Lynsey de Paul, wiere namme Lynsey Monckton Rubin (Cricklewood, Londen, 11 juny 1950 – dêre, 1 oktober 2014), wie in Britsk singer-songwriter.

Lynsey de Paul
sjonger en/of muzikant
Lynsey de Paul (1974)
Lynsey de Paul (1974)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Lynsey Monckton Rubin
nasjonaliteit Britsk
berne 11 juny 1950
berteplak Cricklewood
stoarn 1 oktober 2014
stjerplak Londen
wurkpaad
sjenre Pop
sjongtaal Ingelsk
jierren aktyf 19712014

Lyndsey Monckton Rubin wie in dochter fan Meta de Groot en Herbert Rubin, in projektûntwikkelder.[1] It wie in joadske húshâlding. Hja hie ien broer, John (b. 1944). Letter hat se sein dat hja en har broer mishannele waarden troch harren heit. Hja gie nei de South Hampstead High School en dêrnei it Hornsey College of Art, dat no part fan de Middlesex University is.

Yn 1972 skreau hja de hit Storm in a teacup foar The Fortunes en in pear moanne letter kaam se sels nei foaren mei har grutste hit, Sugar Me.

Yn de jierren 1972-1977 skreau hja 14 hits dy't de hitparades hellen yn de FSA, Dútslân, Nederlân, Frankryk, Switserlân, België, Eastenryk, Sweden, Kanada en Austraalje.

Lynsey de Paul wie ek de earste frou dy't in Ivor Novello Award bemachtige (foar de ballade Won't somebody dance with me út 1973).

Sy fertsjintwurdige it Feriene Keninkryk op it Eurofyzjesongfestival 1977 mei it liet Rock Bottom, dat se tegearre mei Mike Moran skreau en song. Se hellen it twadde plak en hiene in Jeropeeske hit mei it liet.

Mei Moran hat se noch ferskate hits skreaun. Letter waard hja ek produsint, spile se yn musicals en wurke se foar telefyzje.

De Paul stoar yn de âldens fan 64 jier, neffens de BBC nei alle gedachten oan in blieding yn it brein.[2] Se waard te hôf brocht yn de Londenske wyk Hendon.[3]

  • Surprise
  • The World of Lynsey de Paul
  • Taste me... don't waste me
  • Love bomb
  • Before you go tonight
  • No Honestly
  • Tigers and Fireflies
  • Just a little time
  • The best of Lynsey de Paul
  • Greatest hits
  • Best of the 70s Lynsey de Paul
  • "Sugar me/Storm in a teacup"
  • "Getting a drag/Brandy"
  • "All night/Blind leading the blind"
  • "Won't somebody dance with me/So good to you"
  • "Ooh I do/Nothing really lasts forever"
  • "No honestly/Central park arrest"
  • "My man and me/Dancing on a Saturday night"
  • "Rhythm and blue jean baby/Into my music"
  • "Happy Christmas to you from me/Stick to you (mei Barry Blue)"
  • "Hug and squeeze me/You made me write this song"
  • "Love bomb/Rainbow"
  • "If I don’t get you the next one will/Season to season"
  • "Sugar me/Won’t somebody dance with me"
  • "Rock Bottom/Shouldn’t say that (mei Mike Moran)"
  • "You give me those feelings/Beautiful"
  • "Hollywood romance/Losin’ the blues for you"
  • "Tigers and fireflies/Losin’ the blues for you"
  • "Strange changes/Changes version"
  • "Air on a heartstring/Arrival of the queen (mei Horea Crishan)"
  • "There’s no place like London/There’s no place like London" (karaoke-ferzje)

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. The Independent obituary. 4 January 2015
  2. (in) Singer Lynsey de Paul dies aged 64, BBC News, 2 oktober 2014.
  3. (in) Lynsey de Paul funeral: Celebrity pals among hundreds paying emotional tribute to Eurovision singer, Mirror, 7 oktober 2014.