Kian (bolle)
Kian (eins folút: Andriessoan Kian; Maria-Hoop (Limburch), 11 juny 1997 – Gytsjerk, 26 juny 2013) wie in readbûnte Holstein-Friesian-bolle dy't jierrenlang ien 'e meast brûkte fokbollen fan 'e wrâld wie. Boppedat ûntjoech er him ta de bêste en súksesfolste readbûnte fokbolle aller tiden.
Kian | ||
bysûnderheden | ||
oare namme(n) | Andriessoan Kian | |
soarte bist | bolle (75% Holstein-Friesian / 25% MRI) | |
berne | 11 juny 1997 | |
berteplak | Maria-Hoop (Limburch) Nederlân | |
deagien | 26 juny 2013 | |
stjerplak | Gytsjerk (Fryslân) Nederlân | |
aktyf as | fokbolle | |
reden bekendheid |
bêste readbûnte fokbolle aller tiden |
Libben
bewurkje seksjeKian waard mids 1997 smiten yn 'e stâl fan Jeu en Roel Smitz yn it Limburchske Maria-Hoop. Hy wie de soan fan 'e ko Kitty en de bolle Andries, en syn namme is in gearlûking fan 'e earste wurdlidden fan 'e nammen fan syn âlden. Syn pake wie de ferneamde bolle Sunny Boy, dy't noch altyd it rekôr hat de meast brûkte fokbolle aller tiden te wêzen. Koart nei syn berte waard Kian oankocht troch de koöperative fokkerijferiening CRV, dy't him oerbrocht nei syn stâlen te Gytsjerk. Dêr krige Kian troch syn sêftaardige karakter de reputaasje fan 'knuffelbear'.
Kian waard populêr as fokbolle om't syn sperma ekonomysk heechweardige kij produsearre, mei sûne jaren, sterke skonken, in lange libbensferwachting en in treflike fet-aaiwytferhâlding yn 'e molke. De mei syn sied befruchte kij keallen ek maklik ôf, wat ideaal wie foar rierren. Oars as de measte Holstein-Friesian-kij (dy't swartbûnt binne) wie Kian readbûnt, mei't er foar 25% Maas-Ryn-Isel-bloed hie. Dat er foar in fjirdepart fan oar komôf wie, waard yn Nederlân net as in neidiel sjoen. Krektoarsom, it waard as weardefol nij bloed beskôge dat yntylt tsjingie. Mei't swartbûntens in dominante genetyske eigenskip is, wie syn readbûnte kleur likemin in behindering om him te brûken foar swartbûnte kij.
Yn 2002 briek Kian troch as fokbolle. Neitiid stied er jierrenlang yn 'e Nederlânske top 5 fan meast brûkte bollen. Fjouwer jier efterinoar helle er datoangeande sels it earste plak. Behalven yn Nederlân waard Kian syn sperma ek in protte brûkt yn Flaanderen, en fierders waard it útfierd nei lannen as Dútslân, Súd-Afrika, Brazylje, de Feriene Steaten, Tsjechje en Nij-Seelân. Foar de eksport foarme syn MRI-bloed wol in beskate barriêre, en der soe om utens grif mear fan ferkocht wêze as er in rassuvere Holstein-Friesian west hie.
Likegoed waard Kian yn 2008 de earste readbûnte fokbolle ea wêrfan't mear as 1 miljoen doazes sperma ferkocht wiene. Hoewol't er oant op hege jierren (foar kij) sûn bleau en aktyf as fokbolle, foel yn 2013 úteinlik it doek foar Kian. Doe't medyske swierrichheden krige, besleat de CRV him ôfmeitsje te litten. Der wiene doe yn totaal 1,4 miljoen doazes fan syn sperma ferkocht. Ek Kian syn soannen Delta Fidelity, Apina Curtis en Van de Peul Kylian en syn pakesizzer Delta Maicon ûntjoegen har ta tige populêre fokbollen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |