In fleandekskip is type oarlochsskip dat tsjinnet as in mobile fleanbasis. It is tarist mei in saneamd fleandek, in grut plat boppedek, dêr't fleantugen fan opstiigje en op lânje kinne. It ierste fleandekskip waard yn 1918 boud, mar yn it Ynterbellum spilen sokke skippen oer it algemien in ûnderstypjende rol, mei't slachskippen lange tiid noch as de takomst fan eltse selsrespektearjende marine sjoen waarden. Yn 'e Twadde Wrâldoarloch die yn 'e striid tusken Japan en de Feriene Steaten yn 'e Stille Oseaan lykwols bliken dat slachskippen al folslein efter de tiid rekke wiene, en dat moderne oarlochfiering op see ôfhong fan it besit en de juste ynset fan fleandekskippen. Tsjintwurdich beskikke mar in hantsjefol lannen oer ien of mear fan sokke skippen, mei't se rottekrûddjoer binne om te meitsjen en te ûnderhâlden.

De USS Nimitz, in fleandekskip fan 'e Amerikaanske Marine.

Op 14 novimber 1910 wie Eugene Burton Ely de earste piloat dy't fan it dek fan in skip opstige. Hy die dat yn in Curtiss Pusher fan it dek fan in skip fan 'e Amerikaanske Marine, de kruser USS Birmingham, dy't foar anker lei by de Marinebasis Norfolk yn Firginia. Twa moannen letter, op 18 jannewaris 1911, wie Ely ek de earste piloat dy't op it dek fan in skip lâne, op 'e nij mei in Curtiss Pusher op in platfoarm dat oanbrocht wie op 'e pânserkruser de USS Pennsylvania, dy't yn 'e Baai fan San Francisco foar anker lei. Op 9 maaie 1912 stige der foar it earst in fleantúch op fan in farrend skip, de HMS Hibernia fan 'e Britske Keninklike Marine.

 
De HMS Ark Royal yn 1939, mei Fairey Swordfish-dûbeldekkerbommesmiters dy't krekt op stige binne. De HMS Ark Royal wie yn maaie 1941 belutsen by it ta sinken bringen fan it Dútske slachskip de Bismarck.

Om't it bouwen fan skippen poer foar it opstiigjen en lânjen fan fleantugen op dat stuit net as rindabel beskôge waard, benammen om't noch net ynsjoen waard hoe'n grutte ynfloed de ynset fan fleantugen yn oarlochssitewaasjes hawwe koe, waarden doe noch gjin fleandekskippen boud. Lykwols wiene der eins gjin technyske behinderings dy't dat tsjinkearden. Mar ynstee ûntwikkele men saneamde fleantúchmemmeskippen, wêrfan't de Foudre, fan 'e Frânske Marine, út 1911, de earste wie. Sokke skippen ferfierden wetterfleantugen dy't oan en fan board takele wurde moasten en op it wetter opstigen en lânen. Yn 'e Earste Wrâldoarloch waard troch de Wakamiya, in fleantúchmemmeskip fan 'e Keizerlike Japanske Marine, de earste loftoanfal útfierd dy't fan in skip ôfkomstich wie. Dêrby bombardearren de wetterfleantugen fan 'e Wakamiya de Eastenryksk-Hongaarske kruser SMS Kaiserin Elisabeth en de Dútske kanonnearboat Jaguar yn 'e Baai fan Jiaozhou by Tsingtao (wêrby't trouwens net ien fan beide skippen rekke waard).

De earste loftoanfal dy't útfierd waard troch fleantugen dy't opstige wiene fan in skip (ynstee fan wetterfleantugen dy't opstige wiene fan see ôf), wie it bombardemint fan Tondern yn july 1918. Dêrby stigen sân Sopwith Camels op fan 'e mei in fleandek tariste Britske slachkruser HMS Furious om it fleanfjild te bombardearjen fan 'e Dútske stêd Tondern (no Tønder yn Denemark). By de oanfal waarden twa seppelins ferneatige. Datselde jiers (1918) waard troch de Britske Keninklike Marine ek it earste echte fleandekskip yn gebrûk nommen, de HMS Argus.

 
De USS Enterprise, in fleandekskip fan 'e Amerikaanske Marine dat in wichtige rol spile by it ferslaan fan Japan yn 'e Twadde Wrâldoarloch.

