsumageast en súdeastlik fan Burdaard. Readtsjerk hat 195 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners. Readstjerk hat net in doarpskearn, de measte wenten binne oan de Tsjerkestrjitte en de Koaiwei boud.

Readtsjerk
Readtsjerkje
Readtsjerkje
Emblemen
               
Bestjoer
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Dantumadiel
Sifers
Ynwennertal 195 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 7,14 km², wêrfan
- lân: 6,93 km²
- wetter: 0,21 km²
Befolkingsticht. 27 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 15' N 5° 55' E
Doarpsgebiet Readtsjerk (grien) yn 'e gemeente Dantumadiel
Doarpsgebiet Readtsjerk (grien) yn 'e gemeente Dantumadiel
Offisjele webside
Side Trynwâlden Online
Kaart
Readtsjerk (Fryslân)
Readtsjerk

Readtsjerk hat altyd yn sawol de gritenij as de gemeente Dantumadiel lein.

Readtsjerk is ûntstien út de buorskip Wearbuorren, it lânhûs "De Healburd", en de pleats "De Seijewier". Om't oanwizings tsjutte op bewenning yn it twa kilometer noardlik fan it doarp leger lizzende diel, wurdt der fanút gien dat de oarspronklike lokaasje fan Readtsjerk opjûn is. Op kaarten fan Schotanus en Eekhoff binne dêr net mear bewenne terpen tekene. Ek wiist in fjildnamme dêr op it bestean fan in âld tsjerkhôf. Mooglik moast it âlde doarp fanwegen wetteroerlêst opjûn wurde en is it doarp doe ferhûze nei in útrinnende sânrêch fan de Trynwâlden. Om't de hjoeddeiske tsjerke oarspronklik 12e iuwsk is sil dat yn dy tiid plakfûn hawwe.[3]

Eartiids stie yn Readtsjerk Sickama State. De state is foar 1700 sloopt.[4]

Readtsjerk leit oan de grins fan de gemeente Tytsjerksteradiel op de eastlike râne fan de Trynwâlden. It doarp wurdt fan de Dokkumer Wâlden skieden troch in leger lizzend greidegebiet.

De feriening foar Doarpsbelang is yn 'e mande mei it súdwestlik oanbuorjende Mûnein. Der wurdt in doarpsfeest mei Aldtsjerk en ien mei Mûnein fierd.

  De Wikipedy hat ek in side Readtsjerkje.
  • Protestantsk Readtsjerk heart by de PKN Trynwâlden.[5]
  • Toanielferiening It Nije Doarp (mei Mûnein)

Befolkingsferrin

bewurkje seksje
Jier 1954 1959 1964 1969 1974 2004 2015 2020
Ynwenners 328 321 289 250 239 210 196 191
 
De Hoop, Readtsjerk

Readtsjerk hat trije ryksmonuminten:

Bûtefjild - Boskwei - Bûtefjildsterdyk - Dokter Kijlstrawei - Fjildwei Hjelburd - Iggewei - Tsjerkewei - Koaiwei - Marwei - Ottemawei - Reidfjildswei - Sickamawei - Tuskendammen - Tuskenmarren - Wearbuorren.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  Dantumadiel  
Doarpen en útbuorrens:
BroeksterwâldDamwâldDriezumDe FalomFeanwâldenFeanwâldsterwâl (foar in part)RinsumageastReadtsjerkSibrandahûsWâlterswâldDe Westereen
Buorskippen:
Kûkherne (foar in part)Eastwâld
Eardere doarpen:
DantumawâldIkkerwâldMoarrewâld
  ·   ·