John Stronach (Edinburch, 7 maart 1810Sina?, 1888) wie in Britsk predikant en sindeling fan Skotsk komôf. Hy wie de jongere broer fan Alexander Stronach, dy't ek as sindeling yn Sina wurksum wie.

John Stronach
persoanlike bysûnderheden
echte namme John Stronach
nasjonaliteit Britsk
berne 7 maart 1810
berteplak Edinburch (Skotlân)
stoarn 1888
stjerplak Sina?
etnisiteit Skotsk
wurkpaad
berop/amt predikant
aktyf as sindeling
jierren aktyf 18371888

Nei't er oansteld wie as anglikaansk predikant, ferliet John Stronach yn 1837 Ingelân yn it selskip fan syn frou en syn broer Alexander, om ûnder de auspysjes fan 'e London Missionary Society sindingswurk yn Sina te dwaan. Hy berikte yn 1838 de Britske koloanje Singapoer, dêr't er Sineesk en Maleisk learde. Yn 1839 sette er útein mei te preekjen yn it Hokkineesk, de taal fan 'e sintrale eastkust fan Sina. Nei in ferkenningsreis dy't er yn 1843 allinnich ûndernaam, sette Stronach yn 1844 mei syn gesin ôf nei Sina, dêr't er mei it preekjen fan it kristendom oanfong yn Amoy (no Xiamen), in havenstêd rjocht foar Taiwan oer op it Sineeske fêstelân. Fanwegen sûnensswierrichheden sette syn frou mei har fjouwer bern ein 1845 ôf nei Ingelân, mar ear't se dêr arrivearre, kaam se begjin maart 1846 op see te ferstjerren.

John Stronach waard troch syn amtgenoaten op 'e sindingspost yn Amoy útkeazen om harren te fertsjintwurdigjen yn in Bibeloersettingskommisje dy't yn 1847 út sindelingen út hiel Sina yn Sjanghai gearstald waard. Dêr wurke er oant 1850 oan 'e oersetting fan it Nije Testamint yn it Sineesk, en neitiid oant 1853 oan 'e oersetting fan it Alde Testamint. Under syn ferbliuw yn Sjanghai iepene Stronach dêr in lytse kapel dêr't er eltse dei yn it Hokkineesk preke foar gastarbeiders út it Hokkineeske taalgebiet (de provinsje Fujian) dy't yn Sjanghai wurksum wiene. Nei 1853 kearde er werom nei de missypost yn Amoy.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.