Normandjers

(Trochferwiisd fan Normandiërs)

De Normandjers wienen in kriichsfolk út westlik Frankryk. Sy stamme ôf fan Wytsing feroverers dy't har yn de 9e iuw yn Normandje fêstigen en de oarspronklike bewenners fan benammen Frankyske en Gallo-Romeinske komôf.

Normandyske feroveringen

Yn de 11e en 12e iuw hawwe de Normandjers grutte feroarings op gong brocht yn Jeropa. Under it bewâld fan Willem I waard Ingelân yn 1066 oermastere en hienen sy de top fan harren macht berikt. Ingelân waard in Normandysk keninkryk dêr't tal fan kastielen, tsjerken, katedralen tsjintwurdich ús noch oan it tiidrek fan de Normandjers tinken docht.

Ek yn it Middellânske Seegebiet waarden troch de Normandjers grutte feroveringen dien. Sy hienen de macht oer it suden fan Itaalje en oer de kust fan Syrje.

De Normandjers regearden oant 1154 oer Ingelân. Dêrnei gienen de Saksen (eardere feroverders) en de Normandjers stadichoan op yn ien naasje. Oant it Normandyske tiidrek kaam foarfêst in ein doe't Normandje yn 1204 troch de kening fan Frankryk ferovere waard.

Njonken kundige kriichslju wienen de Normandjers ek tûke bestjoerders. De hartoggen ferdielden harren lân yn stikken dy't wer regeard waarden troch eallju fan it Normandyske folk.