De Doalert (Dútsk: Dollart, Grinslânsk: Dollert, Eastfrysk: Dullert, Nederlânsk: Dollard) is in 90 km² grutte see-earm fan de Waadsee, en in tijmûning fan de Iems yn it grinsgebiet fan Nederlân en Dútslân. It leit besuden de Eastfryske havenstêd Emden. It swietwetter fan de Westerwâldske Aa rint yn de Doalert. Yn it noardwesten is de Doalertmûning goed twa kilometer breed tusken de lântonge Punt fan Reide oan de Nederlânske kant en de sânplaat Geiserücken en ferbynt de Doalert mei de Bûteniems en dêrmei mei de Waadsee en de Noardsee.

De Doalert yn de tijmûning fan de Iems
Doalert
Der ûnderstrûpte doarpen yn de Doalert, troch Ubbo Emmius nei foarbyld fan Jacob van der Mersch († 1600)
De Doalert yn syn wiidste omfieming en de ynpolderings dêrnei mei jiertal fan ynpoldering
East-Fryslân om 1600 hinne troch Ubbo Emmius

De namme Doalert (Dollard) komt foar it earst yn 1485 yn de kleasterkronyk fan Kleaster Aduard foar. De namme is nei alle gedachten ôflaat fan 'grut gat yn de grûn', 'dobbe', ‘kûle’ of faaks ‘deadekûle’ (dole). Rillegau waard dizze namme lykwols ferklearre út de dolle aard fan dit wetter, of sa't Ubbo Emmius sei, a fluctuum rabie (út it razen fan syn lilkens).

De Doalert is lykas de Jadeboezem it gefolch fan see-ynbraken yn de Lette Midsiuwen, dy't it oarspronklike feangea fuortspield hiene. Fan de troch Ubbo Emmius foarstelde opfetting dat de Doalert al yn 1277 ûntstie, is gjin histoaryske boarne oanwêzich. Ek dat er by de Twadde Sint-Marsellusfloed yn 1362 ûntstien wie, is net wis. It gebiet hie nei alle gedachten te lijen fan it ynklinken en it ôfsliten fan de feangrûn. It gebiet waard troch deReider Ie en de Munter Ae trochsnien. De Eastfryske skiedskriuwer Eggerik Beninga neamde dat wichtige silen (slûzen) by Reide yn 1413 fernield waarden troch tsierderijen, nei alle gedachten dy fan Skier en Fet. Mooglik hat de Sesiliafloed fan 21 novimber 1412 in grutte oarsaak west. Fiif jier letter berikte it wetter it doarp Blijham al. Dêrnjonken befêstigje archeologyske fynsten by Bad Nijeskâns, Vriescheloo en Scheemda dat dêr yn de fyftjinde iuw noch swietwetter te finen wie. Dêrfoaroer stie dat by Pogum al twahûndert jier earder in fegetaasje, dy't libbe yn in sâlt miljeu, wie.

De eastlike Doalertboezem waard yn de earste helte fan de fyftjinde iuw foarme . Al yn 1454 waard der in needdyk fan de Punt fan Reide troch it feangebiet nei Finsterwolde boud, dy't it Aldamt beskermje moast. De westlike boezem ûntstie nei alle gedachten nei 1460. Troch de twadde Kosmas- en Damianusfloed (1509) en dêrnei de Antoniusfloed fan 1511 krong it seewetter in ein it binnenlân yn.

Troch it ûntstean fan de Doalert en it trochbrekken troch de Iemsouwers ferdronken op syn minst tweintich karspels, en sa'n tsien oant fyftjin buorskippen en trije kleasters. In tolvetal tsjerken waarden sels ferhuze.

Jacob van der Mersch makke yn 1574 in yllustrearre kaart foar it stedshûs fan Emden, mar dat wie meast fantasy, want hy wie ynspirearre op Flaamske foarbylden.

It gefolch fan de Doalertynbraken wie, dat de rin fan de Iems feroare, en fierder fan Emden ôf begûn te lizzen. Foartiids rûn de Iems by de grêften fan Emden del, mar nei de stoarmfloed bûge de rin mear nei it suden ta. It skiereilân Nesserlân, dat foar Emden oer lei, waard dêrtroch in eilân en de noardlike rin ferslike hieltyd mear, dêrtroch't de tagong nei de haven fan Emden hieltyd slimmer waard. De stêd Emden besocht en bou yn 1581 in 4,5 km lange kearmuorre mei ikehouten heipeallen, de Nesserlanner Haad, om de rin fan de Iems te regeljen. Yn 1631 moast dat wurk wer opjûn wurde.

