DeFriezen
DeFriezen wie in politike beweging dy't fan 2006 oant en mei 2011 bestien hat. Foarsitter fan de beweging wie Doede Damsma. De beweging die yn 2007 mei oan de Steateferkiezings fan de provinsje Fryslân.
Stânpunten
bewurkje seksjeDe fernijingsbeweging woe fan Fryslân in autonoom lân meitsje binnen it Keninkryk fan de Nederlannen en mear sizzenskip krije woe oer syn eigen takomst. Neffens Damsma moast Fryslân op mear foech ta. De beweging tocht dat Fryslân op dy wize in bettere sosjaal-ekonomyske posysje kriget. DeFriezen hold him fierders dwaande mei direkte demokrasy, de mooglike weryndieling fan Fryslân, de ynter-Fryske kontakten, ferbettering fan de ekonomy en de takomst fan de Ofslútdyk.
Skiednis
bewurkje seksjeOp 7 maart 2007 hie de beweging foar it earst oan de ferkiezings meidien. Dy dei hat deFriezen by de Provinsjale Steateferkiezings in lytse 1500 stimmen krigen, wat net genôch wie foar in sit. Yn de rin fan 2007 is der yn it Dútske Eastfryslân ek in susterôfdieling ûnder de namme "Die Friesen" oprjochte. Dizze groepering hat by de 'Landestagswahl' foar Nedersaksen likernôch 10.000 stimmen helle, net genôch foar in sit yn it dielsteatparlemint. Die Friesen waard yn 2009 lid fan de EFA. Yn july 2008 hie de fernijingsbeweging in totaalfisy oer de Ofslútdyk by Rykswettersteat presintearre. Dy fisy die mei yn de plannen fan Rykswettersteat, de beide provinsjes, de gemeenten Wûnseradiel en Wieringen en it regear.
De fernijingsbeweging hat yn 2010 in ûndersyk dwaan litten oft sy (wer) oan de Steateferkiezings fan Fryslân meidwaan moasten. Sa likernôch 37% fan de ynwenners fan Fryslân fûn dat de beweging meidwaan moast. De beweging hat dochs net meidien oan dy ferkiezings. Yn de maitiid fan 2011 hat it bestjoer besletten om de feriening op te heffen. Yn 'e simmer fan dat jier is dat bard. De webside fan deFriezen is in wykmannich letter ek ferdwûn.