Jelle Troelstra (politikus)
Jelle Troelstra (De Lemmer, 15 oktober 1833 - Ljouwert, 30 jannewaris 1906) wie ûntfanger en politikus fan Stiens (1869). Hy wie de heit fan Pieter Jelles Troelstra.
As selfmade man waard er direkteur fan de brânwarboarchmaatskippij Neerlandia yn Ljouwert (1880). Fan kalvinist waard er frijtinker en letter frijmitselder. Troelstra wie in foaroansteand liberaal, lid fan de gemeenteried fan Ljouwert en lid fan Provinsjale Steaten fan Fryslân.
Hy wie eigner en haadredakteur fan de Friesche Courant. Skreau yn Fryske tydskriften.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|