Salang't it skiereilân Nesserlân mei it fêstelân ferbûn wie, waard it floedwetter, oanjage troch hurde wyn, opstood yn de Doalertboezem. De see kaam sa fier as Wedderveer, Muntendam en Siddeburen. Nei it trochbrekken fan 1509 koe it wetter makliker de stream op oer de Iems fuort rinne en doe naam de druk op de Doalert ôf. Dêrtroch slike der grutte stikken lân oan en waard yn de sechtjinde iuw al úteinsetten mei it yndykjen fan de kwelders. De swiere, mar fruchtbere, Doalertklaai makke fan it Aldamt ien fan de rykste lânbougebieten fan Nederlân.

Nei stikmannich ynpolderjen tusken de sechtjinde en njoggentjinde iuw wie de Doalert oant in tredde fan syn oarspronklike omfieming slonken. De lêste ynpoldering oan de Dútske kant wie de Kanalpolder yn 1877 oan de eastkant, en oan de noardkant waarden tusken 1912 en 1923 de Wybelsumer en Larrelter Polder yndike. Oan de Nederlânske kant wiene dat de Johannes Kerkhovenpolder (1878), de Carel Coenraadpolder (1924) en de polder Breebaart (1979).

By leech wetter falt likernôch 78% fan de Doalert drûch as waad. Tusken dat waad en de seedyk yn is der yn it westen, suden en easten in seam drûchfallen waad dat 1100 bunder grut is en 100 oant 1200 meter breed is.

Ferdronken doarpen

bewurkje seksje

Ferdronken binne de karspels Kalentwalt (Coldeborgerfehn?), Haxenerwalt (Hatzumerfehn?), Ditzumerwold, Uterpogum, Utbeerte, de merkflekken Torum, Wilgum, Fletum, Berum, Easterreide, Westerreide, Up-Reiderwolde en Ut-Reiderwolde (mei in kapitteltsjerke), San(t)dorp, Stockdorp, Tijsweer, Zwaag, East-Finsterwolde, Ulsda, Megenham, Wynedaham, Houwingagast (Houwingahof), Houwingaham en faaks de net werom te kennen karspels Haxne, Siweteswere, Poel, Rodendebord und Katelmesinke.

Fierder de buorskippen Peterswere (Peterswolde), Dune Lee (Duinkerken by Marienchor?), Garmede, Wynham, Jarde (Bundergaarde), Bonewerda (Boen?), Ockeweer, Astock, Torpsen, De Lidden, Gaddingehorn, Fiemel en faaks Ayckaweren, Stoksterhorn, Exterhuis, Jansum und Homborg. En ta einbeslút Kleaster Palmar (Porta sancta Mariae), Easterreide en Menterwâlde (Campus Sylvae) mei it Kleasterfoarwurk De Olde Stoeve. Oer it bestean fan de doarpen Beda, Ludgerskerke, Osterbeerde, Maarhuisen en Markhuisen wurdt drúske, om't dy net yn histoaryske boarnen te finen binne.

Nesse, Kirchborgum (Huweghenborch), Bingum (Oengum) en it Kleasterfoarwurk Goldhoorn (by Finsterwolde) waarden mei fersin ta de ferdronken doarpen rekkene. Oare eardere feanterijdoarpen wiene mooglik al foar de Doalertynbraken ferlitten en harren nammen kamen efternei noch yn de list fan ferdronken doarpen foar.

Der waarden op syn minst santjin delsettings nei heger lân ferhuze: Marienchor (Critzumerwolde), Böhmerwold (wohl *Bentumerwolde), St. Georgiwold (Upwolde), Weenermoor, Boen (Bonewerda), Wymeer, Hamdyk (Houwingaham of Utham), Den Ham (Upham of Nijeham), Bellingwolde, Vriescheloo, Wynskoat-Sint-Fitusholt, Beerta, Oostwold, Midwolda, Scheemda, Meeden, Muntendam en faaks de foargongers fan Bunderhee en Blijham. De karspels Noardbroek en Súdbroek en mooglik it kleaster Dünebroek waarden al earder ferhuze.

Natuerbeskermingsgebiet

bewurkje seksje

It grutste part fan de Doalert is hjoed-de-dei in beskerme natuergebiet. Fan it Nederlânske diel is 3.846 bunder yn hannen fan Natuermonuminten en in part is fan it Grinslanner Lânskip, dy't ek it part fan Natuermonuminten beheart. It gebiet bestiet út kwelders, sliken en waad. It gebiet falt ûnder de Fûgel- en Habitatrjochtline en is boppedat ûnder de Natuerbeskermingswet pleatst.

Fan it Dútske part is sa'n 30% fan 1976 ôf in Ramsargebiet en fan 1980 ôf in Naturschutzgebiet, safier't it ûnder it distrikt Lier, Eastfryslân falt. Yn 1986 waard it as in JU-Fûgelbeskermingsgebiet oanwiisd. Fan 2000 ôf falt it gebiet ûnder it Nasjonaal Park Nedersaksyske Waadsee.

