Knooppunt De Jouwer
Knooppunt De Jouwer is in ferkearsknooppunt op ’e krusing fan de autodyk A6 en de A7. It wie ien fan de pear knooppunten fan autodiken yn Nederlân dy’t op gelikense hichte as ferkearsplein útfierd wie. Knooppunt De Jouwer waard yn 1973 iepene en hie in trochsneed fan ûngefear 250 meter en bestie út trije trochgeande rydstroken. Tsjintwurdich is knooppunt De Jouwer in heal stjerknooppunt.
Dizze diken komme dêr byinoar:
Files en oplossingen
bewurkje seksjeFoar it knooppunt stiene geregeldwei files. Om de druk wat te ferminderjen waarden der nei it jier 2000 twa bypasses oanlein foar de ferkearsstreamen:
- fanút De Lemmer A6 rjochting It Hearrenfean A7 (E22)
- fanút It Hearrenfean A7 (E22) rjochting De Jouwer (Geert Knolwei)
Sawat tagelyk mei de earste beide bypasses waard de belining oanpast. Ynstee fan in konsintryske belining waard in spiraalbelining tapast, wêrtroch't it ferkear at it by it opriden fan it ferkearsplein de goede rydbaan keas, it nei de goede ôfrit laat waard, sûnder dat fierdere baanwikselingen op it ferkearsplein needsaaklik wiene. Dochs wie it ferkearsplein yn de spits noch faak in obstakel. In soad automobilisten rieden hurder as 50 km/o, wêrtroch't ferkear fan De Jouwer en Snits de rotonde net op doarde, mei files ta gefolch. Ek wienen der in soad (hast) ûngelokken trochdat de automobilisten dy't op de ferkearde rydbaan wiene har op it lêste momint weromfoegen yn de goede baan. Om dy problemen op te lossen ried by grutte ferkearsdrokte bytiden in auto fan Rykswettersteat mei in konstante snelheid oer de rotonde, om faasjeferskillen tusken de ferkearsstreamen te ferlytsjen (blokride).
Mei troch it groeien fan de file út de rjochting fan Snits wei waard yn de simmer fan 2007 in tredde bypass, fanút De Jouwer-West/Snits A7 (E22) rjochting De Lemmer/Emmeloord A6, yn wurking steld.
Fanút de rjochting fan De Jouwer rjochting de "Grutte Rotonde" stie it ferkear geregeldwei fêst. Dat kaam mei trochdat sa'n 140 meter foar de Grutte Rotonde noch in lytse rotonde makke wie (Geert Knolwei x Sewei) en op dit lytse stikje dyk stiene dan ek nochris twa bushaltes. Dêrtroch wie der net genôch plak om in 'tydlike' opfang te meitsjen foar de ferkearsstream yn de spits.
Rekonstruksje
bewurkje seksjeKnooppunt De Jouwer wie ien fan de lêste ferkearspleinen yn it Nederlânske netwurk fan autodiken mei dêrtroch in soad fileproblemen. Nei besluten fan gemeente, provinsje en it Ryk begûn yn 2009 de Traseewetjouwing foar de rekonstruksje fan knooppunt De Jouwer. It gie om in folsleine rekonstruksje fan it knooppunt, wêrby't de rotonde hielendal ferdwine soe. De dyk fan De Lemmer nei It Hearrenfean is de trochgeande dyk wurden. It ferkear fan de A7 hat middels ferbiningsbôgen en it ferkear út de Jouwer wei mei op- en ôfritten tagong.
Yn maaie 2010 waard it kontrakt foar it knooppunt tekene troch minister Camiel Eurlings en de provinsje Fryslân. Dêryn waard de finansiering ôfsputsen en koene de tariedings trochgean. Neffens de efternei bystelde planning fan hjerst 2011 moasten it Untwerp Traseebeslút en de MER der medio 2012 ree lizze om yn te sjen. In oantal ûndersiken moast opnij dien wurde, om't rekken holden wurde moast mei in faasje fan 130 km/o.[1]
Yn 2015 waard úteinset mei de bou fan it nije knooppunt. Op 13 en 14 oktober 2017 waard it knooppunt yn fazen iepene, dêr't it ferkearsplein fan dy datum ôf troch ferline waard.[2]
Ofbylden
bewurkje seksje-
Knooppunt De Jouwer yn 2000
-
Bypass fan knooppunt De Jouwer
-
Sitewaasje foar 2017
Ferskaat
bewurkje seksjeFoarhinne wie it stik fan de A6 tusken knooppunt Emmeloard en knooppunt De Jouwer ûnderdiel fan Rykswei 50 (A50), letter is dat stik ûnderdiel wurden fan de A6. De hektometerwearden op de pealtsjes lykwols, rinne noch altiten lyk mei de A50 en N50 oant krekt foarby Ens op dat stik.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Diken yn Fryslân | ||
---|---|---|
Rykswegen: A6 ● A7 ● A31/N31 ● A32/N32 | ||
Provinsjale diken: N351 ● N353 ● N354 ● N355 ● N356 ● N357 ● N358 ● N359 ● N361 ● N369 ● N380 ● N381 ● N383 ● N384 ● N390 ● N392 ● N393 ● N398 ● N910 ● N913 ● N917 ● N918 ● N919 ● N924 ● N927 ● N928 ● N979 ● N981 | ||
Jeropeeske wei: E22 | ||
Knooppunten: Knooppunt De Jouwer ● Knooppunt It Hearrenfean ● Knooppunt Oerterperfallaat ● Knooppunt Surch ● Knooppunt Werpsterhoeke | ||
Rûnwegen: Ring Ljouwert ● Ring Snits | ||
· · |