De Nyl (Arabysk ‏النيل‎, an-Nīl) is in rivier yn Afrika. De rivier ûntspringt yn de bergen fan Rûanda en Boerûndy en einiget yn de Middellânske See. Tusken de boarne en de see streamt de rivier troch seis lannen: Boerûndy, Rûanda, Tanzania, Uganda, Sûdan en Egypte. De Nyldelta is foar Egypte fan grut ekonomysk belang. Mei in langte fan 6.671 km is de Nyl de twadgrutste rivier op de wrâld nei de Amazônerivier.

Streamgebiet fan de Nyl
Oan de Nyl (1893)
Peder Mønsted (1859-1941)

De Nyl is ien fan de tsjien rivieren, dy't foar 90% bydrage oan de út rivieren ôfkomstige plasticsop fan de oseanen.[1]


Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: