Douwe Annes Tamminga (Winsum, 22 novimber 1909 - Ljouwert, 5 april 2002) wie in Frysk dichter, proazaskriuwer en oersetter.

Douwe Tamminga
skriuwer
Jan Tjittes Piebenga (l.), de Noardfries Carsten Boysen en Douwe Annes Tamminga yn Noard-Fryslân (1930)
Jan Tjittes Piebenga (l.), de Noardfries Carsten Boysen en Douwe Annes Tamminga yn Noard-Fryslân (1930)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Douwe Annes Tamminga
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 22 novimber 1909
berteplak Winsum
stoarn 5 april 2002 (92 jier)
stjerplak Ljouwert
etnisiteit Frysk
wurk
taal flagge fan Fryslân Frysk
sjenre Poëzy, proaza
prizen sjoch tekst

Douwe Tamminga waard berne yn Winsum, mar groeide op yn Kystersyl dêr 't syn heit gernier wie. [1] Fierder studearjen lei yn syn fermidden doe net foar de hân en nei de legere skoalle moast er oan it wurk. Mar hy woe ûnderwizer wurde en op syn tweintichste gie hy neist syn wurk nei de Normaalskoalle yn Frjentsjer. Yn 1933 helle er de ûnderwiisakte en yn it jier dêrnei slagge er foar it eksamen Fryske taal. Mar yn de krisisjierren fûn er gjin baan as ûnderwizer en hy folge oan in Deenske Folkshegeskoalle in winterkursus. Werom yn Nederlân waard er lieder yn wurkkampen foar jonge wurkleazen, yn 1935 yn Ede en yn 1939 yn wurkkamp Elfbergen yn Gaasterlân. Hy krewearre foar in Fryske folkshegeskoalle en rjochte tegearre mei twa oaren yn 1929 de stichting Fryske Folkshegeskoalle op. It inisjatyf late ta de Folkshegeskoalle Schylgeralân yn it Hoarnske bosk op Skylge, dy 't yn 1948 útein sette. [2]

Yn 1942 koe er yn Snits oan de slach as dosint Nederlânsk en Frysk by de Rykslânbouwinterskoalle en fan 1948 ôf ek oan de Ryks-HBS.

Tusken 1946 en 1968 wurke hy mei oan it literêre tydskrift De Tsjerne. Tamminga wie lange tyd ferbûn oan de Fryske Akademy wêr't hy meiwurke oan it Frysk Wurdboek. Hy hat wurk fan Hans Christian Andersen, Edgar Allen Poe en Dylan Thomas nei it Frysk oersetten. Hy hat in soad dichtbondels skreaun, wêrfan't Yn memoriam, wijd oan syn ferstoarne soan, de bekendste is. Dy bondel waard yn 1975 oersetten nei it Nederlânsk troch Theun de Vries. Mei Ype Poortinga hied er fan 1966 ôf it taalkundige tafersjoch oer de Nije Fryske Bibeloersetting, dy't yn 1978 útkaam.

  • 1939 - Brandaris
  • 1942 - Balladen en lieten
  • 1942 - It liet fen de Wylde Mier
  • 1943 - It griene jier
  • 1945 - Nije gedichten
  • 1945 - Weitsrop
  • 1948 - Styl en stavering
  • 1950 - De Hogerhuis-saek
  • 1954 - God wol it
  • 1956 - Balladen
  • 1956 - Hwa? Hwat? Hwerre?
  • 1963-1973 - Op 'e taelhelling
  • 1968 - Yn memoriam
  • 1969 - Mei fleur en faesje
  • 1971 - Forkearspsalm
  • 1973 - Dagen fan heil
  • 1973 - Tsien psalmen
  • 1978 - Frjemdfolk op Barrahiem
  • 1979 - Stapstiennen
  • 1981 - Fan hearren en sizzen
  • 1985 - De boumaster fan de Aldehou
  • 1985 - Kantekers

Tamminga-Piebenga-Fûns

bewurkje seksje

Nei it ferstjerren fan Douwe Tamminga die bliken dat hy by testamint bepaald hie dat der in Tamminga-Piebenga-Fûns stifte wurde moast, dêr't literêre inisjativen út bekostige wurde kinne soene. It behear fan it Tamminga-Piebenga-Fûns wurdt fierd troch de Stifting It Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum.

Ien fan de doelen dêr't it fûns û.o. foar brûkt wurdt is it ûnderhâld fan de troch Rink van der Velde neilitten wenarke op De Feanhoop, dêr't skriuwers gebrûk fan meitsje kinne om in pear wike yn alle rêst oan literêr wurk te arbeidzjen. Ek de Douwe Tammingapriis foar literêre debuten wurdt út it fûns betelle.

Fierder lêze

bewurkje seksje

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Tamminga voor het huis waar hij opgroeide, Tresoar
  2. Maarten van de Linde en Johan Frieswijk, De volkshogeschool in Nederland, 1925-2010 (Hilfertsom 2013) s. 130, 131