Top Country Albums

(Trochferwiisd fan Hot Country Albums)

Top Country Albums is in Amerikaanske list fan 'e fyftich populêrste muzykalbums fan countrymuzyk, dy't alle wiken publisearre wurdt troch it tydskrift Billboard. De posysjes fan 'e albums yn 'e list wurde berekkene troch it bedriuw Nielsen BDS op basis fan fysike ferkeapsifers, oanfolle mei sifers fan digitale downloads en belústering fia streaming media. Top Country Albums waard foar it earst publisearre op 11 jannewaris 1964, doe noch ûnder de namme Hot Country Albums. Yn jannewaris 1968 waard de namme feroare yn Top Country LP's, en yn maaie 1980 waard de apostrof út 'e namme helle, sadat de list Top Country LPs kaam te hjitten. Op 20 oktober 1984 krige de list syn hjoeddeistige namme. It earste nûmer 1-album fan 'e Top Country Albums wie yn 1964 Ring of Fire: The Best of Johnny Cash, fan Johnny Cash. Anno 2020 stiet it rekôr fan 'e list op 50 wiken op it earste plak; dy prestaasje waard levere troch sawol Come On Over, fan Shania Twain, as This One's for You, fan Luke Combs.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.