Beëasten Termunten wurdt de Doalert fan de Iems skaat troch it skiereilân Punt fan Reide. Yn de Doalert libje likernôch 160 seehûnen, dêr't de measten by de Punt fan Reide foarkomme.

It besjen wurdich

bewurkje seksje

By Pogum-Dyksterhusen is in âld boarplatfoarm yn de Doalert, dy't yn 1964 brûkt waard mei it proefboarjen nei ierdgas. Fan dat platfoarm ôf kin de gânse Doalert besichtige wurde. By floed kin der swommen en surft wurde, sûnder tafersjoch. It is it westlikste punt fan de gemeente Jemgum. Tagong mei de auto is mooglik oer in tagongsdyk, dêr't ek in grut parkearplak fan 9 oant 22 oere brûkt wurde kin.

Op it boareilân fynt elts jier it histoaryske slykslydzjen (Kreierrennen) plak. In slykslide waard eartiids troch fiskers brûkt om oer it Waad hinne te kommen. Hjoed-de-dei wurdt dy foarm fan fiskjen hast net mear dien.

De Ynternasjonale Doalertrûte is in fytsrûte fan 361 km om de Doalert hinne troch Nederlân en Dútslân.

 
Dútsk-Nederlânsk grinsskeel yn de Doalert

De grins fan Nederlân en Dútslân rint troch de Doalert, mar de twa lannen ferskille fan miening wêr't de wiere rin fan de grins is. Neffens Nederlân rint de grins fan Nieuwe Statenzijl rjocht nei de Iems en folget dêre it midden fan de stream. Neffens Dútslân is de folsleine Iems oant de westlike ouwer ta Dútsk grûngebiet.

Oant fier yn de Midsiuwen wie it hjoeddeistige gebiet fan de Doalert part fan de âlde Fryske goa Reiderlân en tsjerklik foel it ûnder de bisdommen Múnster en Osnabrück. De grins tusken it Reiderlân en it Aldamt waard foarme troch de rivier de Tsjamme en de Zijpe.

Noch foar it trochbrekken fan de Doalert waard it Reiderlân ferparte en foel it gebiet beëasten de Reider Ie oan it greefskip East-Fryslân. Mei hokker rjocht it Reiderlân ferparte waard is net beskreaun en bliuwt ûnbekend. Mooglik laten de tsierderijen tusken Skier en Fet yn de iere fyftjinde iuw ta dy ferdieling. De Reider Ie is it ferlinge part fan de Westerwâldske Aa en mûnet yn de Iems tichteby de Punt fan Reide. Yn 1427 waard dat ferpartsjen al neamd yn in soenbrief tusken de stêd Grins en de Reiderlânsk/Westerwâldske haadling Haye Addinga. Yn 1454 waard de Reider Ie as grins neamd fan it greefskip East-Fryslân en waard bekêftige troch keizer Freark III. Nei it trochbrekken fan de Doalert hold de Reider Ie suver in fêste rin, oant dy yn de iere achtjinde iuw nei it noardwesten begûn te ferskowen. Grins besocht de âlde rin yn stân te hâlden, mar East-Fryslân erkende lykwols de nije rin fan de Reider Ie.

Yn 1723 waard besletten de grins fannijs fêst te stellen yn de foarm fan in line yn noardlike rjochting en hâld de ferskiljende opfettings oer de rin fan de Reider Ie om utens. Der waarden stuitpeallen by Nieuwe Statenzijl yn noardnoardeastlike rjochting setten dy't de grins oanjûgen. Troch it wurkjen fan it wetter en it sliten waarden dy peallen net mear te betrouwen en bleau it bepalen fan de grins troch de achttjinde iuw hinne in swierrichheid.

Yn 1824 waard fannijs besocht de grins fêst te stellen tusken it Feriene Keninkryk fan de Nederlannen en it Keninkryk Hannover. Nei it fêstlizzen fan de grins ûntstie der in nij skeel om't Grins grûn yn eigendom miende te hawwen yn Hannover. De stêd Grins hie de rjochten op de Doalertgebieten ta him eigene nei in ferdrach oer it meitsjen fan de Reiderdiken yn 1545. It ûnbeskreaune gebiet oant de grins mei East-Fryslân soe ûnder de stêd falle. Fanwegen dat skeel waard de wiere grins nea bekrêftige troch Hannover en letter ek net troch Prusen en Dútslân. De mooglikheid en stel de grins foargoed fêst yn 1945 waard nea brûkt.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Karl-Ernst Behre: Landschaftsgeschichte Norddeutschlands. Wachholtz Verlag, Neumünster 2008, Siden 99 en 112