CIOS
It Centraal Instituut Opleiding Sportleiders (CIOS) is in opliedingsynstitút dat troch in oantal MBU-skoallen oanbean wurdt. Sport en beweging is it wichtichste part fan de oplieding. De oprjochting fan it CIOS waard yn 1947 by wet regele; yn 1948 gie it earste CIOS iepen, yn Overveen. It CIOS kin tsjinje as foaroplieding op de ALO. De oplieding hat fiif festigings:
- Ryn Isel yn Arnhim
- ROC Seelân yn Goes
- ROC Nova Kolleezje yn Haarlim
- Fryslân Kolleezje yn It Hearrenfean
- Leeuwenborgh Opliedings yn Sitterd
In CIOS-diploma liedt op ta wurkjen yn tal fan fakgebieten. Bygelyks by bûtensportûndernimmings, handikapten- en âlderensoarch, definsje of by reisorganisaasjes.