Yn it Ynterbellum waard troch alle kriichskundigen it slachskip noch sjoen as de takomst foar oarlochfiering op see. Fleandekskippen kamen sadwaande op it twadde plan. Mar troch it Marineferdrach fan Washington, út 1922, dat de wapenwedrin op see oan bannen lei troch beheinings op te lizzen oan it tal slachskippen en krusers dat in lân yn 'e tsjinst hawwe mocht, waard oergien ta de bou fan mear fleandekskippen. In protte fan 'e iere fleandekskippen waarden sadwaande boud op in romp dy't eins bedoeld west hie foar in slachskip of kruser. Under de Twadde Wrâldoarloch die bliken dat slachskippen nettsjinsteande harren ûnbidige fjoerkrêft eins al folslein efter de tiid rekke wiene om't se troch de ynset fan fleantugen foar militêre ferkenning troch de fijannige float maklik te ûntwiken wiene. It iennichste dêr't se noch goed foar wiene, wie it ûnderstypjen fan amfibyske operaasjes troch it besjitten fan fijannige posysjes op lân, dy't ommers net fuortfarre koene as se in traach (want swierbepânsere) slachskip oankommen seagen.

Ynstee bliek it fleandekskip de takomst fan 'e marine te wêzen, sa't oan it begjin fan 'e oarloch al daliks bliken die troch de Oanfal op Taranto yn novimber 1940, wêrby't Britske bommesmiters fan 'e HMS Illustrious de Italjaanske float yn syn thúshaven Taranto ta sinken brochten. In foech jier letter, op 7 desimber 1941, waard de Amerikaanske Pasifyske Float yn syn thúsbasis op Hawaï by de beruchte Oanfal op Pearl Harbor it slachtoffer fan in soartgelikense aksje troch de Keizerlike Japanske Marine. Iroanysk is dat de Japanners it dêrby fral foarsjoen hiene op 'e útskeakeling fan 'e Amerikaanske slachskippen oan Battleship Row, wylst se foar leaf namen dat de trije fleandekskippen fan 'e Pasifyske Float op dat stuit net yn Pearl Harbor oanwêzich wiene en dus oan 'e oanfal ûntkamen. Fan gefolgen wiene de Amerikanen twongen om noch mear as oars al it gefal west hawwe soe, te fertrouwen op 'e ynset fan fleandekskippen. De effektiviteit fan dy strategy waard demonstrearre by de Doolittle Raid, it earste bombardemint fan Japan, en dêrnei by seeslaggen as de Slach by Midway en de Slach yn 'e Koraalsee. De úteinlike nederlaach fan Japan wie foar in grut part te tankjen oan 'e Amerikaanske ynset fan fleandekskippen.

 
De INS Vikramaditya fan 'e Yndiaaske Marine.

Nei ôfrin fan 'e Twadde Wrâldoarloch gie de fierdere ûntwikkeling fan fleandekskippen ûnder de Kâlde Oarloch benammen yn 'e Feriene Steaten yn fluch tempo fierder. Ien fan 'e mear opfallende ynnovaasjes, in twadde fleandek dat yn in lichte hoeke op 'e rest fan it skip stiet sadat der tagelyk fleantugen opstiigje en lânje kinne, wie in útfining fan 'e Britske skout-by-nacht Dennis Campbell. In oare wichtige ynnovaasje is it catapult assisted take-off but arrested recovery- of CATOBAR-systeem, wêrby't de fleantugen troch in meganyske kattepûl de loft yn slingere wurde, en by it lânjen in heak útsmite dy't efter in fleksibele keabel heakjen bliuwt, sadat it fleantúch takin mei in folle koartere lâningsbaan as by in 'tradisjonele' lâning. De Amerikaanske USS Enterprise, ta de bou wêrfan't yn 1961 besletten waard, wie it earste fleandekskip fan 'e wrâld mei in nukleêre oandriuwing.

Soarten fleandekskippen

bewurkje seksje

Fleandekskippen hawwe harren fan it begjin fan 'e tweintichste iuw ôf ûntwikkele út houten skippen dy't hjitte-luchtballonnen oplieten (sanemde ballonmemmeskippen) fia fleantúchmemmeskippen dy't wetterfleantugen ferfierden, ta de hjoeddeistige nûkleêr oandreaune fleandekskippen dy't in reuseftige grutte hawwe en tsientallen strieljagers befetsje. Dêrby ûnderskiedt men lykwols ek hjoed de dei noch ferskillende soarten fleandekskippen.

 
De USS Gerald R. Ford, anno 2020 it grutste marineskip fan 'e wrâld mei in lingte fan 333 m en in hichte fan 76 m.

