Koos Alberts, skûlnamme fan Jacobus Johannes (Koos) Krommenhoek (Amsterdam, 3 febrewaris 1947 - Ynskedee, 28 septimber 2018), wie in Nederlânsk sjonger fan it libbensliet.

Koos Alberts
sjonger en/of muzikant
Koos Alberts yn 2012
Koos Alberts yn 2012
persoanlike bysûnderheden
echte namme Jacobus Johannes Krommenhoek
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 3 febrewaris 1947
berteplak Amsterdam
stoarn 28 septimber 2018 (71 jier)
stjerplak Ynskedee
wurkpaad
sjenre libbensliet
sjongtaal Nederlânsk
grutste hit(s) Ik verscheurde je foto, Waarom ben ik met Kerstmis zo alleen?
jierren aktyf 19842018
prizen Walk of Fame Europe
offisjele webside
Hiemside Alberts
 
Alberts yn 1984

Koos Alberts begûn as sjonger yn kroegen, op brulloften en feesten. Ek kaam er troch de tiid as mitselder en snackbarhâlder yn Sint Pancras. Doe't Bart van der Post, Peter de Wijn en Willem van Kooten harren yn 1984 mei syn karriêre bemuoiden, waard Koos yn koarte tiid in populêre artyst. Syn debútsingle Ik verscheurde je foto waard fuortendaliks in klassiker yn it libbenslietsjenre. Ek de opfolgers Gisteren heeft zij mij verlaten en Waarom ben ik met Kerstmis zo alleen? hiene sa'n súkses dat Alberts yn desimber 1984 twa wiken yn de Top 10 fan de Nasjonale Hitparade stie mei trije hitsingles: #4: Waarom ben ik met Kerstmis zo alleen; #5: Ik verscheurde je foto en #7: Gisteren heeft zij mij verlaten.

Bart van der Post wie foar in tal nûmers fan Alberts de arranzjeur en produsint.

Koos koe it súkses sa't it like sûnder muoite fuortsette, oant er op 29 oktober 1987 in slim auto-ûngemak krige mei't er efter it stjoer yn 'e sliep fallen wie. Koos waard in skoft sels klinysk dea ferklearre. Sûnt is syn ûnderlichem ferlamme troch in dwerslesy en docht mar ien stimbân. Nei revalidaasje wie er fan dat stuit ôf oanwiisd op in rolstoel.

De opnames foar syn nije album wiene foar it ûngemak al dien en yn 1988 wie de plaat in grut súkses. Mei de single Eenmaal kom jij terug slagge it him en haw likefolle súkses as mei Ik verscheurde je foto.

Yn 1989 ferskynde Alberts wer as sjonger op telefyzje. Sels syn grutste fans koen der net omhinne dat syn stim bot te lijien hâm hie troch it ûngemak, mar syn krigelens twong oeral respekt ôf. Yn 1990 makke Alberts in súksefolle comebacktoernee en yn 1991 ferskynde in nij album: Zolang je van geluk kunt dromen.

Hoewol't Alberts de lêste jierren gjin hits mear hân hat, bliuwt er ien fan Nederlân's populêrste folkssjongers. Yn 2000 waard Alberts beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau. Sûnt april 2006 is er ambassadeur fan it Dwerslesy Fûns.

Yn maart 2007 krige er in plak yn de Walk of Fame fan Rotterdam. Op 12 septimber 2008 waard by de TROS in dokumintêre oer it libben fan Alberts útstjoerd.

Ali B's programma op volle toeren makke dêrnei mei Brownie Dutch, Nino (rapper), en fansels Koos Alberts, noch in fariant op Ik verscheurde je foto.

Yn 2018 wie Alberts gastartyst by de konserten fan De Toppers yn de Johan Cruijff ArenA.

Yn de simmer 2018 waard der blaaskanker by him fêststeld. Ein augustus 2018 waard Alberts operearre yn it Medisch Spectrum Twente yn Ynskedee. Fanwegen komplikaasjes waard er op 6 septimber fannijs operearre en lei er wer op de Intensive Care.
Nei in twadde swiere operaasje hat Alberts in pear dagen oan de beäzeming lein. Hy gong dêrnei lytse stapkes foarút, mar problemen bleaune der.

Op 28 septimber 2018 is Koos Alberts yn de âldens fan 71 stoarn oan de gefolgen fan syn sykte.

Keppeling om utens

bewurkje seksje