Minnesota (rivier)

De rivier de Minnesota is in likernôch 534 km lange sydstream fan 'e rivier de Mississippy, yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Minnesota, dy't in gebiet fan goed 49.000 km² yn Minnesota, Súd-Dakota en Iowa ûntwetteret.

Minnesota
De Mendotabrêge oer de Minnesota.
De Mendotabrêge oer de Minnesota.
geografy
lân Feriene Steaten
steat Minnesota
ûntspringt yn Big Stone Lake
lokaasje boarne oan 'e grins mei Súd-Dakota
mûnet út yn Mississippy (rivier)
lokaasje mûning by Fort Snelling
plakken Bloomington, Eden Prairie, Mankato, Shakopee, Burnsville, Eagan, Le Sueur
sydstreamen Chippewa, Cottonwood, Yellow Medicine, Lac qui Parle, Pomme de Terre, Redwood
sifers
lingte 534 km
hichte boarne 294 m
hichte mûning 210 m
ferfal 84 m
ôfwetteringsgeb. 44.000 km²
ôffier (mûning) 125 m³/s

De Minnesota ûntstiet yn it Big Stone Lake, oan 'e grins fan Minnesota mei Súd-Dakota. It diel fan 'e rivier foàr dat punt wurdt foarme troch de Lytse Minnesota. Ut it Big Stone Lake wei rint de Minnesota yn in frij rjochte line súdeastlik oant de stêd Mankato, dêr't er in skerpe bocht makket, om dan folle meänderjender nei it noardeasten te streamen, en úteinlik justjes besuden de Twillingstêden Minneapolis en Sint-Paul út te mûnjen yn 'e Mississippy. De delling fan 'e Minnesota is likernôch 8 km breed en 80 m djip, en is tusken 11.700 en 9.400 jier lyn, yn 'e lêste iistiid, troch in gletsjer yn it lânskip útkurven.

De namme "Minnesota" komt út 'e Dakota-taal, fan mní, "wetter", en sóta, "loftkleurich" of "himelkleurich". De iere blanke ûntdekkingsreizgers yn dit gebiet neamden de rivier de St. Peter of de St.-Pierre ("Sint-Petrus"). Op 19 juny 1852 waard de rivier lykwols formeel omneamd troch it Amerikaanske Kongres, op fersyk fan 'e territoriale folksgearkomste fan Minnesota. De hjoeddeistige steat Minnesota is neamd nei de rivier.

De rivier de Minnesota, mei yn 'e ljochtere kleur it gebiet dat troch de rivier ûntwettere wurdt.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes and references en Sources, op dizze side.