Mekka (مكة of مكة المكرّمة Makka al-Mukarrama) (1.294.168 ynwenners (2004)) is de haadstêd fan de provinsje Mekka yn Saûdy-Araabje yn de histoaryske regio Hidjaz. It leit 73 kilometer fan Djedda, yn de sânige Abrahamfallei op 277 meter boppe seenivo en 80 km fan de Reade See.

Mekka
مكة المكرمة
Bestjoer
Lân Saûdy-Araabje
Sifers
Ynwennertal 2 miljoen (2012)
Oerflak 850 km²
Befolkingsticht. 4.200 / km²
Stêdekloft 2,9 miljoen
Hichte m
Oar
Tiidsône (UTC+3)
Simmertiid (UTC+3)
Offisjele webside
Offisjele webside fan Mekka

De stêd is de wichtichste stêd yn de islam, en de hadj, de pelgrimaazje nei Mekka, is ferplicht foar alle moslims dy't it finansjeel en wat sûnens oangiet dwaan kin. Foar Moslims is de al-Masjid al-Haram, de moskee mei de Ka'aba it wichtichste plak op de wrâld. Sawol de stêd as de moskee binne strang ferbean foar eltsenien dy't gjin moslim is.

Skiednis fan Mekka

bewurkje seksje

Foar Mohammed

bewurkje seksje

De Aleksandrynsk wittenskipper Ptolemaeus (87-150) neamt yn syn wurk Geographia it plak Makuraba; moslimhistoarisy tinke dat hy dêr Mekka mei bedoelde.[1]

Foardat de islam ûntstien wie soe Mekka al in wichtige hannelsstêd west hawwe. Neffens Arabyske histoaryske boarnen wie der bygelyks sprake fan hannel mei it doetiidsk Byzantynske, Perzyske en oare riken, mar yn de talen fan dy lannen wurdt nea sprutsten oer Mekka. Foar in hannelsstêd wie de lizzing geografysk sjoen lykwols in stik minder as dat fan de tichtby lizzende stêd Taif.[2][3]

Mekka luts in protte hannel oan troch de Ka'aba. Dat hillichdom - tsjintwurdich it wichtichste bouwurk yn de islam - wie doedestiids in heidensk hillichdom. De Ka'aba ferskilde fan oare hillichdommen yn Araabje, meidat it pretindearre in universeel hillichdom te wêzen. Nei't sein waard ferbleaune alle 360 goaden fan it foar-islamitysk Araabje yn dat hillichdom. It hillichdom luts besikers oan. De stam de Koeraisj kontrolearre yn de seisde iuw de Ka'aba en dêrmei ek de hannel.

De Abessinen, kristenen dy't oarspronklik út Etioopje kamen, hienen yn de rin fan de seisde iuw in tsjerke bod Sanaa, no de haadstêd fan Jemen. Sy foelen yn it Jier fan de Oaljefant, fermoedlik 570 of 571, mei oaljefanten Mekka oan.

Yn itselde jier waard neffens de oerlevering Mohammed [4] berne yn Mekka. Syn krekte bertedei is net bekend en hy wist dy sels nei alle gedachten ek net, omdat soks yn dy tiid net gebrûklik wie.

Doe hy fjirtich jier âld wie ûntfong er syn earste Iepenbiering yn de grot Hira, sa'n 3 kilometer bûten Mekka. In protte Iepenbierings folgen noch en dy binne letter allegear fêstlein yn de Koran. De Mekkanen moasten earst neat hawwe fan Mohammed. Yn 622 besleat er dan ek om fuort te gean nei Jathrib (it lettere Medina). Dy saneamde hidjra foarme letter it begjin fan de islamityske jiertelling. Acht jier letter gie Mohammed nei Mekka werom, dêr't hy yn 632 stoar.

Nei Mohammed

bewurkje seksje

Nei Mohammed syn dea hawwe de earste fjouwer kalyfs noch fan Mekka út regearre, mar dêrnei waard it sintrum fan macht ferset nei Damaskus en letter Bagdad. Hoewol't Mekka de wichtichste stêd bleau, bleau har ekonomyske posysje beheind.

Oant 1924 hienen de Sjarifen fan Mekka it bewâld oer Mekka en de Hidjaz. De sjaryf wie in streekrjochte ôfstammeling fan Mohammed. De lêste sjaryf dy't oer de krite regearre wie Hoessein ibn Ali. Nei it tiidrek fan Sjarifen waard it lân in part fan Saûdy-Araabje.

Net-moslims en Mekka

bewurkje seksje

Net-moslims meie de stêd Mekke net ynkomme. De tagongswegen nei de stêd wurde kontrolearre.

Ien fan mar in pear net-moslims dy't it slagge de stêd te besykjen wie de Britske ûntdekker Sir Richard Burton yn 1853. Troch himsels as in Afghaanske moslim te fermommen wist er Mekka yn te kommen. Hy lei syn ûnderfinings fêst yn Personal Narrative of a Pilgrimage to Al Madinah and Meccah. De Nederlanner Christiaan Snouck Hurgronje besocht de stêd yn 1887, wylst er him foardie as bekearling.

 
Gjin tagong ta Mekka foar net-moslims

Yn it Frysk en Nederlânsk wurdt mekka ek wol as namme brûkt foar oarsoartige reisdoelen, nammentlik foar oarden dy't 'beafeartsgongers' lûke fan net-religieuze aard, yn de útdrukking it mekka fan .... Sa wurdt Las Vegas wol it 'Mekka fan it gokken' neamd, Brussel it 'mekka fan de strips', en Silicon Valley it 'mekka fan de IT-yndustry'.


Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Watson, Peter (2005) Ideeën. De geschiedenis van het menselijk denken. ISBN 90-274-8058-3
  2. Aslan, Reza (2005) Geen god dan God ISBN 978-90-234-1753-8
  3. Crone, Patricia (1987) Meccan Trade and the Rise of Islam, ISBN 978-90-295-6282-9.
  4. صلى الله عليه و سلم; 'dat Gods segen en frede mei him wêze mei'

Keppeling om utens