De Leister Feart is in feart yn de gemeenten Ljouwert en Waadhoeke.

Leister Feart
De Leister Feart yn Alde Leie
De Leister Feart yn Alde Leie
geografy
provinsje Fryslân
gemeenten Ljouwert
Waadhoeke
begjin Feinsumer Feart
begjinkoördinaten 53° 17' N 5° 44' E
ein Aldrij
einkoördinaten 53° 17' N 5° 43' E
plak(ken) Alde Leie
oare ynformaasje
lingte ± 1 kilometer
tal brêgen 2
tal sluzen 1 (Anita Andriessenslús)

De feart rint fan de Feinsumer Feart troch Alde Leie nei de Aldrij en foarmet ûnderdiel fan de Alvestêderûte.

Oan de feart stiet yn 'e doarpskom fan Alde Leie in monumint foar de froulike winnaars fan Alvestêdetochten: Lenie van der Hoorn (1985), Tineke Dijkshoorn (1986) en Klasina Seinstra (1997). It monumint wurdt 'ús Klasyn' neamt om't hja yn Alde Leie wennet. De Leister Feart hat troch in daam gjin iepen ferbining mei de Hijumer Feart.

Westlik fan Alde Leie leit de nei Anita Andriesen ferneamde slús, dy't tagong ta it Bildtske diel fan de Noardlike Alvestêde Farrûte biedt.

De namme 'Leister Feart' jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme en ferfangt de eardere offisjele Nederlânsktalige namme Leistervaart.