Feodalisme

(Trochferwiisd fan Feodaal)

Feodalisme, ek wol it lienstelsel neamd (it wurd is komt fan it Latynske feodum dat 'hearlikheid' of 'lien' betsjut) is in begryp yn de skied- en rjochtswittenskip en yn de sosjale wittenskippen dêr't in maatskiplike oarder mei oantsjutten wurdt. It giet om it yn lien jaan fan gebieten dêr't de ûnderlinge ferplichting ta trou, bystân en it beteljen fan skattings tsjinoer stiet.

 
Amtsoanfurding troch in ridder yn 'e tsjinst fan kening Loadewyk I fan Napels.

It feodalisme ûntstie yn de lette Romeinske tiid doe't de oerheid en de stêden hieltyd mear yn ferfal rekken, en de befolking twongen waard, om, yn ruil foar har frijheid, stipe te freegjen fan de lâns-eallju foar feiligens. It kaam ta folle waaksdom ûnder de midsiuwen. Skaaimerk foar dizze maatskippij wie, dat it bewâld grûne wie op in persoanlike bân tusken in lienhear en in lienman. De lienman wie de fazal fan de lienhear en moast de lienhear dêrom hulde dwaan. Dat woe sizzen dat er ferplichte wie ta in publyklike ûnderwerping oan 'e lienhear en it ferrjochtsjen fan beskate tsjinsten foar dyselde (benammen kriichstsjinsten). De hear joech him as beleanning in lien (feodum) dat meastentiids út in stik lân bestie, en dêr't de fazal de opbringst fan foar de eigen libbensûnderhâld brûke mocht.

Ut de fazallen fan de kening hawwe harren letter de foarsten fan de machtige liensteaten ûntwikkele. De gebieten dêr't dy fazallen oer hearsken waarden hearlikheden neamd. De grutste en machtichsten dêrfan, dêr't letter steaten út fuortkommen binne, hieten lânshearlikheden. Ynearsten wie it sa dat as in fazal ferstoar, syn lien tebek gie nei syn hear. It waard lykwols wenstich, dat de hear de âldste soan fan syn fazal ek mei it lien beliende. Dêrtroch waarden de lienen erflik, wat de ûntaarding fan it feodale stelsel ta gefolch hie. It lien waard as in rjochtmjittich besit beskôge fan de fazal en de persoanlike bân tusken hear en fazal rekke op de eftergrûn. By dat proses besochten de fazallen ûnôfhinklik te wurden. Yn Frankryk is dat stribjen misleare, yn Dútslân late it ta de folsleine ûntbining fan it Ryk. Wol slaggen de grutte Dútske fazallen deryn harren eigen fazallen te ûnderdrukken.

Fryslân tusken Fly en Wezer, en ûnderdiel fan it Dútske Ryk, hat in eigen ûntwikkeling trochmakke, de saneamde Fryske frijheid.

De opkomst fan de stêden en it ûntstean fan hierlingelegers hawwe in ein makke oan it feodalisme yn Jeropa. Yn Frankryk waard ûnder de Frânske revolúsje it lienstelsel ôfskaffe, it Dútske Ryk is oant syn ûndergong yn 1806 in liensteat bleaun, en yn Ingelân hat it feodalisme nea sa'n opgong makke as op it fêstelân. Yn de Nederlannen ferdwûn it lienstelsel op de ein fan de 18e iuw.