In floatfleandekskip is in fleandekskip dat bedoeld is om yn gearwurking mei de oare marineskippen fan in float te operearjen, ornaris yn in offinsive (oanfallende) kapasiteit. Yn tsjinstelling dêrta binne eskortefleandekskippen bedoeld om yn in definsive (ferdigenjende) hoedannichheid konfoaien fan skippen te begelieden. Eskortefleandekskippen binne dêrom lytser en stadiger as floatfleandekskippen en drage in lytser tal fleantugen mei. Sokke skippen (dy't no amper noch foarkomme) wiene histoarysk faak omboude keapfardijskippen, dy't keapfardijfleandekskippen neamd waarden. In licht fleandekskip is in fleandekskip dat wol in offinsive doelstelling hat en dêrom safolle mooglik faasje meitsje kin, mar dat de lytsere grutte en it beheinde tal fleantugen fan in eskortefleandekskip hat.

In amfibysk oanfalsskip is in lyts type fleandekskip dat yn haadsaak brûkt wurdt foar helikopters ynstee fan fleantugen, mar dat ek in stikmannich strieljagers meidrage kin dy't fertikaal opstiigje kinne (lykas de Britske Harrier Jump Jet of de Russyske Jakovlev Jak-28). In helikopterfleandekskip is in fleandekskip dat inkeld helikopters meidraacht. In fleandekkruser is in oantsjutting foar in lyts fleandekskip, dy't histoarysk ferwize kin nei in fleandekskip dat op 'e romp fan in kruser boud waard, mar it is soms ek in foarm fan bedroch. Sa waard de Admiral Kûznetsov, fan 'e Sovjet-Uny, inkeld in 'swiere fleandekkruser' neamd om it ferbod op 'e trochfeart fan fleandekskippen troch de Bosporus en de Dardanellen te ûntrinnen, sa't dat fêstlein wie yn it Ferdrach fan Montreux.

 
     lannen dy't no fleandekskippen foar strieljagers hawwe (8)
     lannen dy't inkeld helikopterfleandekskippen hawwe (6)
     lannen dy't histoarysk fleandekskippen hiene (3)

Hjoeddeistige sitewaasje

bewurkje seksje

Yn novimber 2020 wiene der wrâldwiid 43 fleandekskippen yn aktive tsjinst yn 14 ûnderskate lannen. Fierwei de measten dêrfan hearden ta de Amerikaanske Marine, dy't 11 floatfleandekskipen mei nukleêre oandriuwing yn 'e feart hat, mei elts 80 strieljagers. De nijste dêrfan wie de USS Gerald R. Ford út 2017, dy't anno 2020 it grutste marineskip fan 'e wrâld wie mei in lingte fan 333 m en in deplassemint fan 100.000 ton. It mienskiplik oerflak fan 'e fleandekken fan dy alve fleandekskippen is mear as twa kear it mienskiplik oerflak fan 'e fleandekken fan 'e fleandekskippen fan alle oare lannen byinoar. Dêrnjonken hat de Amerikaanske Marine ek noch 9 amfibyske oanfalsskippen dy't benammen foar helikopters brûkt wurde, mar elts ek oant 20 fertikaal opstiigjende strieljagers fan it type McDonnell Douglas AV-8B Harrier II of F-35B Lightning II meidrage kinne.

It Feriene Keninkryk en de Folksrepublyk Sina hiene yn novimber 2020 elts twa floatfleandekskippen yn aktive tsjinst, wylst Frankryk, Yndia en Ruslân elts ien middelgrut floatfleandekskip yn 'e feart hiene mei 30 oant 60 strieljagers oan board. Itaalje hie twa lichte fleandekskippen en Spanje ien. Brazylje hie in amfibysk oanfalsskip fan it Feriene Keninkryk oernommen. Lannen dy't ein 2020 helikopterfleandekskippen yn 'e tsjinst hiene, wiene: Japan (4), Frankryk (3), Austraalje (2), Egypte (2), Súd-Koreä (1) en Tailân (1). Takomstige fleandekskippen waarden ûntwurpen of wiene yn oanbou yn Frankryk, Yndia, Itaalje, Japan, Ruslân, Sina, Súd-Koreä, Turkije en de Feriene Steaten. Lannen dy't histoarysk fleandekskippen yn 'e tsjinst hân hawwe (mar no net mear), binne Argentynje, Kanada en Nederlân.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, Bibliography en Further Reading, op dizze side.