Magnetron
In magnetron of mikroweachûne (tsjintwurdich ek wol mikroweachoven) is in soarte ûne wêryn't mei mikroweachstrieling iten ferwaarme of sean wurde kin. Sûnt de 1980-er jierren wurde magnetrons hieltyd mear brûkt yn de koken. Nederlân is grif it iennichste lân dêr't de magnetronûne neamd is nei de ynterne komponint dy't de mikroweachstrieling opwekt, it magnetron. Yn de rest fan de wrâld is de namme basearre op de wurking fan de ûne mei mikroweagen (bgl. Ingelsk: microwave).
- Dizze side giet oer it kokenapparaat. Foar oare betsjuttings, sjoch: magnetron (betsjuttingsside).
Skiednis
bewurkje seksjeDe mooglikheid om mei mikroweagen iten te ferwaarmjen waard yn de 1940-er jierren ûntdutsen troch de Amerikaanske yngenieur Percy Spencer, dy't by it definsjebedriuw Raytheon wurke en magnetrons boude foar radars. Spencer hie al in protte útfinings dien en hie 120 oktroaien op syn namme stean. Op in dei fernom er dat der in sûkelarjereep, dy't er yn de bûse hie, raand wie. Hy begriep fuort hoe't dat koe.
It earste iten dat dêrnei mei mikroweagen tamakke waard, wie popcorn. It twadde wie in aai, dat lykwols yn it gesicht fan ien fan de proefnimmers útinoar spatte.
Yn 1945 frege Raytheon patint oan op it sieden mei mikroweagen en yn 1947 boude it bedriuw de earste komersjele magnetronûne, de Radarange. It apparaat wie hast 1,8 m heech en woech 340 kg. Mei wetterkuolling koe it 3000 watt leverje, hast trije kear safolle as de tsjintwurdige magnetrons leverje.
Wurking
bewurkje seksjeIn magnetron wurket troch mikroweachstrieling, meastal mei in frekwinsje fan 2,45 GHz, troch it iten hinne te lieden. Wetter dat yn it iten sit, absorbearret de strieling, sadat dy omsetten wurdt yn waarmte. Elk wettermolekúl is in elektryske dipoal, dat wol sizze dat de iene útein in positive lading hat en de oare útein in negativen-ien. Troch de elektromagnetyske strieling wurdt it molekúl hinne-ende-wer draaid, wêrby't it him tagelyk rjochtet op it wikseljende elektrysk fjild. Dizze beweging feroarsaket de waarmte. Guons miene dat der resonânsje fan de wettermolekulen optreedt, mar dy resonânsje bart by folle hegere frekwinsjes.
Neist wetter binne ek de fetmolekulen yn it iten effektyf foar it omsetten fan de strielingsenerzjy yn waarmte.
De ûneromte, dêr't it iten yn klearmakke wurdt, moat in koai fan Faraday wêze om defoar te soargjen dat de strieling net nei it direkte om-en-by fan 'e magnetron ûntsnapt. Dêrom hat it doarke mei it glêzen finsterske fan de magnetron in geliedend metaalroaster om ôfskerming fan 'e strieling te realisearjen. De mikroweachstrieling, mei in weachlingte fan ûngefear 12 sm, kin net troch dat ruster passearje, mar ljocht, ek in foarm fan elektromagnetyske strieling mar mei folle koartere weachlingten, kin dat wol.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Microwave ovens fan Wikimedia Commons. |